[go: up one dir, main page]
More Web Proxy on the site http://driver.im/Springe nei ynhâld

R2-D2

Ut Wikipedy
R2-D2
personaazje út Star Wars
persoanlike bysûnderheden
oare namme(n) Artoo-Detoo
sekse gjint
soarte personaazje robot
nasjonaliteit Galaktysk
berop/amt astromeganisiên
oare ynformaasje
besibbe
  personaazjes
C-3PO
Luke Skywalker
Anakin Skywalker
prinsesse Leia
geastlike heit George Lucas
ûntstean 1976

R2-D2 (Ingelske útspr.: [ˌɑɹtuːˈdiːtuː], likernôch: "aar-tûû-dii-tûû"), soms stavere as Artoo-Detoo, is in ferneamd fiktyf personaazje út 'e Star Wars-franchise, dat mids 1970-er jierren betocht waard troch de Amerikaanske filmmakker George Lucas. It is in silinderfoarmige robot op tsjiltsjes, hoewol't alle robots yn Star Wars oantsjut wurde as androïden. R2-D2 makke it alderearst syn opwachting yn Star Wars: From the Adventures of Luke Skywalker, de ferboeking fan 'e earste Star Wars-film, dy't yn 1976 útkaam, in jier foàr de film. Hy is lykwols it bekendst út 'e oarspronklike Star Wars-filmtrilogy (1977-1983), wêryn't er spile waard troch Kenny Baker. Yn 'e Star Wars-prequeltrilogy (1999-2005) wie de rol fan Baker beheind om't R2-D2 dêryn foar in grut part werjûn waard troch radiografysk bestjoerde rekwisiten en special effects. Yn 'e Star Wars-ferfolchtrilogy (2015-2019) naam Jimmy Vee de rol oer, mar yn 'e trêde film, Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker, wie R2-D2 folslein it wurk fan poppespilers. R2-D2 is yn 'e films gauris te sjen yn it selskip fan in oare robot, C-3PO. It duo soarget foar de komyske noat.

Star Wars-betinker George Lucas kaam op 'e namme 'R2-D2' doe't er belutsen wie by de filmmontaazje fan syn eardere film American Graffiti (1973). Doe't filmeditor Walter Murch frege om Reel 2, Dialog Track 2, yn it jargon fan syn berop ôfkoarte ta "R. 2, D. 2", skrok Lucas, dy't eefkes yndodde wie, wekker en sei dat dat in geweldige namme wie, wêrnei't er in oantekening makke foar it senario fan Star Wars: Episode IV – A New Hope, dêr't er op dat stuit oan wurke. Neffens de ensyklopedy oer Star Wars dy't nei de earste film publisearre waard, stiet de ôfkoarting yn it Star Wars-universum foar "Roboatyske Droid Searje 2".

Fiktive biografy

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oarspronklike Star Wars-trilogy

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e oarspronklike Star Wars-filmtrilogy (1977-1983) wurdt R2-D2 (spile troch Kenny Baker) yntrodusearre tegearre mei in oare androïde, C-3PO, mei wa't er neitiid gauris te sjen is. Yn 'e film Star Wars: Episode IV – A New Hope (1977) stiet prinsesse Leia, in lid fan it Rebelleferbûn tsjin it skrikbewâld fan it Galaktysk Keizerryk, oan board fan it romteskip de Tantive IV op it punt stiet om finzen nommen te wurden troch Darth Vader, de wichtichste hantlanger fan 'e boasaardige keizer Palpatine. Se ferstoppet dan de stellen blaudrukken fan 'e Deadsstjer, in reuseftich romtestasjon en massaferneatigingswapen, yn it binnenste fan R2-D2 en jout him en C-3PO opdracht om se nei de Jedi-master Obi-Wan Kenobi te bringen, op 'e planeet Tatooine.

Nei't se yn in rêdingskapsule yn 'e woastyn fan Tatooine lâne binne, wurde de beide androïden opfandele troch in clan fan Jawa's, in lânseigen ras fan bûtenierdske wêzens, dy't harren ferkeapje oan 'e boer Owen Lars. Dat is de omke en pleechheit fan 'e jonge Luke Skywalker, dy't yn R2-D2 in boadskip ûntdekt fan prinsesse Leia oan Obi-Wan Kenobi. As R2-D2 útnaait, giet Luke him mei C-3PO efternei en sa bedarje se trijeresom by Obi-Wan. Nei de moard troch Keizerlike stoarmtroepers op syn omke Owen en muoike Beru jout Luke him by Obi-Wan om 'e androïden en de blaudrukken nei de planeet Alderaan te bringen. Dêrfoar hiere se yn 'e delsetting Mos Eisley de smokkelders Han Solo en Chewbacca yn, dy't it selskip yn har romteskip, de Millennium Falcon, nei Alderaan bringe.

It docht lykwols bliken dat Alderaan ferneatige is troch de Deadsstjer, en de Millennium Falcon komt fêst te sitten yn 'e lûkstriel fan it romtestasjon. De opfarrenden witte lykwols oan finzenskip te ûntkommen en ynfiltrearje de Deadsstjer, dêr't Luke, Han en Chewbacca prinsesse Leia befrije, wylst Obi-Wan deade wurdt troch Darth Vader. R2-D2 is behelle yn 'e ûntsnapping fan it selskip fan 'e Deadsstjer en de ôflevering fan 'e blaudrukken by it Rebelleferbûn. Neitiid tsjinnet er as de astromeganisiênrobot fan Luke syn X-wjukjager by de oanfal fan 'e rebellen op 'e Deadsstjer. Yn 'e Slach by Yavin, sa't dy oanfal komt te hjitten, rint er slimme skea op, mar hy wurdt reparearre foarôfgeande oan 'e oerwinningsseremoanje dêr't de film mei ôfsletten wurdt.

Yn Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back (1980) ûntsnapt R2-D2 mei Luke fan 'e iisplaneet Hoth as de rebellebasis dêre halje-trawalje ûntromme wurde moat omreden fan in oanfal troch Keizerlike stoarmtroepers. Hy beselskippet Luke nei de planeet Dagobah, dêr't Luke it begjin fan syn training as Jedi ûndergiet by master Yoda, en letter nei de Stêd yn 'e Wolkens, op 'e planeet Bespin, dêr't prinsesse Leia, Han Solo, Chewbacca en C-3PO finzen holden wurde troch Darth Vader. R2-D2 helpt dêr om 'e slim skansearre C-3PO te rêden en te reparearjen en stelt it befeiligingssysteem fan 'e delsetting bûten wurking, wat de ûntsnapping fan it selskip mooglik makket.

In R2-D2 yninoar nifele troch in fan fan Star Wars.

Yn Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi (1983) spilet R2-D2 in rol fan krúsjaal belang by de ynfiltraasje fan it haadkertier fan 'e gangster Jabba de Hutt en de rêding fan syn freonen, dy't troch Jabba finzen holden wurde. Letter makket er ûnderdiel út fan 'e kommando-ienheid fan 'e rebellen dy't nei de boskmoanne Endor stjoerd wurdt om 'e generatorfasiliteit te sabotearjen dy't it enerzjyskyld opwekket foar de twadde Deadsstjer. By de konfrontaasje mei it garnizoen fan stoarmtroepers dat de fasiliteit bewekket, rekket er skansearre, mar op 'e nij wurdt er neitiid gau wer reparearre.

Star Wars-prequeltrilogy

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Star Wars-prequeltrilogy (1999-2005) spilet 32 oant 19 jier foarôfgeande oan Star Wars: Episode IV – A New Hope. Yn 'e film Star Wars: Episode I – The Phantom Menace (1999) wurdt de oarsprong fan R2-D2 toant as ien fan trije astromeganisiênrobots oan board fan it romteskip fan keninginne Padmé Amidala fan Naboo, en de iennichste dy't it trochbrekken fan 'e blokkade fan 'e Hannelsfederaasje om Naboo hinne oerlibbet. Dêrby reparearret er de deflektorskylden en rêdt sa eltsenien oan board. Mei't syn knaphandichheid net ûnopmurken bleaun is, mei R2-D2 him neitiid op Tatooine by it selskip fan Jedi-master Qui-Gon Jinn jaan, dêr't er foar it earst yn 'e kunde komt mei de jonge Anakin Skywalker en de protokolandroïde dy't it jonkje yninoar nifele hat: C-3PO. Letter nimt er as de astromeganiênrobot fan 'e stjerrejager fan Anakin diel oan 'e Slach om Naboo.

Yn Star Wars: Episode II – Attack of the Clones (2002), dat tsien jier letter spilet, is R2-D2 noch altyd yn it selskip fan Anakin, no in Jedi-padawan, en dy syn master Obi-Wan Kenobi. Hy beselskippet Anakin nei Naboo as dyselde as liifwacht oan Padmé tawiisd wurdt, en letter nei Tatooine, dêr't Anakin syn mem Shmi ûntfierd is troch Tuskenkapers. Dêr wurdt R2-D2 weriene mei C-3PO. As se mei Anakin en Padmé nei de planeet Geonosis reizgje, dêr't Obi-Wan ûnderwilens finzen nommen is troch de Sith greve Dooku en de separatistyske Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels, belibje de beide androïden dêr alderhanne brike aventoeren yn 'e marzje fan 'e eigentlike plot. Oan 'e ein fan 'e film binne R2-D2 en C-3PO tsjûge fan 'e geheime trouwerij fan Anakin en Padmé.

Yn Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith (2005) helpt R2-D2 Anakin en Obi-Wan by harren misje om kânselier Palpatine te rêden út 'e kloeren fan greve Dooku. Hy wurdt dêrby oanfallen troch supergefjochtsrobots, mar ferslacht dyselden troch yngenieuze taktiken ta te passen. Nei't Anakin himsels ferliede lit ta de tsjustere kant fan de Krêft en Darth Vader wurdt, beselskippet R2-D2 him nei de planeet Mustafar. Dêr bliuwt er by it romteskip wylst Vader yn opdracht fan keizer Palpatine, dy't himsels no bekend makke hat as de Sith-master Darth Sidious, de lieders fan 'e Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels ombringt.

Nei't Obi-Wan Vader yn in duël mei de ljochtsabel ferslacht en foar dea efterlit, jout R2-D2 him by Obi-Wan en Padmé. Oan 'e ein fan 'e film wurdt it ûnthâld fan C-3PO wiske om 'e lokaasje dêr't de nijberne poppen fan Anakin en Padmé ferburgen binne, geheim te hâlden. It ûnthâld fan R2-D2 wurdt lykwols net wiske, en fan gefolgen is hy mei Obi-Wan en Yoda de iennichste dy't it hiele ferhaal fan 'e famylje Skywalker wit. Oan 'e ein fan 'e film einigje R2-D2 en C-3PO yn it besit fan Raymus Antilles, de kaptein fan it romteskip de Tantive IV.

Star Wars-ferfolchtrilogy

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Star Wars-ferfolchtrilogy (2015-2019) spilet likernôch tritich jier nei de foarfallen yn Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi. The Force Awakens wie de earste film wêryn't de rol fan R2-D2 oernommen waard troch Jimmy Vee, hoewol't Kenny Baker noch wol as 'konsultant' by de film belutsen wie. Yn 'e folgjende film, The Last Jedi, wie Vee as iennichste ferantwurdlik foar de rol, mei't Baker yn 2016 ferstoar. Yn 'e lêste film fan 'e trilogy, The Rise of Skywalker, waard de rol fan R2-D2 folslein oernommen troch poppespilers Hassan Taj en Lee Towersby.

Yn Star Wars: Episode VII – The Force Awakens (2015) wurdt R2-D2 oantroffen yn in opslachromte fan 'e Fersetsbasis op 'e planeet D'Qar, dêr't er opburgen is om't er himsels nei de ferdwining fan Luke Skywalker yn sliepstân pleatst hat. As er wer opstart, blykt er in kaart yn syn ûnthâld te hawwen, dy't, as er kombinearre wurdt mei de kaart dêr't de androïde BB-8 oer beskikt, de lokaasje fan 'e planeet Ahch-To oanwiist. As er dêr mei Rey en Chewbacca hinne reizget, treffe se Luke yn selsopleine ballingskip oan.

De Folksstjerrewacht yn it Dútske Zweibrücken waard yn 2018 oerferve yn 'e kleuren fan R2-D2.

Yn Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi (2017) hat R2-D2 in lytse, mar wichtige rol. Hy wurdt mei Luke weriene oan board fan 'e Millennium Falcon en lit him it oarspronklike berjocht fan prinsesse Leia oan Obi-Wan Kenobi út 'e earste Star Wars-film sjen yn in súksesfol besykjen om Luke oer te heljen om Rey as Jedi te trainen. Letter ferbynt er himsels mei de boardkompjûter fan 'e Millennium Falcon wylst Rey en Chewbacca it skip bestjoere yn in konfrontaasje mei de striidkrêften fan 'e boasaardige Earste Oarder.

Yn Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker (2019) befynt R2-D2 him yn it haadkertier fan it Ferset, dêr't er by Leia is as se stjert. Letter spilet er in wichtige rol by it yn 'e âlde steat werombringen fan it ûnthâld fan C-3PO nei't Rey, Finn en Poe Dameron twongen binne om dat te wiskjen sadat C-3PO de tekst fan in Sith-artefakt oersette kin, dy't in ferwizing befettet nei lokaasje fan 'e thúswrâld fan 'e Sith en de float fan 'e weropstiene keizer Palpatine. Foar de klimaktyske oanfal op 'e Sith jout R2-D2 him by Poe yn syn X-wjukjager, en nei de oerwinning op 'e fijân fiert er feest mei de oare leden fan it Ferset.

Yn 'e lange tekenfilm Star Wars: The Clone Wars (2008) beselskippet R2-D2 Anakin Skywalker en dy syn padawan Ahsoka Tano op in misje om 'e ûntfierde jonge soan fan Jabba de Hutt werom te finen en wer thús te bringen. Yn 'e live-actionfilm Rogue One: A Star Wars Story (2016) hawwe hy en C-3PO in cameo.

Tillefyzjesearjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 'e tillefyzje wie R2D2 yn 1978 te sjen yn 'e Star Wars Holiday Special, en teffens hiene R2-D2 en C-3PO de haadrol yn harren eigen tekenfilmsearje Star Wars: Droids (1985), wêryn't harren aventoeren folge waarden foarôfgeande oan har moeting mei Luke Skywalker yn Star Wars: Episode IV – A New Hope. Oare Star Wars-tekenfilmsearjes wêryn't R2-D2 in rol hie, wiene Star Wars: Clone Wars (2003-2005) en Star Wars: The Clone Wars (2008-2014 en 2020). Yn 'e tekenfilmsearjes Star Wars: Rebels (2014-2018) en Star Wars: Forces of Destiny (2017-2018) hied er in gastrol dy't beheind wie ta inkele ôfleverings. Yn 'e live-actiontillefyzjesearjes The Mandalorian (fan 2019 ôf) en The Book of Boba Fett (fan 2021 ôf) is dat krekt-en-gelyk.

Spilers fan 'e rol yn 'e Star Wars-filmsearje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
jierren film akteur
1977 Star Wars: Episode IV – A New Hope Kenny Baker
1980 Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back
1983 Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi
1999 Star Wars: Episode I – The Phantom Menace
2002 Star Wars: Episode II – Attack of the Clones
2005 Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith
2008 Star Wars: The Clone Wars lûdseffekten
2015 Star Wars: Episode VII – The Force Awakens Jimmy Vee
2016 Rogue One: A Star Wars Story
2017 Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi
2018 Solo: A Star Wars Story n.f.t. (personaazje ûntbrekt)
2019 Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker Hassan Taj en Lee Towersby

Cameo's bûten Star Wars om

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

R2-D2 hat cameo's yn ferskate films hân dy't neat mei Star Wars út te stean hawwe. Faak is er dan mar inkele sekonden te sjen en kin er inkeld ûnderskaat wurde as men al wit dat er der wêze moat. Sa is er yn Close Encounters of the Third Kind oan 'e ûnderkant fan it bûtenierdske romteskip te sjen, yn Indiana Jones and the Raiders of the Lost Ark oan 'e muorre yn 'e keamer dy't de Ark befettet, en yn Star Trek, Star Trek: Into Darkness en Transformers: Revenge of the Fallen fleanend tusken brokstikken. Hy ferskynde ek yn 'e tekenfilm Ralph Breaks the Internet, it ferfolch op Wreck-It Ralph.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further Reading, op dizze side.


 
personaazjes út Star Wars
 yntrodusearre yn A New Hope Raymus Antilles • Wedge Antilles • C-3PO • Chewbacca • Biggs Darklighter • Jan Dodonna • Obi-Wan Kenobi • Beru Lars • Owen Lars • prinsesse Leia Organa • R2-D2 • Luke Skywalker • Han Solo • Wilhuff Tarkin • Darth Vader
 yntrodusearre yn The Empire Strikes Back  Lando Calrissian • Boba Fett • keizer Palpatine • Firmus Piett • Yoda
 yntrodusearre yn Return of the Jedi Gial Ackbar • Bib Fortuna • Jabba de Hutt • Mon Mothma • Anakin Skywalker • Wicket
 yntrodusearre yn The Phantom Menace Saché Adova • Mas Amedda • Eirtaé Ballory • Sio Bibble • Depa Billaba • Jar Jar Binks • Adi Gallia • Nute Gunray • Qui-Gon Jinn • Ki-Adi-Mundi • Eeth Koth • Plo Koon • Darth Maul • Rugor Nass • Padmé Amidala • Quarsh Panaka • Even Piell • Yarael Poof • Oppo Rancisis • Sabé • Sebulba • Shmi Skywalker • Darth Sidious • Aurra Sing • Roos Tarpals • Saesee Tiin • Rabé Tonsort • Finis Valorum • Watto • Mace Windu • Yaddle
 yntrodusearre yn Attack of the Clones greve Dooku • Jango Fett • Kit Fisto • Agen Kolar • Cliegg Lars • Bail Organa • Poggle de Mindere • Aayla Secura • Shaak Ti • Darth Tyranus • Luminara Unduli
 yntrodusearre yn Revenge of the Sith Stass Allie • generaal Grievous
 yntrodusearre yn The Force Awakens BB-8 • Kaydel Ko Connix • Poe Dameron • Finn • Armitage Hux • Maz Kanata • kaptein Phasma • Kylo Ren • Rey • Snoke
 yntrodusearre yn The Last Jedi  Larma D'Acy • DJ • Amilyn Holdo • Rose Tico
 yntrodusearre yn The Rise of Skywalker Zorii Bliss • D-O • Jannah • Enric Pryde • Ben Solo
 yntrodusearre yn The Clone Wars (film) Ahsoka Tano • Asajj Ventress • Ziro de Hutt
 yntrodusearre yn Rogue One Cassian Andor • Galen Erso • Jyn Erso • Saw Gerrera • Chirrut Îmwe • K-2SO • Orson Krennic • Baze Malbus • Raddus • Bodhi Rook
 yntrodusearre yn Solo Tobias Beckett • L3-37 • Enfys Nest • Qi'ra • Dryden Vos
 yntrodusearre yn oare media  Ezra Bridger • Din Djarin • Grogu • Kanan Jarrus • Bo-Katan Kryze • Satine Kryze • de Mandaloriaan • Savage Opress • Fennec Shand • Sifo-Dyas • Hera Syndulla • Sabine Wren • Kazuda Xiono