[go: up one dir, main page]
More Web Proxy on the site http://driver.im/

Ljussens is in doarp yn de gemeente Noardeast-Fryslân. Ljussens leit noardlik fan Moarre, eastlik fan Nes, westlik fan Eanjum en besuden Peazens. Ljussens hat 390 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners. De doarpskearn fan Peazens leit benammen oan de Reinsleat, Doarpsstrjitte en Siniastrjitte.

Ljussens
"Hoek en Wâd", loswâl oan de eastkant fan it doarp
Emblemen
               
Bestjoer
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Noardeast-Fryslân
Sifers
Ynwennertal 390 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak 4,57 km²
lân: 4,52 km²
wetter: 0,04 km²
Befolkingsticht. 84 ynw./km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 22' N 6° 05' E
Offisjele webside
moarre-ljussens.frl
Kaart
Ljussens (Fryslân)
Ljussens

Mei Moarre foarmet Ljussens it twillingdoarp Moarre-Ljussens.

Opfallend is dat de terp fan Ljussens eastlik fan de tsjerke leit. De namme fan it hege stee wie Huickwert, letter troch de Ljussemers ferbastere ta 'Hoek en Wâd'. De kaart fan Schotanus lit sjen dat dy begjin 18e iuw al net mear beboud wie. Deselde Schotanus skriuwt ein 17e iuw ek: "plag de mond van de Paesens eertijds zo wijd en diep te zijn, dat men met carvielen en de andere grote schepen tot Lioessens kon invaren".

Ljussens waard neamd yn in brief fan de Utertske biskop David út 1480. Hy joech dêryn hear en master Botto, pastoar fan Eanjum en Johan, pastoar fan Ljussens, it foech om in útspraak oer in skeel tusken de hege hearen fan Easternijtsjerk en Ljussens te dwaan. Neffens de Tegenwoordige Staat van Friesland út 1786 is de tsjerke fan Ljussens ûntstien nei dat skeel. De Ljussemers besleaten doe om harren los te meitsjen fan it memmedoarp Easternijtsjerk.

Tusken Moarre en Ljussens waard yn 1915 it molkfabryk 'De Dongerdielen' stifte, dat yn 1973 sletten waard. Foaral oan de bou fan de direkteurswente en it kantoar waard omtinken jûn. Tsjintwurdich wurdt it kompleks renovearre en ferboud ta rekreaasjewenten. Fan 24 augustus 1913 oant 15 maaie 1935 hiene de doarpen Ljussens en Moarre in stasjon fan de tredde klasse oan it spoar tusken Eanjum en Dokkum. Sûnt 1933-1936 waarden der al gjin reizgers mear ferfierd, mar it stasjonsgebou is noch oanwêzich en docht hjoed-de-dei tsjinst as wenhûs en ek de namme "Stasjonswei" is oerbleaun.

Sûnt 2019 leit Ljussens yn de gemeente Noardeast-Fryslân, dêrfoar lei it yn de gemeente Dongeradiel en foar 1984 lei it doarp yn sawol de gritenij as de gemeente East-Dongeradiel.

Herfoarme tsjerke

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side Herfoarme tsjerke (Ljussens).
 
Petrustsjerke

Yn de toer fan de oarspronklik oan de apostel Petrus wijde herfoarme tsjerke sit noch 12-iuwsk mitselwurk fan dowestien. It 13e-iuwske part fan de tsjerke is noch it bêste te besjen oan de noardkant. Yn de 15e iuw is de tsjerke ferbrede en ferhege yn goatyske foarm. De klok mei reliëfs fan Sint-Petrus en Sint-Katarina is fan 1498.

De grifformearde tsjerke

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side Grifformearde tsjerke (Ljussens).

De tsjerke lykas dy der no stiet is fan 1927. De arsjitekt wie Ane Nauta. De grifformearde tsjerke is stifte yn 1851. It wie de ienige ôfskieden tsjerke yn East-Dongeradiel. Hoewol't in protte minsken yn de Dongeradielen sympatyk foar de ôfskieding oer stiene, fûnen hja de stap dochs te grut. It grutte brek is dan ek kommen mei de Doleânsje nei 1886. It oargel út 1876 is boud troch Lodewijk Ypma en yn 1932 yn de tsjerke set. It stie earder yn de Sint-Martinustsjerke fan Boalsert.

 
Himrik Ljussens mei Gerroltsma

Fan Ljussens wurde yn de 15e iuw twa states neamd. Gerroltsma lei op it plak dêr't de Dyksterwei einiget, oan de âld seedyk. Dijkstera lei ek oan dy seedyk, op de grins fan de himrikken fan Eanjum en Ljussens. Op beide plakken stiet hjoed-de-dei (2010) in kop-hals-romppleats.

 
Doarpskafee De Bûnte Bok

'De Stikel' is it mienskiplike doarpshûs fan Ljussens-Moarre. It stiet yn Moarre en it wie earder it herfoarme ferieningsgebou fan de frijsinnigen. De doarpskrante hjit 'Oer de Brêge'. Ljussens hat in kafee dat de namme 'De Bûnte Bok' draacht.

 
Grifformearde tsjerke
  • Herfoarme tsjerke Moarre-Ljussens (webstee)
  • Grifformearde tsjerke Moarre-Ljussens (webstee)
 
Skoalle mei de Bibel

De iennige skoalle fan Ljussens is in 'Skoalle mei de Bibel', 'De Griffel'. Ek bern fan Moarre geane nei 'De Griffel'.

  • Toanielferiening Mei nocht foar't ljocht
  • Muzykferiening Advendo Moarre/Ljussens (FB-side)
  • Keatsferiening Warber Bliuwe - Moarre/Ljussens (webstee)
  • Oranjeferiening (FB-side)
 
Masterspaad

Befolkingsferrin

bewurkje seksje
Jier 1954 1959 1964 1969 1974 2004 2007 2013 2014 2015
Ynwenners 624 572 537 485 458 ±400 387 344 349 355
Jier 2016 2017 2018 2019 2020 2021 2022
Ynwenners 345 345 350 365 375 380 380
  • De balke yn it doarpswapen stelt de dyk troch it doarp foar. De klavers komme fan it boerewapen fan Kornelis Folkerts, de foarfaar fan in hiel soad Ljussemer famyljes. De kaai is it symboal fan de tsjerkepatroan, de apostel Petrus.
  • De Skotske skriuwster Kate Ashton, dy't it boek 'Teatske Alzum har wrâld' skreau, hat hjir en yn Moarre in skoft taholden.
  • Skriuwer Anders Rozendal (*27 augustus 1946) hat ek in skoft yn Ljussens wenne.
  • Mei Ald en Nij 2007/2008 kaam it doarp yn 't nijs doe't jongelju aaien en blauwe farve smieten tsjin it hûs fan in ynwenster fan it doarp.
  • Op 13 jannewaris 2023 waard bekend makke dat út DNA-ûndersyk bliken dien hie dat in skiep by Ljussens deabiten wie troch de seldsume goudjakhals. [3]

Alddyk, De Kamp, Doarpsstrjitte, Dyksterwei, Garewei, Grytsjewei, Hoek en Waad, Masterspaad, Moarsterwei, Mûnehiem, Mûnewei, Reinsleat, Siniastrjitte, Tsjerkepaed.

Mear ynformaasje oer Ljussens is ek te finen ûnder Moarre.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. https://opendata.cbs.nl/statline
  2. https://opendata.cbs.nl/statline
  3. Omrop Fryslân, 13 jannewaris 2023

  Noardeast-Fryslân  
Stêd:
Dokkum
Doarpen en útbuorrens:
AldwâldBurdaardBlijeBoarnwertBoerumBrantgumEalsumEanjumEasternijtsjerkEastrumFeankleasterFerwertFoudgumGinnumHallumHantumHantumerútbuorrenHantumhuzenHegebeintumHolwertIeIngwierrumJannumJislumJouswierKollumKollumersweachLichtaardLytsewâldDe Lytse JouwerLjussensMarrumMitselwierMoarreModdergatMuntsjesylNesNijewierPeazensDe PompRaardReitsumDe SkânsSweagerboskTernaardDe TriemeWaaksensWânswertWarfstermûneWestergeastWetsensWierum
Buorskippen:
Ald TerpAldwâldmersylBartlehiem (foar in part) • BeintemahûsBetterwurdBoarnwerterhoekeBoarnwerthuzenBoatebuorrenBollingwierBrânbuorrenBûnte HûnDe DellenDykshoarneDokkumer Nije SilenEasterbeintumFarebuorrenFiifhuzen (Hallum)Fiifhuzen (Ternaard)FiskbuorrenFjildbuorrenGrut MidhuzenHallumerhoekeHanenburchHantumerhoekeHealweiHústernoardIesumasylJewierKeatlingwierDe KegenKletterbuorrenKollumer AldsylDe KolkKrabbuorrenLeechlânDe LeechteLyts MidhuzenLytse LeardLytse WierMeddertMûnebuorrenNijlânIt ParadyskeDe ReidswâlDe RypSânbultenSânhuzenSibrandahûsDe SkânsSkernehuzen't SkoarStienharstIt StienfekStiemTeardTeyebuorrenTergrêft (foar in part) • Ter LuneDe TibbenTilbuorrenTiltsjebuorrenTrijeboerehuzenWeardebuorrenWesterbuorrenWesternijtsjerkWieDe WygeastDe Wurden
  ·   · Berjocht bewurkje