[go: up one dir, main page]
More Web Proxy on the site http://driver.im/Springe nei ynhâld

Russysk

Ut Wikipedy
Russysk
algemien
eigen namme русский язык
lânseigen yn Russyske Federaasje, foarmalige Sowjetrepubliken, foarmalige Warsjaupaktlannen, Israel, Mongoalje
tal sprekkers ca. 145 miljoen (memetaal praters);
ca. 110 miljoen (as twadde taal)
skrift it Sirillysk
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk
Balto-Slavysk
Slavysk
Eastslavysk
taalstatus
offisjele status Offisjeel yn Ruslân, Kazachstan, Kirgyzje, Wyt-Ruslân, Abchaazje en Transnystrje. Ien fan de wurktalen fan de Feriene Naasjes
taalkoades
ISO 639-1 ru
ISO 639-2 rus
ISO 639-3 rus

It Russysk (русский язык) is ien fan de grutste talen fan’e wrâld en de grutste kultuertaal yn Jeropa. It Russysk heart ta de Yndo-Jeropeeske taalfamylje. Binnen dizze taalfamylje heart it ta de Slavyske talen. It Russysk foarmet tegearre mei it Oekraynsk en it Wytrussysk de East-Slavyske taalgroep.

Status en geografyske fersprieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Russysk is de offisjele taal fan de Russyske Federraasje en ien fan de wurktalen fan de FN. Neist it Russysk wurdt yn Ruslân noch in hûnderttal oare talen sprutsen, wêrûnder Tsjetsjeensk, Tataarsk, Kirgizysk, Basjkiersk. Yn de Sovjet-Uny waard it Russysk as lingua franca brûkt; yn guon eardere Sovjetrepubliken hat de taal dy status noch altyd, mar net mear sa bot as doe.

Russysk wurdt yn Jeropa û.o. sprutsen yn Estlân (neist Estysk), Georgje (neist Georgysk, Abgazysk, Ossetysk, Armeensk en Turksk), Letlân (neist Letsk), Litouwen (tegearre mei Litousk en Poalsk), Moldaavje (neist Roemeensk, Oekraynsk, Bulgaarsk, Turksk en Gagaoezysk), Oekraïne (neist Oekraynsk, Krim-Tataarsk, Gagaoezysk, Roemeensk, Hongaarsk, Bulgaarsk, Poalsk, Dútsk, Sloveensk, Wytrussysk en Gryksk) en Wyt-Ruslân (neist Wytrussysk, Oekraynsk en Poalsk).

It Igorliet, ien fan de âldst bekende literêre Russyske teksten.

Hja geane der fan út dat yn it twadde millennium foar Kr. binnen de Yndo-Jeropeeske taalfamylje it Protoslavyske dialekt ûntstie, dat him losmakke hie út de Balto-Slavyske groep. Yn it earste millennium nei Kr. hat it Protoslavysk him transformearre yn it Oerslavysk. Yn de 6e-7e iuw foel de taal útien yn trije groepen dialekten: de East-Slavyske, de West-Slavyske en de Súd-Slavyske groep. Ut de East-Slavyske dialekten ûntstienen yn de 14e-15e iuw it Russysk (Grutrussysk), it Oekraynsk (Lytsrussysk) en it Wytrussysk. Yn de 16e-17e iuw ûntstienen der Noard- en Súd-Russyske dialekten en Middelgrutrussyske oergongsdialekten.

De âldste skriftlike boarnen yn de skiednis fan it Russysk binne de Kodeks fan Novgorod (earste kwart 11de iuw), it Ostromir-evangeelje (1056/57) yn it Tsjerkeslavysk en koarte brieven op bjirkebast (fan de 11de iuw ôf) yn Aldnovgorodsk dialekt. Yn de midsiuwen waard de diskrepânsje tusken skreaune en sprutsen taal hieltiten grutter, trochdat men yn de literatuer in argaysk Russysk brûken bleaun dat sterk leunde op it Tsjerkeslavysk, wylst de sprutsen taal him fierder ûntwikkele. It autobiografyske "Libben" fan aartspreester Avvakoem Petrov út de twadde helte fan de 17e iuw wie skreaun yn de sprutsen folkstaal en dêrmei it earste wurk fan de Russyske literatuer.

Wrâldwiid brûken fan it Russysk

Michail Lomonosov lei de grûnslach foar it moderne Russysk yn de twadde helt fan de 18e iuw; Nikolaj Karamzin skoep ein 18e iuw de literêre noarm wêrop Aleksandr Poesjkin fierder bouwe koe. De hjoeddeiske Russyske literêre taal is om 1800 hinne ûntstien op basis fan it Moskouske dialekt.

Yn it Russysk kin men in protte lienwurden fine út it Frânsk, Dútsk, Latyn en út Turkske talen, wêrûnder it Tataarsk. It Russysk hat in grutte ynfloed ûndergien fan it Tsjerkeslavysk, wat der ta laat hat dat noch altyd in soad saneamd Tsjerkeslavismen yn it moderne Russysk fûn wurde kinne.

It Russysk makket gebrûk fan in fariant fan it syrillyske alfabet, dat yn syn hjoeddeiske foarm bestiet sûnt 1918, doe’t it alfabet herfoarme waard en in pear lettertekens ôfskaft binne. De lêste grutte spellingherfoarming is trochfierd yn 1956. It hjoeddeiske Russyske alfabet hat 33 letters:

А а Б б В в Г г Д д Е е Ё ё Ж ж З з И и Й й
К к Л л М м Н н О о П п Р р С с Т т У у Ф ф
Х х Ц ц Ч ч Ш ш Щ щ ъ ы ь Э э Ю ю Я я

Fonetyk en fonology

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Russyske klanksysteem hat fiif klinkers en seisentritich bylûden. It Russyske klanksysteem hat twa kenmerkende eigenskippen: fokaalreduksje en in fonologyske opposysje tusken "hurde" en "sêfte" bylûden.

Hurde en sêfte bylûden

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De measte bylûden komme foar yn in saneamde hurde en sêfte (palatalisearre) fariant. It ferskil tusken hurd en sêft is betsjuttingûnderskiedend en wjerspegelet him yn de stavering. By de útspraak fan in palatalisearre bylûd beweecht de tonge him rjochting it hurde ferwulft (palatum), wêrtroch in lichte j-klank te hearren is. Sa klinkt de sêfte n lykas de nj (ɲ) yn it Fryske wurd "branje".

It beklamme wurdlid wurdt heallang útsprutsen, de ûnbeklamme wurdlidden koart. It wurdaksint hat yn it Russysk grutte gefolgen foar de útspraak; dit ferskynsel wurdt Fokaalreduksje neamd. Troch fokaalreduksje falt in oantal bylûden bûten de klam gear en wurde se minder prononsearre, "doffer" útsprutsen. Reduksje tredet nei hurde bylûden op by de /o/ en de /a/ (dy’t gearfalle oant [a] of [ə]); nei sêfte bylûden falle /e/, /a/ en /i/ gear ta in koarte i. De /u/ en de y kenne gjin reduksje.

Hoe fierder in bylûd fan it beklamme wurdlid ôf stiet, nammenste mear hy bleatsteld wurdt oan reduksje, lûden nei de klam wurde meastentiids folslein redusearre. Sa wurdt in ûnbeklamme o útsprutsen as [a] at hy flak foar it beklamme wurdlid stiet; stiet hy fierder fuort, klinkt hy as [ə]. It wurd молокó ("molke") wurdt sadwaande útsprutsen as [məla'ko], вóдка ("wodka") as ['votkə]. Lûden oan it begjin fan in wurd wurde lykwols net folslein redusearre: автомáт klinkt as [aftamat].

Stimhawwende en stimleaze bylûden

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Krekt as yn it Nederlânsk wurde stimhawwende bylûden oan’e ein fan in wurd stimleas; in wurd as хлеб (chleb, "brood") klinkt dêrtroch as chlep, юг (joech, "it suden") as joek.

As in stimhawwende en in stimleas bylûd botse tredet der saneamde regressive assimilaasje op (regressyf = fan efter nei foaren). Dit wol sizze dat de hiele kluster ofwol stimhawwend wurdt, ofwol stimleas, bepaald troch it lêste bylûd. Under de seksje fokaalreduksje hjirboppe binne al twa foarbylden te finen: dk (stimhawwend-stimleas) wurdt [tk] (stimleas) yn водка, vt wurdt [ft] yn автомат. Oare foarbylden binne с Борисом ("mei Boris"), wêryn’t sb (stimleas-stimhawwend) as [zb] (stimhawwend) útsprutsen wurdt, en отзыв (û.o. "reaksje"), wêryn’t tz ta dz assimilearre wurdt.

It Russysk is een taal dy’t frijwat fleksje ken; dit betsjut dat wurden feroarje neffens harren grammatikale funksje yn de sin. Hjir spylje de namfallen in kaairol. It hjoeddeiske Russysk hat seis namfallen: nominatyf, genityf, datyf, akkusatyf, ynstrumintalis en prepositionalis/lokatyf. It Russysk hat trije wurdgeslachten: manlik, froulik en ûnsidich, dy’t yn’e regel morfologysk markearre binne. Yn de ferbûging wurdt ûnderskied makke tusken de geslachten en tusken iental en meartal, wat resultearret yn in grut tal útgongen. It Russysk hat gjin lidwurden.

It Russyske tiidwurd hat trije tiden: de tsjintwurdige tiid, doetiid en takomstige tiid. De tsjintwurdige en takomstige tiid wurde bûgd mei persoan (1e, 2e, 3e) en getal; yn de doetiid wurdt ûnderskied makke tusken manlik, froulik, ûnsidich en meartal. Der binne twa typen bûgings, hoewol’t binnen dizze haadtypen ôfsûnderlike bûgings oanwiisd wurde kinne. It slimste ûndediel fan de Russyske grammatika is it saneamde aspekt. Men ûnderskiedet it ymperfektive en perfektive aspekt. De measte tiidwurden besteane yn twa farianten, in ymperfektive en in perfektive foarm, dy’t tegearre in aspektpear neamd wurde. It ymperfektive aspekt besjocht de hanneling op himsels, it perfektive aspekt besjocht de hanneling yn in kontekst fan sitewaasjewikseling of resultaat. As yllustraasje: it tiidwoord "iepenje" bestiet yn twa foarmen otkryvat' (ymperfektyf) en otkryt' (perfektyf). Yn de sin "Ja dolgo otkryval dver', no ne otkryl jejo" ("Ik wie lang dwaande de doar te iepenjen mar haw him net iepen dien") wurdt foar de handeling fan it iepenjen it ymperfektive tiidwurd brûkt en foar it oanjaan fan it weibliuwen fan resultaat - it perfektive tiidwurd.

It Russysk is in SVO-taal, hoewol’ t de wurdfolchoarder net strikt fêstleit. It Russysk brûkt de wurdfolchoarder om ynformaasje binnen de sin hiërargysk te strukturearjen; dit wurdt by fersin faak oansjoen foar in frijere wurdfolchoarder.

It wurdaksint yn it Russysk hat gjin fêste regels en is faak ûnfoarspelber, it kin binnen in bûging ferspringe.

Transliteraasje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De transliteraasje fan it Russyske nammen nei it Frysk giet sa:

Letter Transliteraasje
А а a
Б б b
В в v
Г г g
Д д d
Е е je / e, sjoch noat 1
Ё ё jo
Ж ж zj
З з z
И и i
Й й j
К к k
Л л l
М м m
Н н n
О о o
П п p
Р р r
С с s
Т т t
У у û (foar in r better: oe)
Ф ф f
Х х ch
Ц ц ts
Ч ч tsj
Ш ш sj
Щ щ sjtsj
Ъ ъ sjoch noat 2
Ы ы y
Ь ь sjoch noat 3
Э э e
Ю ю (foar in r better: joe)
Я я ja

noat 1: Е е: gauris transliterearre as 'e', mar faker eins de klank fan 'je' yn "jern" (dus bgl. we skriuwe "Aleksander", mar de útspraak is eins mear "Aljeksander")
noat 2: Ъ ъ = it hurdteken, dat komt foar dat de foarôfgeande konsonant palatalisearre wurdt; kin beskôge wurde as in stomme letter (palatalisaasje is koartsein dat der in j-klank efteroan komt, dus l-lj, m-mj, s-sj, ensfh.)
noat 3: Ь ь = it sêftteken, dat soarget foar palatalisaasje fan 'e foarôfgeande konsonant; meastal beskôge as in stomme letter, soms werjûn troch in 'j'

Yn it Jeropeeske diel fan Ruslân ûnderskiedet men trochstrings trije dialektgroepen: Noard-, Sintraal- en Súd-Russyske dialekten. Wêrby’t de Sintraal-Russyske dialekten as oergongsdialekten beskôge wurde omdat dizze én Noard- én Súd-Russyske eleminten yn har hawwe. Hoewol’t it areaal fan dizze dialekten tige grutte ôfmjittings hat, binne de ferskillen mei it Standertrussysk (de Moskouske noarm) net sadanich, dat dialektsprekkers ûnfersteanber binne foar ien út Moskou. Yn dit opsicht binne de ferskillen net sa grut as yn it Nederlânske taalgebiet, dêr’t in soad minsken muoite hawwe om bygelyks Grinslânsk of West-Flaamsk dialekt te ferstean. Middels unifikaasje troch it ûnderwiis yn de Sovjetperioade en de trek nei de stêden is der by in soad dialekten in seker ferfal yntreden; de jongste generaasje sprekt faak gjin suver dialekt mear, mar Standertrussysk mei dialekteleminten of mei in dialektsubstraat. Benammen op it mêd fan útspraak en yntonaasje besteane der oansjenlike ferskillen ten opsichte fan de Russyske standerttaal.

Noardrussyske dialekten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ten noardeasten fan de line Ladogamar-Novgorod-Jaroslavl treft men dialekten oan dy’t as belangrykste kenmerk okanje (оканье - "o sizze") hawwe: de ûnbeklamme o wurdt net redusearre, mar útsprutsen as [o] (sjoch de seksje fokaalreduksje). Fierders binne kenmerkend in gutturale g en in hurde t yn de útgong fan de tredde persoan (iental en meartal) fan it tiidwurd (oerienkommend mei de standerttaal). Under de Noard-Russyske dialekten ûnderskiedet men as subgroepen: de dialektengroep fan Ladoga en Tichvin, fan Kostroma, fan Vologda, fan Onega en fan Belozersk.

Oant ûngefear 1950 wykten de Noard-Russyske dialekten ek kwa leksikon sterk ôf fan wat men op oare plakken yn Ruslân spruts. Troch de isolearre lizzing fan in soad streken hienen benammen dizze dialekten in soad argaïsmen hâlden. De dialekten dy’t yn de Oeral sprutsen wurde kinne ek ta de Noard-Russyske groep rekkene wurde.

Sintraal Russyske dialekten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De noardlike grins fan harren areaal rint fan Sint-Petersburch oer Novgorod en Ivanovo oant Nizjni Novgorod en Tsjeboksary, de súdlike grins rint fan Velikije Loeki oer Moskou oant Penza. Dizze dialekten binne oergongsdialekten. Yn it easten wurdt in ûnbeklamme o as [o] útsprutsen, yn it westen as in [a]; dit ferskynsel wurdt akanje (аканье - "a sizze") neamd. Men ûnderskiedet de folgjende groepen: West-Sintraal-Russysk fan Pskov, West-Sintraal-Russysk fan Novgorod, East-Sintraal-Russysk fan Moskou en omkriten, East-Sintraal-Russysk fan Jegorevsk en omkriten, East-Sintraal-Russysk fan Temnikov en omkriten en East-Sintraal-Russysk fan it gebiet om Vladimir oant de Wolga.

Súdrussyske dialekten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De areaalgrins fan dizze dialekten besuden Velikije Loeki rint oer Rjazan oant Tambov. Yn dizze dialekten wurdt de ûnbeklamme a as in [a] útsprutsen, ken men in frikative g en in sêfte t yn de tredde persoan fan it tiidwurd, wêr’t de standerttaal in hurde t hat. Binnen dizze groep binne der trije subgroepen: de dialektengroep fan Rjazan, fan it Dnjepr-gebiet en fan Oskol.

Echt ôfwikende foarmen fan it Russysk fynt men benammen ûnder oare etnyske groepen yn de eartiidske Sovjet-Uny. Yn de tiid fan it keizerryk waard der út Moskou wei in agressive russifikaasjepolityk fierd, dy’t yn de Sovjettiid sa no en dan fuortset waard. Hjirfoar is it Russysk in soad te hearren yn benammen de stêden en ûnder de heech opliedene befolking. .Mei de Slavyske sustertalen it Wytrussysk en it Oekraysnk foarme it Russysk de mingtalen Trasjanka resp. Soerzjyk.

Wikselwurking mei it Nederlânsk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nederlânsk en Dútsk yn de Russyske taal

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Troch de ynteresse fan tsaar Peter de Grutte yn de Nederlânske skipfeart binne der meardere Nederlânske wurden (skipfearttermen) yn it Russysk belanne:

  • актёр (aktjor) – akteur
  • аптека (aptjeka) - apteek
  • балкон (balkon) - balkon
  • батат (batat) - patat
  • библиотека (bibliotjeka) – bibleteek
  • боцман (botsman) - boatsman
  • брюки (brjoeki – net mv.) - broek
  • ватерпас (waterpas) - wetterpas
  • галстук (galstoek = halsdoek) - strik
  • герцог (gertsog) – hartoch
  • кабельтов (kabeltof) – kabeltou
  • каюта (kajoeta) - kajút
  • контора (kantora) - kantoar
  • кафе (kafe) - kafee
  • кофе (kofe) - kofje
  • шлюз (sjljoez) - slús
  • шнур (sjnoer) - snoer
  • штевень (sjteven) - stjûn
  • киль (kil) - kyl
  • трюм (trjoem) - rom
  • мебель (mjebel) - meubels
  • мода (moda) - moade
  • музыкант (moezikant) - musikant
  • номер (nomer) - nûmer
  • пассажир (passazjir) - passazjier
  • результат (rezoeltat) - fertuten
  • роман (roman) - roman
  • спортзал (sportzal) - sportseal
  • стадион (stadion) - stadion
  • стул (stoel) - stoel
  • табак (tabak) - tabak
  • театр (teatr) - teater
  • трап (trap) - trep
  • университет (oeniwersitjet) - universiteit
  • фабрика (fabrika) - fabryk
  • фейерверк (fejerwerk) - fjoerwurk
  • ромп (romp) - romp
  • капитан (kapitan) - kapitein
  • штурман (sjtoerman) - stjoerman
  • трос (tros) - trosse
  • швабра (zwabbra) - swabber
  • флаг (flag) - flagge
  • флагшток (flagsjtok) – flaggestôk
  • шкипер (sjkiper) - skipper
  • школа (sjkola) – skoalle
  • штраф (sjtraf) - boete
  • норд (nord - skeepvaart) - noard
  • ост (ost - skeepvaart) - east
  • зюйд (zjoed - skeepvaart) - súd
  • вест (west - skeepvaart) – west
  • портрет (portret) - portret
  • студент (stoedent) - studint
  • банкрот (bankrot) - bankrot
  • реклама (reklama) – reklame
  • прейскурант (preiskoerant) - priislist
  • мачта (matsjta) - mêst
  • вымпел (vympel) - wimpel
  • матрос (matros) - matroas
  • якорь (jakor) - anker


Der is ek in oantal Dútske wurden yn de Russyske taal terjochte komd:

  • Schlagbaum - шлагбаум
  • Rucksack - рюкзак
  • Butterbrot (Dútsk: stik bôle) - бутерброд
  • Perückenmacher (Dútsk: prúkmakker) - парикмахер (kapper)

Russyske wurden yn it Frysk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der binne ek inkele Russyske wurden yn it Frysk terjochte komd. Dit binne benammen wurden dy’t mei typysk Russyske saken te krijen hawwe, mar net allinnich dêrtroch:

  • Mat (obsene folkstaal fan it Russysk)

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]


Wikipedia
Wikipedia
Dizze taal hat syn eigen Wikipedy. Sjoch de Russyske ferzje.