[go: up one dir, main page]
More Web Proxy on the site http://driver.im/

Grut Midhuzen is in buorskip yn de gemeente Noardeast-Fryslân. Grut Midhuzen leit noardeastlik fan Dokkum en súdeastlik fan Mitselwier, tusken Jouswier en Ie. De bebouwing fan de buorskip leit oan de Humaldawei (N358) en in part oan Winia's Reed. Dy lêste wei en de Grienewei ferbine him mei de buorskip Lyts Midhuzen.

Grut Midhuzen, 2015

Tegearre wurde de twa ek wol oantsjut as Midhuzen. De twa wurde lykwols meastal as aparte buorskippen sjoen. Grut Midhuzen falt foar in grut part ûnder Ie, in lyts diel falt ûnder Jouswier.  

Earder leinen hjir de staten Mockema, Tyaarda en mear westlik Ald Holdinga.

Grut Midhuzen waard yn 1491 as Mydhusum neamd en yn 1511 as Midhusen en Mijdhusen. Dy nammen ferwize dernei dat Lyts Midhuzen doe noch net bestie. De plaknamme soe betsjutte kinne dat it in delsetting (huzen) wie dy't yn it midden (mid) tusken Jouswier en Ie lei.

Yn 1664 wie der wol sprake fan Cl. Medhuysen en ek fan Groot Medhuysen, wêrmei't it ûnderskied in feit wie. Yn 1786 waard it plak Gr. Medhuisen en yn 1861 Groot Medhuizen neamd. Yn 1899 is der sprake fan Medhuizen, dat wol ûnderferdield is yn Lyts en Grut Medhuizen. De tafoeging 'Groot' tsjut derop dat it in gruttere delsetting is as it letter ûntstiene Klein Medhuizen. Grut Midhuzen lei oant de gemeentlike weryndieling fan 1984 yn de doetiidske gemeente Eastdongeradiel. Dêrnei foel it oant 2019 ûnder de gemeente Dongeradiel, wêrnei 't dy opgie yn de gemeente Noardeast-Fryslân.

  Noardeast-Fryslân  
Stêd:
Dokkum
Doarpen en útbuorrens:
AldwâldBurdaardBlijeBoarnwertBoerumBrantgumEalsumEanjumEasternijtsjerkEastrumFeankleasterFerwertFoudgumGinnumHallumHantumHantumerútbuorrenHantumhuzenHegebeintumHolwertIeIngwierrumJannumJislumJouswierKollumKollumersweachLichtaardLytsewâldDe Lytse JouwerLjussensMarrumMitselwierMoarreModdergatMuntsjesylNesNijewierPeazensDe PompRaardReitsumDe SkânsSweagerboskTernaardDe TriemeWaaksensWânswertWarfstermûneWestergeastWetsensWierum
Buorskippen:
Ald TerpAldwâldmersylBartlehiem (foar in part) • BeintemahûsBetterwurdBoarnwerterhoekeBoarnwerthuzenBoatebuorrenBollingwierBrânbuorrenBûnte HûnDe DellenDykshoarneDokkumer Nije SilenEasterbeintumFarebuorrenFiifhuzen (Hallum)Fiifhuzen (Ternaard)FiskbuorrenFjildbuorrenGrut MidhuzenHallumerhoekeHanenburchHantumerhoekeHealweiHústernoardIesumasylJewierKeatlingwierDe KegenKletterbuorrenKollumer AldsylDe KolkKrabbuorrenLeechlânDe LeechteLyts MidhuzenLytse LeardLytse WierMeddertMûnebuorrenNijlânIt ParadyskeDe ReidswâlDe RypSânbultenSânhuzenSibrandahûsDe SkânsSkernehuzen't SkoarStienharstIt StienfekStiemTeardTeyebuorrenTergrêft (foar in part) • Ter LuneDe TibbenTilbuorrenTiltsjebuorrenTrijeboerehuzenWeardebuorrenWesterbuorrenWesternijtsjerkWieDe WygeastDe Wurden
  ·   · Berjocht bewurkje