Sibrandahûs (Dantumadiel)
Sibrandahûs | ||
Kleasterkapel | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Dantumadiel | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 42 [1] | |
Oerflak | 3,57 km², wêrfan: - lân: 3,47 km² - wetter: 0,09 km² | |
Befolkingsticht. | 12 ynw./km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 18' N 5° 56' E | |
Lokaasje Sibrandahûs yn de gemeente Dantumadiel | ||
Kaart | ||
Sibrandahûs is in buorskip dat yn de gemeente Dantumadiel leit. De kearn fan Sibrandahûs leit oan de Burdaarderstrjitwei, noardlik fan Rinsumageast, noardeastlik fan Burdaard, westlik fan Dokkum en besuden Raard. Yn 2022 hie Sibrandahûs 42 ynwenners. De bebouwing fan Sibrandahûs leit oan de Burdaarder Strjitwei.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens kaarten út de 18e en 19e iuw hat Sibrandahûs nea mear west as wat pleatsen en in pear gebouwen by de tsjerke. Njonken de tsjerke stie eastlik it Sibrenshûs (ek de Sterkenburg of Starkenborch), dat al ier ôfbrutsen waard. Wis is dat foar 1700 it hûs al net mear bestie; op de kaart fan Schotanus waard yn 1785 allinne noch de wier yntekene, mar dy wie by de kaart fan Eekhoff yn 1847 ek al ferdwûn.[2] Under it koar fan de tsjerke leit in grêfkelder fan de famylje Tjaerda fan Starkenborch, wêrfan't it neiteam sûnt de 16e iuw yn it Grinslanner Leens wenne.
Oant yn 1915 wie it doarp allinne oer it bochtige paad fan de Trekwei te berikken. Yn dat jier waard de Burdaarderstrjitwei tusken Dokkum en Burdaard oanlein.
Tsjerke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Wikipedy hat ek in side Kleasterkapel Sibrandahûs.
De kleasterkapel Sibrandahûs datearret út de 13e iuw. Der wurdt wol ornearre dat de kapel ûntstie as úthôf fan it Kleaster Klaarkamp by Rinsumageast, mar dat kleaster stie mar 1.100 meter fierderop en dêrom soe it mear foar de hân lizze dat de bewenners fan it Sibrenshûs de tsjerke stifte ha.[3]
Fral de noardlike kant fan de tsjerke hat ryk fersierd muorrewurk. Yn it tsjerkje wurde geregeld konserten jûn.
Oars
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Súdeastlik fan Sibrandahûs stiet de Klaarkampstermûne. Westlik fan de kearn stiet in Amerikaanske wynmotor.
Befolkingsferrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jier | 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1974 | 2005 | 2014 | 2022 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 123 | 101 | 110 | 77 | 57 | 57 | 45 | 42 |
Strjitten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Burdaarderstrjitwei - Iewâl - Trekwei.
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Alde Trekwei
-
Hûs by de Tsjerke
-
Burdaarderstrjitwei
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Dantumadiel | ||
---|---|---|
Doarpen en útbuorrens: Broeksterwâld • Damwâld • Driezum • De Falom • Feanwâlden • Feanwâldsterwâl (foar in part) • Rinsumageast • Readtsjerk • Sibrandahûs • Wâlterswâld • De Westereen | ||
Buorskippen: Kûkherne (foar in part) • Eastwâld | ||
Eardere doarpen: Dantumawâld • Ikkerwâld • Moarrewâld | ||
· · |