[go: up one dir, main page]
More Web Proxy on the site http://driver.im/Springe nei ynhâld

Fawcett Publications

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Fawcett Books)
Fawcett Publications
algemien
nasjonaliteit Amerikaansk
type privaat
sektor útjouwerij
haadkertier New York (New York)
(oarspr. Robbinsdale (Minnesota))
oprjochte 1919
oprjochter Wilford Fawcett
eigner Bertelsmann AG
mem Ballantine Books
dochters Fawcett Books
Gold Medal Books
offisjele webside
gjint

Fawcett Publications wie in Amerikaanske útjouwerij dy't yn 1919 yn Robbinsdale, yn 'e steat Minnesota, oprjochte waard troch de sjoernalist en ûndernimmer Wilford Hamilton Fawcett (1885-1940), byneamd Captain Billy, in feteraan fan 'e Spaansk-Amerikaanske Oarloch. Dy hie ûnder de Earste Wrâldoarloch foar de Amerikaanske legerpublikaasje Stars and Stripes wurke, en de ûnderfining dy't er yn dy funksje opdien hie, brocht him op it idee om útjouwer te wurden. Syn earste publikaasje wie it blêd Captain Billy's Whiz Bang, dat benammen bekend kaam te stean om syn skabeljeuze moppen en cartoons. Letter begûn Fawcett ek oare tydskriften, stripboeken en paperback-romans út te jaan.

Under lieding fan Fawcett syn soan Roscoe Fawcett (1913-1999) wie Fawcett Publications yn 1949 de earste útjouwerij op 'e wrâld dy't orizjineel materiaal yn paperback-foarm begûn út te bringen (foartiid waarden allinnich mar paperbacks útjûn fan boeken dy't earder as hardcover op 'e merk brocht wiene). In protte fan 'e paperbacks fan Fawcett Publications wiene pulpromantsjes dy't útjûn waarden ûnder de ymprint Gold Medal Books (oprjochte yn 1950). Yn 'e fyftiger jierren soarge in tebekgeande merk derfoar dat Fawcett Publications syn striprige stopsette. Yn 1970 krige Fawcett de útjouwerij Popular Library yn 'e hannen, en neamde dy om ta Fawcett Books, wêrnei't it meastepart fan 'e boekútjeften fan Fawcett dêrby ûnderbrocht waard.

Yn 1977 waard Fawcett Publications sels oernommen troch CBS Publications, dat it eardere Popular Library yn 1982 trochferkocht oan Warner Communications, wylst de rest fan Fawcett Publications doe yn 'e hannen kaam fan Ballantine Books, in ûnderdiel fan Random House. Fan dy tiid ôf waard Fawcett Publications in ymprint dêr't Ballantine syn paperback-detektiveromans ûnder útbrocht. Yn 1998 gie Fawcett mei Ballantine en Random House oer yn 'e hannen fan it Dútske útjouwersconcern Bertelsmann AG. Koart nei de milenniumwiksel hold Ballantine op mei noch nije titels te publisearjen ûnder de namme fan Fawcett Publications.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.