[go: up one dir, main page]
More Web Proxy on the site http://driver.im/Springe nei ynhâld

Wijreekfet

Ut Wikipedy
Wijreekfet

It wijreekfet (Latyn: turibulum of thuribulum) is in twadielich fet oan in kettingkonstruksje, dat brûkt wurdt om wijreek te fersprieden by roomske, otterdokse, âld-katolike en somtiden ek anglikaanske en lutherske tsjinsten.

It wijreekfet hat syn oarsprong yn 'e kultus en seremoanjes fan 'e Romeinen. Nei't it kristendom yn 'e 4e iuw de steatreligy fan it Romeinske Ryk waard, krige de wijreek ek yn 'e kristlike liturgy in plak.

In pryster skept út it skipke wijreekkerrels op 'e koaltsjes yn it wijreekfet.

In wijreekfet bestiet út in fet, dy't mei trije kettingen oan in ring ferbûn is en in sintrale ketting foar it ophelje fan it lid fan it wijreekfet. De koster makket de koaltsjes hyt en as dy gleon binne, leit de koster de hite koaltsjes yn it fet. De wijreek sels wurdt yn in wijreekskipke bewarre. Op 'e geskikte mominten yn 'e liturgy jout de koster it wijreekfet mei dêryn de gleone koaltsjes oan in akolyt of mistsjinner op it alter, dy't dêrnei mei it wijreekskipke nei de pryster giet. De pryster skept de wijreekkerrels út it skipke op 'e hite koaltsjes en slacht in krús boppe de wijreek. As de kerrels op 'e hite koaltsjes begjinne te ranen, wurdt der in swiete rook ferspraat. De akolyt of mistsjinner dy't it wijreekfet fêsthâldt, wurdt thuriferarius neamd.

De tapassing fan wijreek fynt by de misse op ferskillende mominten yn 'e liturgy plak:

  • By de liturgyske prosesje of de yntrada.
  • By de lêzing út it Hillich Evangeelje troch de pryster. De pryster skept wer nije wijreekkerrels op 'e koaltsjes en bewijrikket it Evangeeljeboek mei trijeris twa slaggen. De akolyt of de mistsjinner hâldt it wijreekfet wer fêst as de pryster út it Hillich Evangeelje foarlêst.
  • By de tarieding fan 'e eucharisty wurdt ek it alter troch de pryster bewijrikke. Yn gewoane missen wurdt somtiden ek it tsjerkefolk mei trijeris in slach bewijrikke. By heechfeesten wurde ek de akoliten en de mistsjinners bewijrikke.

By sakramintsprosesjes binne der teminsten twa wijreekfetten om 'e hilligens fan it Alderhillichste (de konsekrearre hosty yn in monstrâns) oan te tsjutten.

De Botafumeiro yn 'e katedraal fan Santiago de Compostela

Somtiden binne wijreekfetten sa grut, dat se yn 'e tsjerke oan in konstruksje hongen wurde moatte. Troch oan in ketting te lûken kinne sokke fetten troch in grut part fan 'e tsjerke slingere wurde. It bekendste foarbyld is de Botafumeiro yn 'e katedraal fan 'e Spaanske stêd Santiago de Compostella.