[go: up one dir, main page]
More Web Proxy on the site http://driver.im/Springe nei ynhâld

Greve Dooku

Ut Wikipedy
greve Dooku
personaazje út Star Wars
persoanlike bysûnderheden
oare namme(n) Darth Tyranus
sekse manlik
soarte personaazje minske
nasjonaliteit Galaktysk
berop/amt Sith-ridder
oare ynformaasje
besibbe
  personaazjes
Darth Sidious
Qui-Gon Jinn
Yoda
Obi-Wan Kenobi
Anakin Skywalker
Nute Gunray
Poggle de Mindere
geastlike heit George Lucas
ûntstean 2002

Greve Dooku (útspr.: [ˈduːku], likernôch: "dûû-kû") is in fiktyf personaazje út 'e Star Wars-franchise fan 'e Amerikaanske filmmakker George Lucas. Hy is in eardere Jedi-master, dy't de polityk lieder fan 'e Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels wurden is. Under de namme Darth Tyranus is er teffens in Sith-ridder en de learling fan 'e Sith-master Darth Sidious. Dooku waard yntrodusearre yn 'e film Star Wars: Episode II – Attack of the Clones (2002), wêryn't er de wichtichste antagonist foarmet. Yn Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith (2005) wurdt er ferret troch syn master en deade troch Anakin Skywalker. Yn beide films en teffens yn 'e lange tekenfilm Star Wars: The Clone Wars (2008) waard de rol fan Dooku fertolke troch akteur Christopher Lee. Yn oare ûnderdielen fan 'e Star Wars-franchise, wêrûnder de tekenfilmsearje Star Wars: The Clone Wars, waard de dialooch fan it personaazje ynsprutsen troch stimakteur Corey Burton.

Fiktive biografy

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Attack of the Clones

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Greve Dooku wurdt yntrodusearre yn 'e film Star Wars: Episode II – Attack of the Clones (2002) as in eardere Jedi-master dy't de Jedi Oarder ferlitten hat nei't er it fertrouwen kwytrekke is yn 'e Galaktyske Republyk, dy't de Jedi tsjinje. Hy spilet in rol fan krúsjaal belang by de oprjochting fan 'e separatistyske Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels, dy't him fan 'e Republyk ôfskiede wol. Neffens Dooku is de Republyk troch en troch korrupt en binne de leden fan 'e Galaktyske Senaat mear ynteressearre yn it behâlden fan 'e burokratyske regeltsjes en it ferrykjen fan harrensels as yn it oprjocht fertsjintwurdigjen fan harren kiezers.

Dooku wit de lieders fan ferskate ynfloedrike organisaasjes oan 'e side fan 'e Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels te krijen, wêrûnder it Keapmansgilde, de Techno Uny en de Yntergalaktyske Bankêre Groep. Nute Gunray, de Neimoïdyske ûnderkening fan 'e Hannelsfederaasje, stelt as betingst foar syn stipe dat senator Padmé Amidala fan Naboo út 'e wei romme wurde moat. Troch har tadwaan hat er nammentlik tsien jier earder in pynlike nederlaach lit yn 'e Nabookrisis, en hy is út op wraak. Dat, Dooku hiert de Mandaloriaanske preemjejager Jango Fett yn om dat putsje op te knappen. Fett besteget it fierder út oan hiermoardneresse Zam Wesell. Nei twa mislearre moardoanslaggen folget de Jedi-ridder Obi-Wan Kenobi it spoar werom, fan Coruscant fia Kamino nei Geonosis, de planeet dêr't Dooku foar de Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels in reuseftich leger fan oarlochsandroïden gearstalle lit.

Nei't Obi-Wan finzen nommen is, fertelt Dooku him dat er krewearret om 'e Republyk te rêden, mei't tûzenen senators ûnder de ynfloed ferkeare fan in Sith-master dy't Darth Sidious hjit. Hy besiket Obi-Wan oer te heljen om 'e lapen mei him op ien bulte te smiten, en brûkt dêrfoar as argumint dat syn eardere learling Qui-Gon Jinn, de âlde master fan Obi-Wan, him grif by him oansletten hawwe soe as er noch libbe. Obi-Wan stegeret Dooku lykwols ôf. Nei't ek Padmé en Obi-Wan syn padawan Anakin Skywalker finzen nommen binne, feroardielje Dooku en aartshartoch Poggle de Mindere fan Geonosis harren ta de deastraf, dy't útfierd wurde moat yn in gefjocht mei wylde bisten yn in arena foar it each fan tsientûzenen Geonosianen.

Dat wurdt lykwols ferhindere troch de tuskenkomst fan Jedi-master Mace Windu, guon oare leden fan 'e Hege Jedi Ried en in kloft oare Jedi-ridders. Master Yoda arrivearret net folle letter mei in bataljon kloansoldaten en it dêropfolgjende treffen is de earste slach fan in nij wapene konflikt, de Kloane-oarloggen. Dooku lûkt him werom yn syn ûndergrûnske kontrôlekeamer, dêr't er fan Poggle de Mindere de blaudrukken yn ûntfangst nimt foar in nij superwapen, dy't tsjin eltse priis út 'e hannen fan 'e Jedi holden wurde moatte. Hy bejout him nei in hangaar dêr't syn romteskip ree stiet, mar wurdt folge troch Obi-Wan en Anakin. Yn in gefjocht mei de ljochtsabel stelt Dooku Obi-Wan bûten gefjocht en slacht er Anakin in hân ôf. Hja wurde rêden troch Yoda, dy't de striid mei Dooku oangiet. Tsjin him kin Dooku it net hâlde, mar hy liedt Yoda ôf troch in swier stik apparatuer op Obi-Wan en Anakin falle te litten, en Yoda is al syn konsintraasje nedich om dat mei de Krêft op te fangen en fansiden te smiten. Underwilens ûntkomt Dooku yn syn romteskip. Hy reizget nei Coruscant, dêr't er de Sith-master Darth Sidious treft, dy't him oansprekt mei de Sith-namme Darth Tyranus. Oan Sidious langet er de blaudrukken foar it superwapen oer.

Yn The Clone Wars

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e lange tekenfilm Star Wars: The Clone Wars (2008), dy't yn 'e ynterne gronology fan Star Wars op 'e foarfallen yn Attack of the Clones folget, keart greve Dooku (ynsprutsen troch Christopher Lee) werom. Hy stiet oan it haad fan in gearspanning om Rotta, de jonge soan fan 'e gangster Jabba de Hutt, te ûntfieren en de Jedi dêrfoar de skuld op 'e lea te skowen. Sa wolle hy en Jabba syn omke Ziro de Hutt derfoar soargje dat Jabba him tsjin 'e Jedi Oarder en de Galaktyske Republyk keart. Dooku beävensearret dat syn hantlangster Asajj Ventress de jonge Rotta op 'e noed kriget. Letter befjochtet er yn in duël mei de ljochtsabel de Jedi-ridder Anakin Skywalker, in striid dy't einiget yn in ympasse. Nettsjinsteande dat witte Anakin en syn nije padawan Ahsoka Tano neitiid it snoade plan fan Dooku en Ziro te dwerseidzjen.

Yn 'e op 'e film folgjende tekenfilmsearje Star Wars: The Clone Wars (2008-2014 en 2020) spilet greve Dooku (ynsprutsen troch Corey Burton) in dûbelspul as de lieder fan 'e Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels en de Sith-ridder Darth Tyranus. Mei syn master Darth Sidious is er it brein efter it meastepart fan 'e swierrichheden dêr't de haadpersoanen Obi-Wan Kenobi, Anakin Skywalker en Ahsoka Tano mei te meitsjen krije. In langrinnende ferhaalline wurdt datoangeande foarme troch de yntriizjes fan Dooku om 'e Galaktyske Republyk op 'e planeet Mandalore te beheljen yn in ûnwinbere besettingsoarloch, wat feridele wurdt troch hartoginne Satine Kryze fan Mandalore.

Yn it trêde seizoen wurdt Dooku troch Darth Sidious twongen om syn trou te bewizen troch syn learling Asajj Ventress te deadzjen. Ventress oerlibbet dat ferrie lykwols en giet nei har thúswrâld Dathomir om stipe te sykjen by de Nachtsusters, in kloft Krêftgefoelige froulju dy't laat wurdt troch Mem Talzin. Mei dy har soan Savage Opress as learling en tsjinner keart se werom om wraak te nimmen op Dooku. Savage beseft lykwols dat Ventress him inkeld foar har eigen doelen brûkt en ferriedt sawol har as Dooku. Yn it fjirde seizoen ferslacht Dooku Anakin yn trije ûnderskate ljochtsabelduëls en nimt er wraak op Ventress troch generaal Grievous befel te jaan en bewurkmasterje de systematyske útrûging fan 'e Nachtsusters.

Yn it sechsde seizoen ûntdekt Dooku dat de kloansoldaat Tup Oarder 66, it befel ta de Grutte Suvering fan 'e Jedi, te betiid útfierd hat. Efter de skermen krewearret er om it ûndersyk fan 'e Republyk en de Jedi nei dat foarfal te dwerseidzjen. Ek manipulearret er de Yntergalaktyske Bankêre Groep om al syn middels oan 'e Sith oer te dragen. Letter fine de Jedi de ljochtsabel fan 'e Jedi-master Sifo-Dyas werom, dy't tolve jier earder troch Dooku fermoarde is, en stelle se in ûndersyk yn. Under druk fan Darth Sidious behimmelet Dooku alles dat nei harren ta liede kin. By in konfrontaasje mei Obi-Wan en Anakin op 'e planeet Oba Diah smyt Dooku einlings en te'n lêsten syn momkape ôf en makket er himsels bekend as Darth Tyranus. Hja begripe dan dat hy dejinge wie dy't op Kamino it kloaneleger fan 'e Republyk besteld hat.

Yn Revenge of the Sith

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith (2005), it ôfslutende diel fan 'e Star Wars-prequeltrilogy, spilet trije jier nei de foarfallen yn Attack of the Clones. Oan it begjin fan 'e film hawwe greve Dooku en generaal Grievous de ûntfiering fan kânselier Palpatine beävensearre, dy't eins it alter ego fan 'e Sith-master Darth Sidious is. It makket allegear diel út fan Palpatine syn plan om 'e uterst talintearre Anakin Skywalker te ferlieden nei de tsjustere kant fan de Krêft. Mei Obi-Wan giet Anakin oan board fan it romteskip fan Grievous, dêr't de beide Jedi Dooku oantreffe. Dyselde slacht Obi-Wan al rillegau bewusteleas, sadat Anakin it allinne tsjin him opnimme moat.

Anakin jout ta oan syn haat foar Dooku en brûkt de tsjustere kant fan 'e Krêft om him oermânsk te wurden, wêrby't er him beide hannen ôfhout. Palpatine ferriedt dan syn learling Dooku, dy't no helpeleas is, troch Anakin oan te fiterjen om him te deadzjen. Anakin wifket eefkes, mar jout dan ta en ûnthalzet Dooku mei de ljochtsabel. Dy die set in keatling fan foarfallen yn wurking dy't úteinlik ta de fal fan Anakin Skywalker liede sille, en syn ferwurding ta de Sith-ridder Darth Vader, de folgjende learling fan Darth Sidious.

Spilers fan 'e rol yn 'e Star Wars-filmsearje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
jierren film akteur
1977 Star Wars: Episode IV – A New Hope n.f.t. (personaazje ûntbrekt)
1980 Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back
1983 Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi
1999 Star Wars: Episode I – The Phantom Menace
2002 Star Wars: Episode II – Attack of the Clones Christopher Lee
2005 Star Wars: Episode III – Revenge of the Sith
2008 Star Wars: The Clone Wars
2015 Star Wars: Episode VII – The Force Awakens n.f.t. (personaazje ûntbrekt)
2016 Rogue One: A Star Wars Story
2017 Star Wars: Episode VIII – The Last Jedi
2018 Solo: A Star Wars Story
2019 Star Wars: Episode IX – The Rise of Skywalker

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

 
personaazjes út Star Wars
 yntrodusearre yn A New Hope Raymus Antilles • Wedge Antilles • C-3PO • Chewbacca • Biggs Darklighter • Jan Dodonna • Obi-Wan Kenobi • Beru Lars • Owen Lars • prinsesse Leia Organa • R2-D2 • Luke Skywalker • Han Solo • Wilhuff Tarkin • Darth Vader
 yntrodusearre yn The Empire Strikes Back  Lando Calrissian • Boba Fett • keizer Palpatine • Firmus Piett • Yoda
 yntrodusearre yn Return of the Jedi Gial Ackbar • Bib Fortuna • Jabba de Hutt • Mon Mothma • Anakin Skywalker • Wicket
 yntrodusearre yn The Phantom Menace Saché Adova • Mas Amedda • Eirtaé Ballory • Sio Bibble • Depa Billaba • Jar Jar Binks • Adi Gallia • Nute Gunray • Qui-Gon Jinn • Ki-Adi-Mundi • Eeth Koth • Plo Koon • Darth Maul • Rugor Nass • Padmé Amidala • Quarsh Panaka • Even Piell • Yarael Poof • Oppo Rancisis • Sabé • Sebulba • Shmi Skywalker • Darth Sidious • Aurra Sing • Roos Tarpals • Saesee Tiin • Rabé Tonsort • Finis Valorum • Watto • Mace Windu • Yaddle
 yntrodusearre yn Attack of the Clones greve Dooku • Jango Fett • Kit Fisto • Agen Kolar • Cliegg Lars • Bail Organa • Poggle de Mindere • Aayla Secura • Shaak Ti • Darth Tyranus • Luminara Unduli
 yntrodusearre yn Revenge of the Sith Stass Allie • generaal Grievous
 yntrodusearre yn The Force Awakens BB-8 • Kaydel Ko Connix • Poe Dameron • Finn • Armitage Hux • Maz Kanata • kaptein Phasma • Kylo Ren • Rey • Snoke
 yntrodusearre yn The Last Jedi  Larma D'Acy • DJ • Amilyn Holdo • Rose Tico
 yntrodusearre yn The Rise of Skywalker Zorii Bliss • D-O • Jannah • Enric Pryde • Ben Solo
 yntrodusearre yn The Clone Wars (film) Ahsoka Tano • Asajj Ventress • Ziro de Hutt
 yntrodusearre yn Rogue One Cassian Andor • Galen Erso • Jyn Erso • Saw Gerrera • Chirrut Îmwe • K-2SO • Orson Krennic • Baze Malbus • Raddus • Bodhi Rook
 yntrodusearre yn Solo Tobias Beckett • L3-37 • Enfys Nest • Qi'ra • Dryden Vos
 yntrodusearre yn oare media  Ezra Bridger • Din Djarin • Grogu • Kanan Jarrus • Bo-Katan Kryze • Satine Kryze • de Mandaloriaan • Savage Opress • Fennec Shand • Sifo-Dyas • Hera Syndulla • Sabine Wren • Kazuda Xiono