Bertelsmann
Bertelsmann SE & Co. KGaA | ||
algemien | ||
hist. namme | C. Bertelsmann Verlag Bertelsmann AG | |
nasjonaliteit | Dútsk | |
type | privaat | |
sektor | útjouwerij, tillefyzjestudio | |
haadkertier | Gütersloh (Dútslân) | |
oprjochte | 1835 | |
oprjochter | Carl Bertelsmann | |
eigner | Bertelsmann Stiftung (77,4%) | |
dochters | Arvato Services Be Printers BMG Rights Management Gruner + Jahr Penguin Random House RTL Group | |
sifers | ||
omset | €16,1 miljard (2012) | |
winst | €619 miljoen (2012) | |
aktyf yn | hiele wrâld | |
wurknimmers | >104.000 (2012) | |
offisjele webside | ||
www.bertelsmann.com |
Bertelsmann (eins: Bertelsmann SE & Co. KGaA) is in Dútske multynasjonale korporaasje op it mêd fan 'e massamedia, dy't yn 1835 oprjochte waard en fêstige is te Gütersloh. It bedriuw is aktyf yn fyftich ûnderskate lannen en hie ein 2012 mear as 104.000 wurknimmers. Oer datselde jier wie de omset krapoan €16,1 miljard, en bedroech de winst €619 miljoen. Bertelsmann is in Kommanditgesellschaft auf Aktien (KGaA), wat delkomt op in soarte fan B.V. De wichtichste difyzjes binne: Arvato Services, Be Printers, BMG Rights Management, Gruner + Jahr, Penguin Random House en de RTL Group.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bertelsmann waard yn july 1835 troch Carl Bertelsmann oprjochte ûnder de namme fan C. Bertelsmann Verlag. Yn 't earstoan wie dat in útjouwerij fan benammen kristlike lietboeken en religieuze non-fiksje. Pas yn 1851, doe't Bertelsmann syn soan Heinrich Bertelsmann oan it bewâld kaam, waard úteinset mei it útjaan fan fiksje. De folgjende iuw wreide it bedriuw him stadichoan út, oant der yn 1939 401 minsken wurken.
Under de Twadde Wrâldoarloch wie Bertelsmann de grutste produsint fan nazypropaganda fan Dútslân. De doetiidske eigner, Reinhard Mohn sr., in oerpakesizzer fan Carl Bertelsmann, wie in fûleindige nazy en skynt û.m. de SS finansjeel ûnderstipe te hawwen. Yn 2002 kaam út it ûndersyk fan in troch Bertelsmann sels yn it libben roppen kommisje oan it ljocht dat it bedriuw ûnder de oarloch nau mei de NSDAP gearwurke hie, en dat der yn dy snuorje troch Bertelsmann gebrûk makke wie fan slavewurk ferrjochte troch Joadske finzenen. (Dizze ûndersykskommisje wie ynsteld nei't útlekt wie dat Bertelsmann yn 1998 by de oankeap fan it Amerikaanske Random House liigd hie oer it eigen oarlochsferline.) Yn 1945 moast Bertelsmann op lêst fan 'e Alliëarden sletten wurde, mar yn 1947 waard it bedriuw weroprjochte troch Reinhard Mohn jr. (dy't yn 'e oarloch yn Rommels Afrikakorps tsjinne hie).
Yn 'e fyftiger jierren wreide Bertelsmann syn wurkmêd út troch in boekeklub op te setten, de Bertelsmann Leserring. Boppedat bejoech it bedriuw him yn 1958 ek yn 'e muzykyndustry mei de stifting fan it platelabel Ariola Records. Yn 1964 naam Bertelsmann de filmstudio Ufa Filmproduktionsgesellschaft oer, al ferkocht it yn 'e santiger jierren it byhearrende keatling fan bioskopen. Yn 1973 kocht Bertelsmann fierders in mearderheidsbelang yn Gruner und Jahr, in útjouwer fan kranten en tydskriften.
Fanôf likernôch 1980 begûn Bertelsmann ek ynternasjonaal út te wreidzjen, fral yn 'e Feriene Steaten, mei oankeapen as it platelabel Arista Records (1979), de útjouwerij Bantam Books (1980), it platelabel RCA Victor (1986), de útjouwerij Doubleday (1986) en de útjouwerij Random House (1998). Yn 'e njoggentiger jierren brocht Bertelsmann syn belangen yn 'e muzykyndustry gear yn 'e difyzje BMG, wylst de útjouwerijen fan boeken allegear ûnderbrocht waarden by Random House. Fierders waard de Ufa Film- und Fernseh-GmbH yn 1995 fúzjearre mei it Lúksemboarchske CLT, sadat de RTL Group ûntstie, it grutste kommersjele radio- en tillefyzjenetwurk fan Jeropa. Fierders rjochte Bertelsmann yn 1999 yn Nederlân de boekferkeapwebside Bol.com op.
Yn 2004 gie Bertelsmann in joint venture oan tusken syn muzykdifyzje BMG Music Publishing en Sony Music, sadat Sony BMG ûntstie, ien fan 'e grutste platelabels fan 'e wrâld. Dêrby hold Bertelsmann in diel fan syn belangen yn 'e muzykyndustry apart ûnder de namme fan BMG Music Publishing, mar dat bedriuw waard yn 2006 oerdien oan Universal Music Publishing. Yn 2008 ferkocht Bertelsmann syn 50% eigendom yn Sony BMG oan 'e Sony Corporation of America, dy't it bedriuw Sony BMG dêrnei omneamde ta Sony Music Entertainment. De iennichste muzykbelangen dy't Bertelsmann no noch hat, binne dy op it mêd fan it behear fan auteursrjochten, dy't ûnderbrocht binne by de difyzje BMG Rights Management.
Op 20 augustus 2012 feroare Bertelsmann syn offisjele namme fan "Bertelsmann AG" yn "Bertelsmann SE & Co. KGaA". Yn 2013 gie it bedriuw mei syn Britske konkurrint Pearson PLC in joint venture oan troch Random House mei de Penguin Group fúzjearje te litten ta Penguin Random House, in wiere reus yn 'e útjouwersbrâns. Fierders naam Bertelsmann yn oktober 2014 Gruner + Jahr folslein oer.
Difyzjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bertelsmann is yndield yn 'e folgjende sân difyzjes:
- Korporaasje: it haadkantoar mei alle sintralisearre tsjinsten en ôfdielings;
- Arvato Services: in leveransier fan ynternasjonale media- en kommunikaasjetsjinsten;
- Be Printers: in ynternasjonaal konglomeraat fan bedriuwen op it mêd fan printoplossings en kommunikaasjetsjinsten;
- BMG Rights Management: talein op it behear fan auteursrjochten yn 'e muzykyndustry;
- Gruner + Jahr: ien fan 'e grutste útjouwers fan kranten en tydskriften yn Jeropa;
- Penguin Random House: de grutste útjouwerij fan boeken fan 'e wrâld;
- RTL Group: it grutste kommersjele radio- en tillefyzjenetwurk fan Jeropa.
Eigendom
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bertelsmann is sûnt 2012 in Kommanditgesellschaft auf Aktien (KGaA), wat delkomt op in soarte fan B.V., mei't der gjin publike oandielen útjûn binne. 80,9% fan it bedriuw is yn 'e hannen fan trije stiftings, wêrfan 77,4% fan 'e Bertelsmann Stiftung en it restant fan 'e Reinhard Mohn Stiftung en de BVG-Stiftung. De Bertelsmann Stiftung is in politike tinktank dy't oprjochte is troch famylje Mohn. Foar de rest (19,1%) is it bedriuw noch altyd direkt eigendom fan 'e famylje Mohn. Oant 2006 wie fierders 22,6% fan Bertelsmann yn 'e hannen fan 'e Belgyske yndustrialist Albert Frère.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes and References, op dizze side.
|