[go: up one dir, main page]
More Web Proxy on the site http://driver.im/

Teatske Alzum (Moarre, 29 oktober 1899 - Dokkum, 13 juny 1962) wie in winkelfrou en Frysktalich skriuwster út Moarre, Dongeradiel.

Teatske Alzum wenne har hiele libben yn Moarre. Dêr hie hja mei har suster, by wa't se ek ynwenne, in winkeltsje yn harren âlderlik hûs. Yn 't earstoan skreau hja yn it Nederlânsk. Yn de oarlochsjierren (WO II) folge se in kursus Frysk. Oer de skriuwerij yn it Frysk hat Alzum ris sein: 'Wat nuver dat men der mei pielt, net?'[1]

Har boeken ferskynden by de Kristlik Fryske Folksbibleteek (KFFB).

Publikaasjes

bewurkje seksje

Telefyzjespul

bewurkje seksje
  • Boete dwaen (1978). Bewurking fan trije ferhalen foar telefyzje yn opdracht fan de NCRV, rezjy Klaas Rusticus[2]

Oer Teatske Alzum

bewurkje seksje
  • Kate Ashton - Teatske Alzum har wrâld, mei in omstavere werprintinge fan 38 ferhalen (2004)
  • Reportaazje oer Teatske Alzum mei har suster Folkje Alzum en Ate Leegstra yn Moarre by Ljussens. - Ljouwert : Omrop Fryslân, 2009. Hjir:[1] te beharkjen.
  • Koart portret fan Teatske Alzum op de Fryske Jûn, NCRV-telefyzje, 8 novimber 1978.[3]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Ljouwerter Krante - Jacob Noordmans, 1 febrewaris 1964
  • Frysk Deiblêd - Bram Buruma, 19 jannewaris 2004
  • [2] Resinsje fan Iepen finsters Marten ten Hoor, Universiteit fan Alabama
  1. alzum Ljouwerter Krante 1 juny 1968
  2. alzum Ljouwerter Krante, 13 septimber 1977.
  3. alzum Ljouwerter Krante, 8 novimber 1978