[go: up one dir, main page]
More Web Proxy on the site http://driver.im/Springe nei ynhâld

Jean-Charles Pichegru

Ut Wikipedy
Jean-Charles Pichegru
militêr
persoanlike bysûnderheden
namme folút Jean-Charles Pichegru
nasjonaliteit Frânsk
berne 16 febrewaris 1761
berteplak Arbois (Frankryk)
stoarn 5 april 1804
stjerplak Parys (Frankryk)
etnisiteit Frânsk
wurkpaad
tsjinsttiid 17831797
yn tsjinst fan Ken. Frankryk (1783-89)
 Ken. f.d. Frânsen (1789-94)
Frânske 1e Rep. (1794-97)
legerûnderdiel lânmacht
heechste rang generaal
konflikt(en) Earste Koälysje-oarloch

Jean-Charles Pichegru (útspr.: [ʒɔ̃ ʃaʀl piʃə'ɡʀy], likernôch: "zjôn sjarl pysjegrú"; Arbois (of mooglik Les Planches-près-Arbois), 16 febrewaris 1761Parys, 5 april 1804) wie in foaroansteand Frânsk generaal, dy't himsels ûnder de Koälysje-oarloggen nei de Frânske Revolúsje yn 1793 ûnderskate oan it Rynfront. Yn 1794-1795 makke er koarte metten mei de Eastenryksk-Britsk-Steatske troepen yn 'e Súdlike Nederlannen en ferovere er de Republyk fan de Feriene Provinsjes. Neitiid wied er behelle yn in royalistyske gearspanning om Napoleon ûnder fuotten te heljen, wat ta syn arrestaasje en dea yn it tichthûs late. Likegoed is 'Pichegru' ien fan 'e nammen dy't ynkurven steane ûnder de Arc de Triomphe yn Parys. Yn (dielen fan) Nederlân bliuwt syn namme noch altyd yn oantinken troch de útspraak: "Maar nu, sprak Pichegru."

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Pichegru waard yn 1761 berne yn Arbois (of, neffens ien boarne, yn Les Planches-près-Arbois), yn 'e Sjuera. Syn heit wie in komelker, dy't syn soan opliede liet troch de fraters fan Arbois. Doe't bliken die dat er goed leare koe, waard er nei de militêre skoalle te Brienne-le-Château stjoerd. Letter ûnderwiisde er dêr sels wiskunde, û.m. oan in jonge Napoleon Bonaparte.

Militêre karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1783 waard Pichegru tafoege oan it 1e rezjimint artillery, dêr't er al rillegau opklom ta de rang fan adjudant-twadde luitenant. Yn dy hoedanichheid tsjinne er koart oerseesk yn 'e Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch. Doe't de Frânske Revolúsje yn 1789 útbriek, waard Pichegru lieder fan 'e jakobynske klub yn Besançon, yn 'e Franche-Comté. Dêr waard er ta luitenant-kolonel fan it pleatslike frijwilligersrezjimint keazen. De goede steat fan dat rezjimint waard opmurken troch syn superieuren, dy't him oerpleatsten nei it regionale haadkertier en him befoarderen ta brigadegeneraal.

Yn 1793 waarden Lazare Carnot en Louis de Saint-Just troch it Frânske oerbefel yn Parys útstjoerd om saneamde roturier te finen: kundige generaals dy't net fan adel wiene. Njonken Jean-Baptiste Jourdan en Louis Lazare Hoche waard doe ek Pichegru 'ûntdutsen'. Hy waard dêrop befoardere ta difyzjegeneraal en kommandant fan it Leger fan de Ryn. Op syn nije post foel Pichegru yn 1793 it koälysjeleger fan Dagobert Sigmund von Wurmser oan, dat er yn 'e wikenlang oanhâldende Slach by Hagenau yn bittere gefjochten tebekdreau. Doe't ein desimber it Leger fan de Moezel ûnder Hoche Pichegru te help kaam yn 'e Slach by Froeschwiller, moast Wurmser einlings de Elzas opjaan en him weromlûke.

Yn 'e Twadde Slach by Wissembourg waard Pichegru ûnder it befel fan Hoche pleatst, dy't in drege superieur bliek te wêzen. Nettsjinsteande de muoisume relaasje tusken de beide generaals wûnen de Frânsen fannijs de slach, sadat Wurmser twongen wie om him alhiel werom te lûken op 'e eastigge fan 'e Ryn, wylst syn bûnsgenoaten, de Prusen, har yn 'e rjochting fan Mainz ôfjaan moasten. Noch foar it nije jier waard Hoche lykwols arrestearre, nei gedachten fanwegen syn behanneling fan syn ûnderhearrigen, en doe krige Pichegru it befel oer it Leger fan 'e Ryn-en-Moezel taskikt.

Noch gjin twa moanne letter, yn febrewaris 1794, krige Pichegru lykwols alwer in oar kommando, doe't er Jourdan opfolge as kommandant fan it Leger fan it Noarden. Oan 'e Frânske noardgrins en yn 'e Eastenrykske Nederlannen focht er dêrnei trije grutte kampanjes yn ien jier tiid út tsjin 'e feriene legers fan Eastenryk, Grut-Brittanje en de Republyk fan de Feriene Nederlannen, dy't sterke posysjes besetten fan 'e rivier de Sambre oant de Noardseekust.

Nei't er om 'e nocht besocht hie en brek troch de midden fan 'e Eastenrykske liny, sloech Pichegru ynienen rjochtsôf en fersloech er de greve fan Clerfayt by Kassel, Menen en Koartryk, wylst syn ûnderhearrige Joseph Souham yn maaie Jozias foarst fan Koburch fersloech yn 'e Slach by Toerkonje. Nei in skoft yn 'e gefjochten, wêryn't Pichegru in skynbelis foar Iper slein hie, foel er op 'e nij Clerfayt oan, dy't er by Roeselare en Hooglede fersloech, wylst Jourdan, oan it haad fan it nije Leger fan 'e Sambre-en-Maas, yn juny de oanfallen fan 'e Eastenrikers ôfsloech yn 'e Slach by Fleurus. Dizze kampanje twong de Alliëarden om 'e Súdlike Nederlannen op te jaan.

De temperatuer ûnder Pichegru syn winter-kampanje yn 'e Republyk fan de Feriene Nederlannen (1794-1795), neffens it KNMI.

Pichegru sette mei syn twadde kampanje útein troch op 18 oktober 1794 de Maas oer te stekken. Nei't er Nimwegen ynnommen hie, dreau er de Eastenrikers de Ryn oer. Ynstee fan syn troepen nei de winterkampen te stjoeren, rette er se doe ta op in winterkampanje. It tafal woe dat de winter fan 1794 op 1795 krekt in útsûnderlik kâldenien wie, in feit dêr't Pichegru folop fan profitearre. Op 27 desimber stieken trije fan syn brigades de tichtferzen Maas oer en bestoarmen de Bommelerwaard. Op 10 jannewaris 1795 stiek Pichegru mei syn haadmacht de Waal oer by Saltbommel, wêrnei't er op 13 jannewaris foar de poarten fan Utert stie, dat him op 'e sechstjinde oerjoech.

Dêrop loeken de Prusen en Britten har efter de Isel werom, om oer lân fuort te tsjen nei Hannover en Bremen. De ferneamde Hollânske Wetterliny wie nutteleas by sok waar, dat Pichegru arrivearre al op 20 jannewaris yn Amsterdam, dat him sûnder bloedferjitten oerjoech. De rest fan 'e Republyk waard noch foar de ein fan febrewaris troch de Frânsen beset, wêrby't net folle mear fochten hoegde te wurden. Wol fûnen noch bizarre foarfallen plak, lykas doe't de Steatske float, dy't ynferzen wie by Den Helder, ferovere waard troch in ôfdieling Franske huzaren.

Ein fan 'e militêre karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei syn oerwinning yn 'e Lege Lannen beneamde de Nasjonale Konvinsje yn Parys Pichegru ta Sauveur de la Patrie ("Rêder fan it Heitelân"). Hoewol't er earder in beskermeling fan Saint-Just west hie, keas er no partij foar dy syn politike fijannen, en doe't de sans-culottes yn Parys op 1 april 1795 yn opstân kamen tsjin 'e Nasjonale Konvinsje, sloech Pichegru de rebûlje del. Dêrnei krige er it befel oer sawol it Leger fan it Noarden, it Leger fan de Sambre-en-Maas, as it Leger fan de Ryn. Hy stiek mei in grutte macht de Ryn oer en naam yn maaie Mannheim yn.

Politike gearspannings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hoewol't er in held fan 'e Revolúsje wurden wie en syn namme ynkurven wie ûnder de Arc de Triomphe, stie Pichegru dêrnei út politike omtinkens ta dat syn amtgenoat Jourdan ferslein waard, ferrette er al syn plannen oan 'e fijân en naam doe diel oan in gearspanning om Loadewyk XVIII út ballingskip te heljen en op 'e troan te krijen. Sûnder dat er it wist, stie Pichegru tsjin dy tiid lykwols al ûnder fertinking, en doe't er yn oktober 1795 syn ûntslach as legerkommandant oanbea oan it Directoire, waard dat ta syn ferrassing daliks oanfurde.

Ek al wied er koarte tiid earder ûnearfol út it leger set, dochs wist Pichegru himsels yn maaie 1797 yn 'e Ried fan Fiifhûndert keazen te krijen as in lieder fan 'e royalistyske fraksje. Hy makke nije plannen foar in steatsgreep dy't bekendstiet as de Kûp fan 18 Fructidor, mar ear't er dy útfiere kinnen hie, waard er oppakt en noch datselde jiers mei fjirtjin meistanners nei Cayenne, yn Frânsk-Guyana, deportearre. Dêr oankommen wisten Pichegru en sân oaren lykwols te ûntkommen nei Paramaribo, dêr't de gûverneur tastie dat se oan board giene fan in skip dat har nei de Feriene Steaten ta brocht. Ut Amearika reizge Pichegru werom nei Jeropa, dêr't yn ballingskip yn 'e Britske haadstêd Londen ferbleau en yn 1799 yn 'e stêf fan generaal Aleksander Rimsky-Korsakov tsjinne.

Lettere jierren en dea

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1803 sette Pichegru mei Georges Cadoudal ôf nei Parys, om in royalistyske opstân te organisearjen tsjin it regear fan 'e earste konsul, Napoleon Bonaparte. Hy waard lykwols ferret troch immen dy't er in freon achte, en waard op 28 febrewaris 1804 oppakt. Op 5 april fan dat jier waard er dea yn syn sel oantroffen: hy wie smoard. Neffens in ûndersyk fan it Frânske regear hie Pichegru selsmoard dien, mar dat berjocht wurdt rûnom as ûnwier beskôge, en de measte histoarisy geane derfan út dat er út 'e wei romme is troch syn politike tsjinstanners.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.