[go: up one dir, main page]
More Web Proxy on the site http://driver.im/Springe nei ynhâld

Ferapontovkleaster

Ut Wikipedy
Ferapontovkleaster

Ферапонтов Белозерский монастырь

Lokaasje
lân Ruslân
oblast Vologda
rajon Kirillov
plak Ferapontovo (23 km noardeastlik fan Kirillov)
koördinaten 59° 57' N 39° 34' E
Kleastergegevens
denominaasje Russysk-Otterdokse Tsjerke
oprjochting 1398 (stifting)
Ynformaasje bou
monumintale status Kultureel monumint fan federaal belang
monumintnûmer 531420022730006
Webside
(ru) dionisy.com
Kaart
Ferapontovkleaster (Jeropeesk Ruslân)
Ferapontovkleaster

It Ferapontovkleaster (Russysk: Ферапонтов Белозерский монастырь) is in otterdoksk kleaster yn Vologda, Ruslân. It kleaster wurdt beskôge as ien fan de moaiste foarbylden fan midsiuwske Russyske boukeunst en waard yn 2000 ynskreaun op de list fan it wrâlderfgoed fan UNESCO.

It kleaster waard yn 1398 stifte troch de hillige Ferapont yn it ûnherberchsume noarden fan Ruslân, eastlik fan it Kirillo-Belozerskikleaster. It krige namme ûnder it bestjoer fan de hillige Martinian, dy't letter yn 1447 oerste waard fan it Trije-ienheid-Sergius Lavra.

Fresko's katedraal

It âldste bouwurk, de 'Katedraal fan de Berte fan de Jongfaam' (1490), waard fan bakstien boud troch boumasters út Rostov. De muorren fan de katedraal binnen hielendal beskildere mei fresko's fan de midsiuwske master Dionisius, dy't meiïnoar 600 m² beslaan. De fresko's fan de katedraal binne de iennige muorrebeskilderingen fan Dionisius, dy't oant hjoeddedei yn de oarsponklike foarm folslein bewarre bleaun binne.

Yn de jierren 1530 waarden in skatkeamer, in refektoarium en de 'Tsjerke fan de Ferkundiging' mei in klokketoer tafoege. Yn dizze tiid hie it kleaster profyt fan in rige privileezjes, dy't troch Ivan de Ferskriklike jûn wiene. Ta it kleaster hearden sa'n sechtich doarpen yn 'e omkrigen en de tsaar sels kaam ek regelmjittich as pylger nei it kleaster.

De Poalen ferwoastgen it kleaster yn de Tiid fan Unstjoer. Tidens de weropbou fan it kleaster waarden de lêste bouwurken oan it kompleks tafoege: de tintfoarmige 'Tsjerke fan de Hillige Martinian' (1641), twa poarte-tsjerken (1650) en in klokketoer (1680). De klok fan de klokketoer besit it âldste klokkemechanisme fan Ruslân.

Yn in tiid dat it religieuse belang fan it kleaster fermindere, waard it in plak fan ferballing foar wichtige geastliken, lykas patriarch Nikon. De Hillige Synoade liet it kleaster yn 1798 slute. It waard yn 1904 op 'e nij as in kleaster foar froulju iepene, mar al tweintich jier letter yn 1924 troch de Sovjet-autoriteiten sletten.

Yn 1975 krige it kleaster de bestimming fan museum. Sûnt 1991 foarmet it museum diel fan it Nasjonale Park "Russyske Noarden" (Русский Север).

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Kloster_Ferapontow