[go: up one dir, main page]
More Web Proxy on the site http://driver.im/Springe nei ynhâld

Gêst

Ut Wikipedy

Gêst (of gest en gjest), is in iensellich eukaryoat mikro-organisme dat ta it ryk fan de skimmels heard. Gêst kin sels gjin enerzjy opnimme; it moat organysk materiaal ôfbrekke om waakse te kinnen. It kin de koalstof út sûkers normaal omsette ta koalsoer, of it kin yn in soerstof-earm fermidden de sûkers ek foar in part omsette ta alkohol. Dy omsetting is de gêsting, dêr't de gêst nei neamd is. Guon soarten fan gêst wurde brûkt foar de gêsting fan ûnder mear bôle en wyn. Oare soarten libje lykwols op minsken en bisten en kinne de oarsaak wurde fan ûnstekkings as de hûd dêr't se op libje te swak wurdt.