[go: up one dir, main page]
More Web Proxy on the site http://driver.im/Springe nei ynhâld

Tjûmen

Ut Wikipedy
Tjûmen
Ferlossertsjerke
Ferlossertsjerke
Emblemen
               
Bestjoer
Lân Ruslân
Oblast (prov.) Tjûmen
Sifers
Ynwennertal 855.618 (2023)
Oerflak 490,82 km²
Befolkingsticht. 1.743,24 ynw./km²
Hichte 102 m (sintrum)
Oar
Stifting 1586
Tiidsône UTC +5
Simmertiid gjin simmertiid
Koördinaten 57° 09' N 65° 32' E
Offisjele webside
tyumen-city.ru
Kaart
Tjûmen (Ruslân)
Tjûmen

Tjûmen (Russysk: Тюмень) is in stêd yn West-Sibearje, Ruslân. It is it haadplak fan 'e oblast mei deselde namme en wat oerflak oanbelanget de grutste stêd fan Ruslân. It ynwennertal fan Tjûmen nimt tige hurd ta. Tjûmen leit oan it Trans-Sibearyske spoar en oan 'e rivier de Toera.

Tjûmen is de âldste stêd yn Sibearje en waard yn 1586 stifte as fort tsjin de steppenomaden. It lei net fier fan Tsjingi-Toera, de âlde haadstêd fan it troch de troepen fan de tsaar oermastere kanaat Sibir. De namme Tjûmen is ôflaat fan it troch de Russen oernommen Mongoalske begryp 'Tümen', dat 10.000 betsjut.

Sûnt de 17e iuw wie Tjûmen in belangryk oerslachpunt op de hannelswei fan Sibearje nei Sjina; Tjûmen waard in hannelssintrum dêr't ambachten bloeiden. Sûnt 1709 foel Tjûmen ûnder it gûvernemint Sibearje. It plak krige yn 1782 stedsrjochten en waar yn 1796 in ûjezd yn it gûvernemint Tobolsk.

Yn 'e 19e iuw kaam de skipfeart oer de Toera op gong ; ek krige de stêd in spoarferbining mei Jekaterineburch. Tjûmen koe him doe as in sintrum foar de skipsbou, houtferwurking en fiskerij ûntwikkelje. Ek de produksje fan kleden brocht in soad foarútgong. Alle jierren waard simmerdeis yn Tjûmen ien fan 'e grutste jiermerken fan Sibearje holden. De stêd waard yn 'e 19e iuw ek in tuskenstasjon foar ferballe minsken. Yn Tjûmen waarden se registrearre, ear't se trochstjoerd waarden nei it definitive plak yn Sibearje.

Yn 'e Twadde Wrâldkriich waard it balseme lichem fan Lenin út it Moskouse Lenin-mausoleum nei Tjûmen brocht. Op 14 augustus 1944 waard de stêd it sintrum fan 'e nij foarme oblast mei deselde namme.

De stêd groeide nei de Twadde Wrâldkriich tige hurd, fan minder as 80.000 yn it jier 1939 oant 475.000 yn it jier 1989. Oars as mei in soad oar stêden yn Ruslân, sette de groei fan it tal ynwenners ek troch nei de ûntbining fan de Sovjet-Uny.

Befolkingsferrin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier 1897 1939 1959 1970 1979 1989 2002
Ynwenners 29.544 79.205 150.195 268.526 358.992 476.869 510.719
Jier 2010 2019 2022
Ynwenners 581.907 788.666 828.600

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Tjumen