[go: up one dir, main page]
More Web Proxy on the site http://driver.im/Springe nei ynhâld

Toarnroaske

Ut Wikipedy
Toarnroaske
algemiene gegevens
oarspr. titel La Belle au Bois Dormant
auteur Charles Perrault
taal Frânsk
foarm koart ferhaal
sjenre mearke
1e publikaasje 1697, Parys
bondel Contes de Ma Mère l'Oye
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Toarnroaske
publikaasje 1985, Ljouwert
útjouwer Afûk
oersetter Jant Visser-Bakker
ISBN oers. 9 06 27 32 321

Toarnroaske, yn it oarspronklike Frânsk: La Belle au Bois Dormant en Dútsk: Tornröschen (Nederlânsk: Doornroosje; Ingelsk: Sleeping Beauty; Italjaansk: Sole, Luna e Talia), is in iuwenâld mearke dat û.m. optekene is troch Charles Perrault yn syn Contes de Ma Mère l'Oye ("Ferhalen fan Us Mem de Goes") en de bruorren Grimm yn harren Kinder- und Hausmärchen ("Berne- en Hûsmearkes"). Hoewol't der in stikmannich ûnderskate foarmen fan besteane, is de ynkoarte ferzje fan 'e bruorren Grimm, letter oernommen troch de Walt Disney-studio's, fierwei it bekendst. It is dy foarm dy't yn 1985 troch Jant Visser-Bakker oerset is yn it Frysk as ûnderdiel fan 'e samling De Moaiste Mearkes 2, neffens de útjefte Die Schönsten Märchen der Brüder Grimm (dat in oanpassing fan 'e oarspronklike tekst nei modern Dútsk ta is troch Margrit Weber). Yn 2012 is dyselde ferzje fan Toarnroaske op 'e nij oerset nei it Frysk troch Anne Tjerk Popkema, as ûnderdiel fan 'e samling Mearkes fan Grimm.

Ynhâld (ferzje fan de bruorren Grimm)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de berte fan in langferwachte prinseske rjochtet har heit, de kening, in grut feest oan. Dêrta nûget er alle lju fan kwizekwânsje yn it lân út, mei dêrûnder ek de feeën (of wize froulju). Mar om't der trettjin feeën binne en de kening mar tolve goudene itensboarden hat, kinne der fan harren mar tolve komme. Nei't it feest mei alle pracht en preal fierd is, jouwe alle feeën it prinseske in rynsk geskink troch in foarsizzing te dwaan. De earste foarseit dat it berntsje skielk tige deugdsum wêze sil, de twadde dat hja tige tsjep wurde sil, de trêde dat se hiel ryk wurde sil, ensfh. As alve fan 'e tolve sa'n foarsizzing dien hawwe, fljocht ynienen de doar iepen en komt de fee deryn dy't net útnûge is. Dy is dêr sa lulk oer dat se foarseit dat it prinseske har op har fyftjinde jierdei oan in spintuolle pripkje sil en dan dea delfalle. As de boaze fee har wer ôfjûn hat, komt de lêste fan 'e tolve útnûge feeën nei foarren. Dy kin de foarsizzing dy't krekt dien is net wjerlizze, mar wol fersêftsje, dat hja foarseit dat it inkeld lykje sil as falt it prinseske dea del, mar yn wurklikheid sil se hûndert jier sliepe. Nei ôfrin fan it feest leit de kening it near op spintuollen, en dy wurde yn it hiele lân yn beslach nommen en ferbaarnd, sadat der net ien oerbliuwt.

De prins fynt de sliepende Toarnroaske.

Op har fyftjinde jierdei doarmet de prinsesse wat yn it kastiel om, en úteinlik belânet se yn in ôfhandich keammerke boppe yn in toer, dêr't in âldwyfke sit te spinnen. De prinsesse sjocht dêr in spintuolle, in ding dat se noch nea earder sjoen hat, dat se pakt it op en pripket har yn 'e finger. Op datseldichste stuit falt syn yn in djippe sliep, en mei har it hiele kastiel mei alle folk deryn, fan 'e kening oant de minste tsjinstfeint, mei hynders en hûnen en al, ja, sels oan 'e miggen op it lewant ta. Dan waakst der in hege toarnhage om it hiele kastiel hinne, sa heech dat er sels boppe de heechste tuorren útkomt. De rop giet troch it lân dat der efter dy hage in tsjeppe betsjoende prinsesse yn 'e sûs leit dy't wachtet om rêden te wurden, dat de iene nei de oare dappere prins besiket om him mei syn swurd in paad troch de hage te houwen, mar se komme allegear fêst te sitten yn 'e toarnen en kinne net wer loskomme, en bliede dea of ferhongerje.

Hûndert jier geane foarby, oant op in dei in knappe, moedige prins it ferhaal fan 'e betsjoende prinsesse heart fan in âldman dy't it sels wer fan syn pake hat. De prins beslút om 'e prinsesse, dy't ûnderwilens fanwegen de hage Toarnroaske neamd wurdt, te rêden, en de âldman kin it him net ûntprate. Mar as de prins him mei syn swurd in paad klearje wol troch de hage, binne krekt de hûndert jier om, dat de hage feroaret yn in muorre fan bluossems dy't him sûnder wjerstân trochlit. De prins giet it kastiel yn en fynt yn it keammerke heech yn 'e toer Toarnroaske. As er har tutet, wurdt se krekt op dat stuit wekker, en mei har it hiele kastiel. Dan wurdt der op 'e nij in grut feest fierd, en Toarnroaske en de prins trouwe op slach en libje noch lang en lokkich.

De orizjinele ferzje fan it Toarnroaske wie langer. Dêryn trouwe Toarnroaske en de prins yn it geheim, want de styfmem fan 'e prins is in meunster of in reuzinne, dy't sels op 'e troan longeret. De prins besiket Toarnroaske temûk en hja kriget twa bern, dy't Sinne en Moanne (yn 'e ferzje fan Giambattista Basile) of Dage en Dei (yn 'e ferzje fan Charles Perrault) hjitte. As de prins nei syn heite dea de troan erft, mient er dat syn styfmem him net mear dwerseidzje kin, en presintearret er Toarnroaske oan it lân as syn keninginne. Mar de meunsterlike styfmem nimt Toarnroaske en har bern mei nei in ôfhandich hûs yn 'e bosk en jout dêr har kok opdracht om it jonkje (Sinne of Dage) te slachtsjen en de jûns oan har op te tsjinjen.

De kok, dy't begrutsjen mei it jonkje hat, tsjinnet har lykwols ynstee in laam op. De oare deis wol se it famke (Moanne of Dei) hawwe, en dan tsjinnet de kok har ynstee in geitsje op. De deis dêrop wol se Toarnroaske sels opite, mar de kok set har in hine (wyfkeshart) foar. Hoewol't se earst mient dat no sawol Toarnroaske as dy har beide bern bepluze hat, ûntdekt de styfmem al rillegau dat se bedragen is. Dêrop graaft se by it hûs in djippe kûle dy't se foldocht mei njirren en oare giftige slangen. It is har bedoeling om Toarnroaske en de beide bern dêr yn te smiten, mar de kening arrivearret krekt op 'e tiid en ynstee fan Toarnroaske en de bern bedarret de styfmem sels yn 'e kûle, dêr't se deabiten wurdt troch de slangen. Dêrnei libje de kening en syn gesin noch lang en lokkich.

In stânbyld yn it Dútske Wuppertal.

Toarnroaske is in withoe âld mearke, dat oan it begjin fan 'e santjinde iuw foar it earst optekene waard troch Napolitaanske ofsier en oerheidsfunksjonaris Giambattista Basile, yn syn Lo Cunto de li Cunti ("It Ferhaal der Ferhalen"), better bekend as de Pentamerone, dy't postúm publisearre waard yn 1634. Yn Basile syn ferzje, mei as titel Sole, Luna e Talia ("Sinne, Moanne en Talia"), hjit Toarnroaske fan Talia. Yn 1697 waard it ferhaal op 'e nij op skrift steld, diskear troch de Frânske skriuwer Charles Perrault, as ûnderdiel fan dy syn samling Histoires et Contes du Temps Passé, avec des Moralités: Contes de Ma Mère l'Oye ("Stoarjes en Ferhalen út Ferfleine Tiden, mei Moralen: Ferhalen fan Us Mem de Goes"). By Perrault hjitte it mearke La Belle au Bois Dormant ("De Tsjeppe Faam Dy't yn 'e Bosk Sliepte"), mar bleau it personaazje fan Toarnroaske fierders anonym.

Sawol de ferzje fan Basile as dy fan Perrault omfetten beide boppesteande parten fan it ferhaal, mar doe't de bruorren Jacob en Wilhelm Grimm it yn 1812 as Dornröschen opnamen yn harren Kinder- und Hausmärchen ("Berne- en Hûsmearkes"), brûkten se inkeld it earste part. Guon folkloristen miene dat it earste en twadde part oarspronklik twa ûnderskate mearkes west hawwe, dy't troch Basile trochinoar mjukse wiene, wat Perrault neitiid fan him oernaam. De bruorren Grimm soene it yn dizze optyk wer werombrocht hawwe yn 'e âlde styl.

Der binne fan Toarnroaske withoefolle adaptaasjes makke ta oare media, mei dêrûnder romans, poëzij, stripferhalen, toanielstikken, musikals, films, tekenfilms, tillefyzjesearjes en muzyk. De bekendste adapaasje is sûnder mis de tekenfilm Sleeping Beauty, dy't yn 1959 útbrocht waard troch de Walt Disney-studio's.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Grimm, Jacob en Wilhelm, De Moaiste Mearkes 1 (oers. J. Visser-Bakker), Ljouwert, 1983 (Afûk), ISBN 9 06 27 32 321.
  • Grimm, Jacob en Wilhelm, Mearkes fan Grimm (oers. A.T. Popkema), De Gordyk, 2012 (Utjouwerij Bornmeer), ISBN 978-9 05 61 52 888.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.