[go: up one dir, main page]
More Web Proxy on the site http://driver.im/Springe nei ynhâld

Postproduksje

Ut Wikipedy
In tradisjonele produksjestudio.

Postproduksje is in ûnderdiel fan 'e produksje fan films, tillefyzjeprogramma's en foto's. Dit diel fan it produksjeproses omfiemet alles dat dien wurdt nei't de bylden opnommen binne. Yn dizze kontekst bestiet de produksje út trije ûnderdielen: de preproduksje (of tarieding), de opnamen en de postproduksje (of ôfwurking). Tsjintwurdich is yn it postproduksjeproses de tradisjonele (analoge) wurkwize fierhinne ferfongen troch video editing software dy't gebrûk makket fan in non-linear editing system (NLE).

Neiere beskriuwing

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De postproduksje fan film- of tillefyzjebylden begjint mei de montaazje fan 'e opnommen shots. Dêrby wurde de filmbylden yn 'e juste folchoarder efterinoar plakt en wurdt oerstallich materiaal fuortknipt. De montaazje fan in film of tillefyzjeprogramma is in langduorjende proseduere, wêrby't men fan alles besiket mei it opnommen materiaal om ta de bêste ferzje te kommen. Yn dit stadium wurde ek de eventuële special effects tafoege. As úteinlik besletten is ta in definitive ferzje, sprekt men fan in picture lock.

Dêrnei kin de lûdsneibewurking begjinne, besteande út 'e lûdsmontaazje en it mixen fan it lûd. Der wurdt in komponist ynhierd om filmmuzyk te meitsjen, dy't mei de opnommen en neibewurke dialooch en de tafoege lûdseffekten (bgl. it slaan fan in doar of it sjongen fan fûgels) gearfoege wurdt ta de saneamde einmix yn in proses dat de miksaazje hjit. It einresultaat fan 'e lûdsneibewurking is de soundtrack fan 'e film of it tillefyzjeprogramma, dy't ek wol it sound design of lûdsûntwerp neamd wurdt.

Ta einbeslút binne der dan noch in tal technyske bewurkings dy't oan 'e film of it tillefyzjeprogramma ferrjochte wurde moatte, lykas it kleurkorrizjearjen en it meitsjen fan 'e prints. Pas dêrnei kin de film yn 'e bioskoop of it programma op 'e tillefyzje fertoand wurde. De neamde aktiviteiten hoege net beslist yn 'e hjirboppe oanholden folchoarder dien te wurden. Ofhinklik fan 'e foarkar fan 'e regisseur kin it ek oars om-en-ta gean, en low-budgetproduksjes hawwe faak de finansjele middels net om op dizze wize te wurk te gean.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.