[go: up one dir, main page]
More Web Proxy on the site http://driver.im/Springe nei ynhâld

Raard

Ut Wikipedy
Raard
Doarpsterp mei Jehannestsjerke
Doarpsterp mei Jehannestsjerke
Emblemen
               
Bestjoer
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Noardeast-Fryslân
Sifers
Ynwennertal 205 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak 3,28 km²
- lân: 3,22 km²
- wetter: 0,06 km²
Befolkingsticht. 65 ynw./km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 19' N 5° 56' E
Offisjele webside
Side Raard
Kaart
Raard (Fryslân)
Raard
Dizze side giet oer Raard yn de gemeente Noardeast-Fryslân. Foar Raerd yn de gemeente Súdwest-Fryslân, sjoch: Raerd.

Raard is in doarp dat yn de gemeente Noardeast-Fryslân leit. Raard leit noardlik fan Sibrandahûs, eastlik fan Lichtaard, westlik fan Boarnwert en besuden Foudgum. Raard hat 205 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners. De doarpskearn fan it doarp leit op de terp fan Raard.

Fanâlds wurdt Raard rekkene ta de Holwerter Seis.

Raard is in âld doarp. Der wurdt tocht dat hjir al inkele iuwen foar it begjin fan de jiertelling minsken wenne hawwe. De terp is foar in part ôfgroeven. Oan de noardkant, by de om 1870 hinne oanleine Van Kleffenswei nei Lichtaard, is dat hiel dúdlik te sjen. Der kaam sa romte foar in iisbaan. Raard kin ferskate betsjuttings hawwe: it kin 'reade terp' betsjutte; oaren tinke oan it âlde Fryske wurd 'hrriäd' dat yn it Nijfrysk 'reid' betsjut: 'reidterp'. In mooglikheid is ek Runwerd, wat 'beskutting tsjin it rinnende wetter' betsjutte kinne soe. It soe ek noch kinne dat de namme ôflaat is fan it wurd 'rad' dat folksgearkomste betsjut. Dat soe der op wize kinne dat der in âlde tiden rjocht sprutsen waard yn Raard. [boarne nedich]

Jehannes de Dopertsjerke (út it noardeasten wei)

De âlde doarpstsjerke wie wijd oan Jehannes de Doper. De toer is yn 1807 boud. De tsjerke sels is romaansk en moat yn de 13e iuw boud wêze. It koar is it âldste part. Yn 'e tsjerke lizze grêfsarken en op it tsjerkhôf is in sark út 1662 fan Eelco Clasen toe Spryens.
De Raarder tsjerke is oerdroegen oan de Stifting Alde Fryske Tsjerken. Oant 2018 siet it OerKa Museum yn de tsjerke. De keunstneresse Irene Verbeek brûkte it gebou foar it eksposearjen fan har wurk.

Op 1 jannewaris 2013 waard de mienskip fan Raard troffen troch in slim ûngemak. Yn it tsjuster fan 'e nacht botste in auto op de minsken by de nijjiersbrân. Sa'n 13 minsken rekken ferwûne, dêr't ien fan yn it sikehûs ferstoar.

Sûnt 2019 leit Raard yn de gemeente Noardeast-Fryslân, dêrfoar lei it yn de gemeente Dongeradiel en foar 1984 lei it doarp yn sawol de gritenij as de gemeente West-Dongeradiel.

Doarpswapen en -flagge

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it doarpswapen komt it findel fan Jehannes de Doper foar, de patroanhillige fan Raard. De letter W en it klaverblêd binne oernommen fan it wapen fan de famylje Van Kleffens. De streek troch it wapen en de flagge tsjut oan dat Raard tsjin de grins fan de gemeente oan leit.

Raard by it lêste ljocht fan de ûndergeande sinne
Terp en pleats oan de Van Kleffenswei

It doarpshûs hjit de 'Nije Pôle', it wurdt brûkt troch de feriening foar Doarpsbelang Boarnwert-Raard.

De Marthatsjerke
De Wikipedy hat ek in side Marthatsjerke (Raard).
De Wikipedy hat ek in side Jehannes de Dopertsjerke (Raard).

De PKN-gemeente Meiïnoar Ien Raard-Foudgum e.o. makket gebrûk fan de eardere grifformearde Marthatsjerke, dy't yn 1916 boud waard neffens in ûntwerp fan Ane Nauta. De eardere herfoarme tsjerke wurdt net mear brûkt foar de earetsjinst en waard oerdroegen oan de Stifting Alde Fryske Tsjerken.

Befolkingsferrin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier 1954 1959 1964 1969 1974 2004 2013 2014 2015
Ynwenners 211 180 177 206 194 240 225 225 225
Jier 2016 2017 2018 2019 2020 2021 2022
Ynwenners 225 220 215 215 220 215 210
  • De predikant en dichter François Haverschmidt, better bekend ûnder syn skûlnamme Piet Paaltjens, wie yn Raard predikant yn de perioade dat hy deselde funksje ek hie yn Foudgum.
  • Oan de dyk nei Lichtaard lizze twa monumintale pleatsen, de Noard en de Súd Kleffens. De Van Kleffens hawwe lang foar master opslein yn Raard. Sawol yn it doarp as de gritenij spilen se net swak by. Letter hawwe se ek harren ynfloed yn Dokkum hân; ûnder de Dokkumer boargemasters en wethâlders wie gauris in Van Kleffens. Eelco Nicolaas van Kleffens waard minister fan Bûtenlânske Saken yn it kabinet-Gerbrandy.
  • Raard hat fjouwer ryksmonuminten: de Jehannes de Dopertsjerke, de Marthatsjerke, de doarpsterp en de terp by de Van Kleffenswei 19.[3]
  • Oan de Dokkumer Ie stiet in Alvestêdebyld fan keunstner Evert van Hemert.

Bannerhûs, De Buorren, De Tange, It Fintsje, Lindeleane, Lytse Buorren, Spriens, Van Kleffenswei.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Noardeast-Fryslân
Stêd:
Dokkum
Doarpen en útbuorrens:
AldwâldBurdaardBlijeBoarnwertBoerumBrantgumEalsumEanjumEasternijtsjerkEastrumFeankleasterFerwertFoudgumGinnumHallumHantumHantumerútbuorrenHantumhuzenHegebeintumHolwertIeIngwierrumJannumJislumJouswierKollumKollumersweachLichtaardLytsewâldDe Lytse JouwerLjussensMarrumMitselwierMoarreModdergatMuntsjesylNesNijewierPeazensDe PompRaardReitsumDe SkânsSweagerboskTernaardDe TriemeWaaksensWânswertWarfstermûneWestergeastWetsensWierum
Buorskippen:
Ald TerpAldwâldmersylBartlehiem (foar in part) • BeintemahûsBetterwurdBoarnwerterhoekeBoarnwerthuzenBoatebuorrenBollingwierBrânbuorrenBûnte HûnDe DellenDykshoarneDokkumer Nije SilenEasterbeintumFarebuorrenFiifhuzen (Hallum)Fiifhuzen (Ternaard)FiskbuorrenFjildbuorrenGrut MidhuzenHallumerhoekeHanenburchHantumerhoekeHealweiHústernoardIesumasylJewierKeatlingwierDe KegenKletterbuorrenKollumer AldsylDe KolkKrabbuorrenLeechlânDe LeechteLyts MidhuzenLytse LeardLytse WierMeddertMûnebuorrenNijlânIt ParadyskeDe ReidswâlDe RypSânbultenSânhuzenSibrandahûsDe SkânsSkernehuzen't SkoarStienharstIt StienfekStiemTeardTeyebuorrenTergrêft (foar in part) • Ter LuneDe TibbenTilbuorrenTiltsjebuorrenTrijeboerehuzenWeardebuorrenWesterbuorrenWesternijtsjerkWieDe WygeastDe Wurden
· · Berjocht bewurkje