[go: up one dir, main page]
More Web Proxy on the site http://driver.im/

East-Dongeradiel, ek stavere as Eastdongeradiel (Nederlânsk en offisjeel: Oostdongeradeel) wie in eardere gemeente yn it Noardeasten fan Fryslân, mei 6.367 ynwenners (1 jannewaris 1981),[1] en mei in oerflak fan likernôch 99 km².[2]

East-Dongeradiel

De buorskip Swarte Mosk, by Ealsum.
flagge wapen
lokaasje
polityk
lân Nederlân
provinsje Fryslân
sifers en geografy
haadplak Mitselwier
grutste plak Eanjum
ynwennertal 6.367 (1981)
befolkingstichtens 64,3 / km²
oerflak 99,00 km²
tal doarpen 13
skiednis
oprjochte 1851
oant 1851 Gritenij East-Dongeradiel
opheft 1984
opgien yn Dongeradiel
no part fan Noardeast-Fryslân
oar
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2

It oarspronklike Dongeradiel, rekke yn de 14e en 15e iuw opspjalten yn Dongeradiel by de eastside fan de Peazens (of Donger), en Dongeradiel by de westside fan de Peazens. Tsjin 1500 wienen dy twa siden ta de aparte gritenijen East-Dongeradiel en West-Dongeradiel wurden.

By de gemeentlike weryndieling fan 1 jannewaris 1984, waard Eest-Dongeradiel, mei West-Dongeradiel en Dokkum wer gearfoege ta ien gemeente Dongeradiel. Op 1 jannewaris 2019 gie Dongerdiel mei de buorgemeenten Ferwerderadiel en Kollumerlân op syn beurt op yn 'e nije fúzjegemeente Noardeast-Fryslân.

 
Eastdongeradiel, Schotanus/Halmakaart 1718

It haadplak wie Mitselwier, en de oare doarpen yn de gemeente wienen: Ealsum, Eanjum, Easternijtsjerk, Eastrum, Ie, Ingwierrum, Jouswier, Ljussens, Moarre, Nijewier, Peazens en Wetsens.

Ek it buorskip Bollingwier hearde ta East-Dongeradiel.

De grins fan East-Dongeradiel waard yn it noarden foarme troch de Waadsee. Yn it easten waard de gemeente beheind troch de Lauwerssee, en letter de Lauwersmar, mei oan de oare kant Grinslân. Yn it suden waard de gemeente beheind troch Dokkum en troch it Dokkumer Djip mei it Alddjip, mei dêroerhinne Dantumadiel en Kollumerlân. Yn it westen wie de Peazens mei de Alde Peazens de grins, mei dêroerhinnne West-Dongeradiel.

Untwikkeling ynwennertal

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Jansma, Klaas, Friesland en Zijn 44 Gemeenten, Ljouwert, 1981 (Frysk Deiblêd), ISBN 9 06 48 00 154, s. 53.
  2. Schroor, Meindert (haadred.), Nieuwe Encyclopedie van Fryslân, De Gordyk/Ljouwert, 2016 (Utjouwerij Bornmeer/Tresoar), ISBN 978-9 05 6153 755, s. 643.

             Provinsje Fryslân
Flagge fan de Provinsje Fryslân 
hjoeddeistige gemeenten
Achtkarspelen • It Amelân • Dantumadiel • Eaststellingwerf • Flylân • De Fryske Marren • Harns • It Hearrenfean • Ljouwert • Noardeast-Fryslân • Opsterlân • Skiermûntseach • Skylge • Smellingerlân • Súdwest-Fryslân • Tytsjerksteradiel • De Waadhoeke • Weststellingwerf
eardere gemeenten
Aenjewier (1851–1934) • Baarderadiel (1851–1984) • Barradiel (1851–1984) • It Bilt (1851–2018) • Boalsert (1455–2011) • Boarnsterhim (1984–2014) • Doanjewerstâl (1851–1984) • Dokkum (1298–1984) • Dongeradiel (1984–2019) • Drylts (1268–1984) • East-Dongeradiel (1851–1984) • Ferwerderadiel (1851–2019) • Frjentsjer (1374–1984) • (âld) Frjentsjerteradiel (1851–1984) • (nij) Frjentsjerteradiel (1984–2018) • Gaasterlân (1851–1984) • Gaasterlân-Sleat (1984–2014) • Haskerlân (1851–1984) • Hylpen (1372–1984) • Himmelumer Aldefurd (1851–1984) • Hinnaarderadiel (1851–1984) • Idaerderadiel (1851–1984) • Kollumerlân (1851–2019) • Lemsterlân (1851–2014) • Littenseradiel (1984–2018) • Ljouwerteradiel (1851–2018) • Menameradiel (1851–2018) • Nijefurd (1984–2011) • Raerderhim (1851–1984) • Skarsterlân (1984–2014) • Skoatterlân (1851–1934) • Sleat (1426–1984) • Snits (1292–2011) • Starum (1061–1984) • Utingeradiel (1851–1984) • Warkum (1399–1984) • West-Dongeradiel (1851–1984) • (âld) Wymbritseradiel (1851–1984) • (nij) Wymbritseradiel (1984–2011) • Wûnseradiel (1851–1984)
  ·   · Berjocht bewurkje