[go: up one dir, main page]
More Web Proxy on the site http://driver.im/Springe nei ynhâld

Ichtegem

Ut Wikipedy
Ichtegem
De Merk (Markt) fan Ichtegem
De Merk (Markt) fan Ichtegem
Emblemen
               
Bestjoer
Lân Belgje
gewest Flaanderen
provinsje West-Flaanderen
Sifers
Ynwennertal 14.058 (2021)[1]
Oerflak 68,51 km²
Befolkingsticht. 310 ynw./km²
Oar
Postkoade 8480
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 51° 5' N 3° 0' E
Offisjele webside
webstee gemeente
Kaart
Ichtegem (West-Flaanderen)
Ichtegem

Ichtegem is in plak en gemeente yn de Belgyske provinsje West-Flaanderen. Ichtegem bestiet út de plakken Ichtegem, Eernegem en Bekegem. De gemeente hat goed 14.000 ynwenners.

Njonken Ichtegem bestiet de gemeente ek út de dielgemeenten Eernegem en Bekegem. Eernegem is in grutte dielgemeente en hat mear ynwenners as Ichtegem. Yn it sintrum (Stasjonsstraat 1) fan Eernegem stiet ek it gemeentehûs. Bekegem is in lytser plattelânsdoarp.

It doarpssintrum fan Ichtegem sels rint lâns de dyk fan Koekelare nei Aartrijke. It sintrum, mei de merk en de tsjerke, leit yn it uterste westen fan it plak, noch gjin twa kilometer fan it sintrum fan Koekelare. Nei it easten ta rint de doarpsbebouwing mear as trije kilometer by de Engelstraat en foarby de wyk De Engel oer de N33 de Zuidstraat lâns. Neist dy lintbebouwing ûnstiene pas letter nijere wiken of yndustrygebieten.

Nû. Plaknamme Oerflak Ynwenners (2021) [2] Kaart
I Ichtegem 22,32 5.923
II Eernegem 18,35 7.091
III Bekegem 4,66 1.044

Mooglik wie it grûngebiet fan Ichtegem al yn de prehistoaryske tiid bewenne, mar dêr is noch gjin systematysk archeologysk ûndersyk nei dien. Der binne wol fynsten út it lette neolitikum, wylst sirkelfoarmige struktueren dy't op loftfoto's te sjen binne, wize op grêfheuvels út de brûns- of de izertiid. Bewenningsspoaren binne bekend út de Romeinske tiid. De Brugse Heirweg (Engelsstraat, Koekelarestraat en Zuidstraat) hoecht net perfoarst fan Romeinske oarsprong te wêzen, mar kin ek as in midsieuske hannelsrûte ûnstien wêze. De namme Ichtegem kin yn de 7e of 8e iuw ûntstien wêze en is fan Germaanske komôf.

It tichtby lizzende kastiel fan Wijnendale datearret fan de 11e iuw. Om 1026 waard Ichtegem foar it earst as 'Hettingeem' neamd. Fan de 11e iuw oant de 13e iuw waard it ûnlân oanmakke, wêrby't de Abdij fan Sint-Bertinus yn Sint-Omaars en de Sint-Piterabdij yn Oudenburg in wichtige rol spilen. Om 1250 hinne wie der pottebakkersbedriuw. Sûnt 1331 wie der al sprake fan in kapel, dy't oan de hillige Winok wijd wie.

De godstsjinstûnrêst yn de twadde helte fan de 16e iuw late ta de ferneatiging fan ferskate kapellen en ek de tsjerke rekke swier skansearre. De Boskgeuzen dy't it omlizzende lân ûnfeilich makken holden doe yn it Wijnendalebos ta. It lân rekke ûntfolke en de pest om 1580 hinne makke dat it wer befolkjen fan de kontreien net eine. Sûnt 1639 kamen ek minsken út Artois nei de krite, dy't harren yn 'e buorskip 'De Reiger' nei wenjen setten, dat sûnt yn de folksmûle 'Artoys' hjitte.

Under Eastenryksk bewâld waarden tusken 1764-1775 nije diken oanlein, faak hiele rjochte, lykas de wei fan Torhout nei Oostende.

Tusken 1840 oant 1850 soarge in krisis yn de flaaksyndustry, mislearre rispingen en in tyfusepidemy foar in tiid fan ekonomyske delgong. In soad minsken waarden twongen om alle jierren nei Frankryk te gean om dêr te wurkjen. It duorre noch oant nei de Twadde Wrâldkriich dat de mechanisaasje yn 'e lânbou in ein makke oan de Flaamske seizoenarbeiders dy't helpe moasten by de Frânske rispinge.

Sûnt 1868 wie ek it spoar fan Torhout oant Oostende yn gebrûk. De yndustry bestie yn dy tiid út brouwerijen en in stienûne (1882).

Yn de Earste Wrâldkriich hienen de Dútsers in fjildhospitaal yn it kleaster en de skoalle ynrjochten. Dy't ferstoarnen waarden begroeven en letter opgroeven om yn 1930 op it Dútske begraafplak yn Vladslo op 'e nij begroeven te wurden. Yn 1917 waard ek in fleanfjild oanlein.

It molkfabryk waard yn 1979 sletten. Undertusken ûntstie yn 1975 in fúzjegemeente fan Ichtegem, dêr't ek Eernegem en Bekegem diel fan makken.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Sint-Michielstsjerke
  • Wijnendalebosk.
  • De Sint-Michielstsjerke is foar in part noch 15e-iuwsk (it dwersskip, de koernis en it leechste diel fan 'e krusingstoer) Yn 1884 waard it romaanske skip ôfbrutsen om plak te meitsjen foar in trijeskippige tsjerke mei in nij portaal op it plak dêr't eartiids it eastlike koer stie. De tsjerke hat tsjintwurdich in westlike oriïntaasje.
  • Kastiel Rosendahl.
Wijnendalebosk

Ichtegem leit yn 'Zandig Vlaanderen' yn it 'Westelijk Houtland'. De hichte ferskilt fan 10 oant 20 meter. Yn it súdeasten leit in steile râne nei it 'Plato fan Wijnendale', dêr't ek it Wijnendalebosk en it Kastiel fan Wijnendale lizze. It heechste punt is dêr tichteby de buorskip 'De Reiger' 51 meter. It plato foarmet ek in wetterskieding: streamkes súdlik fan it plato wetterje yn súdlike rjochting ôf nei de 'Handzamevaart', wylst de streamkes noardlik dêrfan nei de 'Moerdijkvaart' ôfwetterje.

Yn de gemeente is in brouwerij aktyf, dy't ferskillende streekbieren brouwt. Eartiids wiene der mear brouwerijen, lykas brouwerij 'De Engel', en der hat ek in stienfabryk stien. Yn de lânbou wie û.o. de bou fan flaaks wichtich.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis nl:Ichtegem


West-Flaanderen Flagge fan de provinsje West-Flaanderen
Alveringem - Anzegem - Ardooie - Avelgem - Beernem - Blankenberge - Bredene - Brugge (haadstêd) - Damme - De Haan - De Panne - Deerlijk - Dentergem - Diksmuide - Gistel - Harelbeke - Heuvelland - Hooglede - Houthulst - Ichtegem - Iper - Ingelmunster - Izegem - Jabbeke - Knokke-Heist - Koekelare - Koksijde - Kortemark - Kortrijk - Kuurne - Langemark-Poelkapelle - Ledegem - Lendelede - Lichtervelde - Lo-Reninge - Menen - Mesen - Meulebeke - Middelkerke - Moorslede - Nieuwpoort - Oostende - Oostkamp - Oostrozebeke - Oudenburg - Pittem - Poperinge - Roeselare - Ruiselede - Spiere-Helkijn - Staden - Tielt - Torhout - Veurne - Vleteren - Waregem - Wervik - Wevelgem - Wielsbeke - Wingene - Zedelgem - Zonnebeke - Zuienkerke - Zwevegem
· · Berjocht bewurkje