[go: up one dir, main page]
More Web Proxy on the site http://driver.im/Springe nei ynhâld

Ob

Ut Wikipedy
Streamgebiet fan de Ob
De Ob yn Barnaul.

De Ob (Russysk: Обь) is in rivier yn Siberysk Ruslân, dy't mei syn sydrivier de Irtysj ien fan de grutste riviersystemen yn 'e wrâld foarmet (lingte: 5410 km, streamgebiet: 2.975.000 km²). De Ob sels is fan de boarne ôf rekkene 4.338 km, dêr't er de langste rivier fan Ruslân mei is. De rivier rint allinne oer Russyske boaiem.

De beide boarnerivieren fan de Ob, de Katoen en de Bieja, ûntspringe yn it Altaiberchtme. By de stêd Biejsk geane sy tegearre fierder as Ob, dy't by Chanty-Mansiejsk de Irtysj opnimt en dan noch 1.162 km ôfleit nei de Obboezem, in see-earm fan de Karasee.

De Irtysj, de grutste sydrivier, hat by de mûning yn de Ob sa'n 1.000 kilometer mear ôflein as de Ob sels. Oare wichtige sydrivieren binne de Tom, de Tsjoelym, de Ket, de Tym en de Vach. De Ob sels foarmet in grut part fan de ûnderrin twa paralelle streamen.

Novosibirsk is de grutste stêd oan de Ob. Yn de omkriten leit ek de See fan Ob (Opslachmar fan Nowosibirsk). Yn de Siberyske Leechflakte binne Soergoet en Salechard de foarnaamste stêden oan de Ob.

De Ob is by de Chanten bekend as de As, Yag, Kolta en Yema; by de Nenetsen as de Kolta of Kuay; en by de Siberyske Tataren as de Umar of Omass.

De Ob is ek nei de oanlis fan it Transsibearysk Spoar noch hieltyd in wichtige noard-súd ferkearsier yn West-Sibearje, dy't oer in lingte fan 15.000 km befarber is. De rivier hat slim fersmoarge west (ek mei radio-aktive stoffen). Fierders wurdt it wetter fan dizze rivier brûkt as drinkwetter, foar irrigaasje, fiskjen - Mear as 50 soarten fisk komme foar yn 'e Ob. - en it opwekjen fan elektrisiteit.