[go: up one dir, main page]
More Web Proxy on the site http://driver.im/Springe nei ynhâld

Pick-up (sinematografy)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Pick-up (filmproduksje))

In pick-up is yn 'e sinematografy in lyts, relatyf minder wichtich shot dat opnommen wurdt nei't by in film of tillefyzjesearje it eigentlike shot al filme is. In reshoot (ek stavere as re-shoot) is in soartgelikense bykommende opname, mar dan yn 'e foarm fan in hiele sêne.

In pick-up komt faak foar as in akteur of aktrise ûnder it opnimmen fan in sêne in flater begiet. Foarhinne waard dan ornaris daliks "Cut!" roppen om 'e opname te stopjen, wêrnei't it hiele spul wer fan it begjin ôf oan op 'e nij moast. Tsjintwurdich lit men, as de flater net al te grut is, yn 'e regel de kamera's trochrinne. As de sêne der dan hielendal opstiet, kin der in pick-up filme wurde fan it punt dêr't it mis gien is. De script supervisor moat dêrfan in oantekening meitsje sadat de filmeditor letter begrypt dat de pick-up yn 'e sêne plakt wurde moat. Ek moat de script supervisor de akteur(s) helpe om it juste plak yn it senario werom te finen troch de lêste pear regels op te lêzen foar de dialooch fan 'e pick-up. Der moatte yn sa'n sitewaasje behalven it eigentlike pick-upshot ek saneamde 'brêgeshots' opnommen wurde, dy't meitsje dat de oergong tusken de bylden fan 'e oarspronklik filme sêne en it pick-upshot der floeiend útsjogge.

Soks is wat oars as in ekstra take of retake; dat is it nochris op 'e nij opnimmen fan in hiele sêne, yn 'e regel fuort nei't de earste of ferskate eardere takes al opnommen binne, mei't de regisseur dêr om 'e iene of oare reden ûntefreden oer is.

Pick-ups komme ek in protte foar, en reshoots komme allinne mar foar, as der yn 'e postproduksje, nei it ôfsluten fan 'e eigentlike opnamen, by de montaazje fêststeld wurdt dat der noch ien of mear shots of sênes ûntbrekke dy't nedich binne om ta in goed einprodukt te kommen. It beslút om pick-ups en/of reshoots te dwaan nei it ôfsluten fan 'e opnamen, wurdt nea lichtsinnich nommen, om't soks tige djoer is. Alle belutsen akteurs en leden fan 'e filmcrew moatte wer opdraven komme, en deselde filmset moat wer yn âlde steat werombrocht wurde. By filmjen op lokaasje is faak ek in nije fergunning nedich.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.