Ronald Reagan
Ronald Reagan (folút: Ronald Wilson Reagan; Tampico (Illinois), 6 febrewaris 1911 – Los Angeles (Kalifornje), 5 juny 2004), wie in Amerikaansk akteur, radiopresintator, tillefyzjepresintator, skriuwer, fakbûnslieder en politikus fan mingd Iersk-Skotsk-Ingelsk etnysk komôf. Hy makke yn 'e 1940-er jierren karriêre as film- en tillefyzje-akteur yn Hollywood, waard foarsitter fan it ynfloedrike Screen Actors Guild (it fakbûn fan filmakteurs), en rekke geandewei de jierren fyftich en sechstich almar mear belutsen by de polityk. Fan 1967 oant 1975 wied er gûverneur fan Kalifornje, en yn 1976 besocht er om 'e nocht en behelje de Republikeinske nominaasje foar it presidintskip. Yn 1980 slagge him dat al, en doe fersloech er by de ferkiezings de sittende Demokratyske presidint Jimmy Carter.
Ronald Reagan | ||
politikus | ||
echte namme | Ronald Wilson Reagan | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
bertedatum | 6 febrewaris 1911 | |
berteplak | Tampico (Illinois) | |
stjerdatum | 5 juny 2004 | |
stjerplak | Los Angeles (Kalifornje) | |
etnisiteit | Iersk Ingelsk Skotsk | |
partij | Republikeinske Partij | |
prizen | Pres. Frijheidsmedalje 1993 | |
Presidint fan de Feriene Steaten | ||
amtsperioade | 1981 – 1989 | |
foargonger | Jimmy Carter | |
opfolger | George H.W. Bush | |
Gûverneur fan Kalifornje | ||
amtsperioade | 1967 – 1975 | |
foargonger | Pat Brown | |
opfolger | Jerry Brown |
As presidint, in amt dat Reagan fan 1981 oant 1989 ferfolle, fierde er in tige rjochtse binnenlânske polityk, dy't goed wie foar de ekonomy, mar dy't makke dat de swakkeren yn 'e maatskippij yn 'e kjeld kamen te stean. Op bûtenlânsk mêd fierde er in agressive polityk dy't de Feriene Steaten behellen yn militêre konflikten mei Grenada, Lybje en Nikaragûa, en dy't himsels slim yn 'e swierrichheden brocht doe't it Iran-Kontra-skandaal oan it ljocht kaam. Teffens wurdt gauris it beëinigjen fan 'e Kâlde Oarloch oan him taskreaun, al miene kritisy dat dy ek sûnder him wol einige wêze soe. Yn it earste jier fan syn presidintskip oerlibbe er in moardoanslach. Nei ôfrin fan syn presidintskip waard bekend dat er oan 'e sykte fan Alzheimer litte. Hy is noch altyd in held fan 'e Amerikaanske konservativen.
Libben
bewurkje seksjeJonkheid en oplieding
bewurkje seksjeRonald Reagan waard op 6 febrewaris 1911 berne yn Tampico, yn 'e steat Illinois, as de soan fan Jack Reagan, in ferkeaper waans pakes en beppes ymmigranten út Ierlân wiene, en Nelle Wilson, dy't Skotske en Ingelske foarâlden hie. Hy groeide op yn in gesin mei ien âldere broer, Neil. Fanwegen syn heite wurk ferhuze it gesin gauris, en Reagan wenne yn syn bernetiid û.m. lytse hoartsjes yn Monmouth, Galesburg en Chicago, kearde yn 1919 eefkes yn Tampico werom, en kaam úteinlik, yn 1920, te wenjen yn Dixon. Hy waard grutbrocht yn it leauwe fan 'e Dissipels fan Kristus, de protestantske tsjerke dêr't syn mem lid fan wie.
Nei de middelbere skoalle studearre Reagan oan it Eureka College, te Eureka, dêr't er û.m. lid wie fan it cheerleaderstiim en it American footballtiim, oanfierder fan it swimtiim en foarsitter fan it studintebûn. As bybaantsje wied er yn dy snuorje baaimaster yn Lowell Park, fuortby Dixon, dêr't er yn seis jier tiid 77 rêdingsaksjes útfierde. Yn 1932 studearre er ôf yn ekonomy en sosjology. Neitiid ferfear er nei Iowa, dêr't er oannommen waard troch de Universiteit fan Iowa, yn Iowa City, om op 'e radio de thúswedstriden fan it pleatslike universiteitsfootballtiim te ferslaan. Letter fûn er wurk as fulltime-radiopresintator by in radiostasjon yn Davenport, en dêrnei by in grutter radiostasjon yn Des Moines. Wylst er yn 1937 as sportferslachjouwer op 'e radio foar in útwedstryd yn Kalifornje wie, died er dêr in audysje dy't late ta in sânjierrich kontrakt mei de filmstudio Warner Bros.
Aktearkarriêre
bewurkje seksjeReagan brocht syn earste pear jier yn Hollywood troch mei it spyljen yn B-films, dêr't kwaliteit minder wichtich wie as it heljen fan deadlines. Syn earste filmrol spile er yn Love Is on the Air, út 1937, en tsjin ein 1939 hied er al meiwurke oan 19 films, wêrûnder Dark Victory, mei Bette Davis en Humphrey Bogart. Hy waard lykwols pas bekend mei syn rol yn Knute Rockne, All American (1940), as George Gipp, byneamd "The Gipper" (in bynamme dy't oergie op Reagan sels, en dy't er syn hiele libben behâlde soe). Oare bekende rollen hied er yn 'e western Santa Fe Trail (1940), mei Errol Flynn, en yn Kings Row (1942), wêryn't er in man spile fan wa't beide skonken ôfset wiene.
Fral mei dy lêste rol wûn Reagan in protte loovjende kritiken, mar hy koe syn súkses net kapitalisearje, mei't er krekt doe oproppen waard foar syn tsjinstplicht. Fanwegen syn bysjendheid brocht er de Twadde Wrâldoarloch yn 'e Feriene Steaten sels troch, as luitenant en sûnt 1943 as kaptein by de 1ste Motion Picture Unit fan it Amerikaanske Leger, yn it Kalifornyske Culver City, dy't benammen trainingsfilmkes foar de Amerikaanske Loftmacht makke. Nei't er yn desimber 1945 ôfswaaid wie, kearde er werom yn Hollywood, dêr't er lykwols nea syn foaroarlochske stjerrestatus weromwûn. Lykwols spile er noch yn films as The Voice of the Turtle, John Loves Mary, The Hasty Heart, Bedtime for Bonzo, Cattle Queen of Montana, Tennessee's Partner en Hellcats of the Navy. Syn lêste rol hied er yn The Killers, út 1964, en dat wie teffens de iennichste kear dat er in smjunt spile.
Hoewol't Reagan him yn 't earstoan kritysk útlitten hie oer it medium tillefyzje, wied er letter, doe't er geandewei de jierren fyftich almar minder filmrollen bemachtigje koe, twongen om ek foar de tillefyzje te wurkjen. Hy waard presintator fan General Electric Theater, in wyklikse dramarige dy't tige populêr waard. Syn lêste baan as akteur wie yn 'e tillefyzjesearje Death Valley Days, fan 1964 oant 1965.
Yn 1941 waard Reagan foar it earst keazen yn 'e rie fan bestjoer fan it Screen Actors Guild ("Filmakteursgilde"; SAG), it fakbûn fan Amerikaanske filmakteurs. Nei syn militêre tsjinst waard er yn 1946 keazen ta foarsitter, en letter noch foar sân terminen fan ien jier werkeazen, sadat er foarsitter fan it SAG wie fan 1946 oant 1952 en nochris yn 1959. Hy late de organisaasje troch ûnlijige jierren fol arbeidskonflikten en de heksejacht op Amerikaanske kommunisten troch it Komitee oangeande Unamerikaanske Aktiviteiten fan it Hûs fan Offurdigen (HUAC). Folle letter kaam oan it ljocht dat Reagan en syn earste frou Jane Wyman yn 'e fjirtiger jierren ynformanten wiene foar de federale resjerzje FBI, oangeande lju mei kommunistyske sympatyen yn Hollywood.
Priveelibben
bewurkje seksjeYn 1938 kaam Reagen op 'e set fan 'e film Brother Rat yn 'e kunde mei de aktrise Jane Wyman (1917-2007). Hja trouden op 26 jannewaris 1940 te Glendale, yn Kalifornje, en krigen twa biologyske bern: Maureen (1941-2001) en Christine (dy't berne waard yn 1947, mar nei ien dei al kaam te ferstjerren), en namen in trêden oan: Michael (1945). Nei't se deilis rekke wiene oer Reagan syn politike ambysjes liet Wyman har yn 1948 fan Reagan skiede (Reagan is noch altyd de iennichste Amerikaanske presidint ea dy't skieden wie).
Yn 1949 mette Reagan de aktrise Nancy Davis (1921), doe't dy kontakt mei him opnaam yn syn hoedanichheid as foarsitter fan it SAG, om't hja betize wie mei in oare aktrise mei deselde namme en kommunistyske sympatyen, en sadwaande op in swarte list bedarre wie. Hy wertroude mei har op 4 maart 1952 te Los Angeles, wêrby't de bekende akteur William Holden syn tsjûge wie. Mei syn twadde frou krige er noch twa bern: Patti (1952) en Ron (1958). Nei't it skynt beholden Reagan en Nancy altiten in yntime relaasje; sy neamde him "Ronnie", en hy har "Mommy".
Iere politike karriêre
bewurkje seksjeReagan sette mei syn politike karriêre útein as lid fan 'e Demokratyske Partij, mar mei ûnder ynfloed fan Nancy skode er geandewei de fyftiger jierren almar fierder op nei rjochts. Hoewol't er yn 1962 offisjeel fan partij wiksele en in Republikein waard, behold er guon fan syn iere politike ideeën. Sa wied er al fan it begjin ôf oan in fûleindich tsjinstanner fan nukleêr wapenreau (inkeld de druk dy't op him útoefene waard troch de Warner Bros.-studio kaam foar dat er dêr yn desimber 1945 yn Hollywood in demonstraasje tsjin late), en ûnder syn lettere presidintskip soed er him ynsette om 'e wapenwedrin mei de Sovjet-Uny te beëinigjen en de oantallen nukleêre wapens safolle mooglik te beheinen.
Yn 'e iere sechstiger jierren joech Reagan opsjoch troch him tsjin beskate aspekten fan 'e nije boargerrjochtewetjouwing te kearen. Hoewol't er al fan bern ôf oan tsjin rasisme en diskriminaasje wie, fûn er it in net te fernearen beheining fan persoanlike rjochten dat de oerheid it hûseigners ferbiede soe om swarten fanwegen harren hûdskleur as hierders ôf te wizen. Dat wie fansels in ûnhâldbere posysje, en meitiid seach er dat sels ek yn en joech er syn tsjinakseling op dat punt op. Yn dyselde tiid waard er lid fan 'e Amerikaanske wapenlobby NRA, dêr't er de rest fan syn libben lid fan bliuwe soe.
Yn 1966 stelde er him kandidaat foar it gûverneurskip fan 'e steat Kalifornje. Hy fersloech by de ferkiezings de sittende Demokratyske gûverneur Pat Brown, en regearre dêrnei twa terminen lang, fan 1967 oant 1975, oer de grutste en machtichste steat fan 'e Feriene Steaten. Under syn kampanje hied er yndruk makke op it konservative diel fan it elektoraat mei sokke rjochtse retoryk as dat er "de liddichgongers út 'e bystân wer oan it wurk sette" soe, en dat er "de rotsoai yn Berkeley opromje" soe (ferwizend nei de anty-oarlochsbeweging dy't konsintrearre wie om 'e Universiteit fan Kalifornje te Berkeley). As gûverneur besocht er dy útspraken wier te meitsjen en rekke er sadwaande om it hoartsje yn heech oprinnende konflikten fersyld mei demontranten en de opposysje. Hy wie ferantwurdlik foar it bloedich delslaan fan protesten te Berkeley op 15 maaie 1969, in dei dy't bekend kaam te stean as Bloody Thursday, en wêrby't in deade foel en in oare demonstrant blyn rekke. Reagan sei: "As der in bloedbad nedich is, dan no fuortendaliks mar. De knyntsjedagen binne om." Doe't de stedsguerylja fan it Symbioneeske Befrijingsleger (SLA) miljonêrsdochter Patty Hearst ûntfierde en de distribúsje fan iten oan 'e earmen easke, murk Reagan op: "Spitich dat we gjin epidemy fan botulisme hawwe kinne." Yn 1967 tekene er de earste abortuswet fan Kalifornje, mar doe't er besefte wat de "gefolgen" (sa't er it sels formulearre) dêrfan wiene, kundige er oan dat er anty-abortus wie, en hold dat de rest fan syn libben fol. Teffens wied er in grut foarstanner fan 'e deastraf, en fûn er it tige frustrearjend dat der fanwegen it krewearjen fan syn tsjinstanners ûnder syn hiele gûverneurskip mar ien deastraf yn Kalifornje útfierd waard.
Yn 1976 stelde Reagan him kandidaat foar it Amerikaanske presidintskip, mar hy moast it by de Republikeinske foarferkiezings ôflizze tsjin 'e sittende presidint Gerald Ford, dy't de ferkiezings dêrnei ferlear oan 'e Demokratyske kandidaat Jimmy Carter. Reagan soarge derfoar dat er ûnder Carter syn presidintskip yn 'e belangstelling bleau troch as polityk kommentator foar de radio te wurkjen. Yn 1980 stelde er him wer kandidaat, en diskear wûn er de foarferkiezings en sleepte er de Republikeinske nominaasje yn 'e wacht. By de eigentlike ferkiezings naam er it op tsjin Carter, waans populariteit yn it neigean rekke wie troch de minne ekonomyske sitewaasje en de Iraanske Gizelderkrisis (wêrby't 52 Amerikaanske diplomaten en ambassademeiwurkers nei de Islamityske Revolúsje yn Iraan 444 dagen lang, fan 1979 oant 1981, op 'e Amerikaanske ambassade yn Teheran yn gizeling holden waarden). Sadwaande wisten Reagan en syn running mate (fise-presidintskandidaat) George H.W. Bush frij maklik de ferkiezings te winnen, mei 44 fan 'e 50 steaten en 489 stimmen yn it Electoral College tsjin 49 foar Carter, en 50,7% fan 'e stimmen tsjin 41%.
Under syn presidinsjele kampanje waard Reagan frege wat er fûn fan it Briggs Initiative, in foarstel dat by wize fan referindum tagelyk mei de presidintsferkiezings foarlein waard oan 'e befolking fan syn thússteat Kalifornje. It wie in wetsfoarstel dat it homo's, lesbiënnes en alle iepentlike foarstanners fan homorjochten ferbean hawwe soe om noch yn Kalifornyske skoallen te wurkjen. Reagan antwurde: "Homoseksualiteit is net in sykte lykas de mûzels," en sei fierders dat de wittenskiplike konsensus wie dat de seksuële oriïntaasje fan in bern net fan bûtenôf beynfloede wurde kin. Dy útspraken wiene fan krúsjaal belang foar de útkomst fan it referindum (it útstel waard troch de Kaliforniërs fuortstimd).
Presidintskip
bewurkje seksjeYn jannewaris 1981 waard Ronald Reagan mei 69 jier (as âldste man ea) ynsward as de 40ste presidint fan 'e Feriene Steaten. By de ferkiezings fan 1984 weve er handich ôf mei syn Demokratyske útdager Walter Mondale (dy't fise-presidint west hie ûnder Carter), en wûn er in twadde termyn. Sadwaande wied er presidint fan 1981 oant 1989, doe't er 77 jier wie. Op 30 maart 1981, doe't er noch mar 69 dagen presidint wie, rekken Reagan, syn parsewurdfierder James Brady, syn Secret Service-liifwacht Timothy McCarthy en de Washingtonske plysjeman Thomas Delahanty ferwûne by in net polityk motivearre moardoanslach, útfierd troch John Hinckley bûten it Hilton Hotel yn Washington, D.C. Sawol Brady, McCarthy (dy't himsels yn 'e baan fan 'e kûgels smiet) as Reagan waarden yn kritike tastân nei it sikehûs brocht. McCarthy bettere wer folslein op. De presidint, dy't de dea nei-oan west hie, bettere wer op, en mocht op 11 april it sikehûs ferlitte.
Binnenlânsk belied
bewurkje seksjeAs presidint fierde Reagan in binnenlânsk belied dat rjochte wie op it wer op gong helpen fan 'e Amerikaanske ekonomy. Syn Reaganomics (sa't dat belied wol neamd waard) befieme û.m. grutskalige besunigings op oerheidsútjeften en it oanmoedigjen fan ekonomyske groei troch algemiene belestingferlegings. Hoewol't Reagan op guon mêden de belestings just opskroeve, is dat tsjintwurdich frijwol ûnbekend en stiet er noch altiten bekend as de grutte belestingferleger. Op belestingtechnysk terrein ûntseach Reagan fierders yn 't bysûnder de riken, om't dat neffens him ûnmisbere ynvestearrings yn 'e ekonomy stimulearje soe. Syn belied die fertuten, yn dy sin dat Feriene Steaten fan 1982 ôf ekonomysk sjoen yndie wer by de wâl opklauden. Mar dêrby kamen de earmen, minderheidsgroepen en oare maatskiplik swakkeren yn 'e kjeld te stean. Hja hiene folle minder baat by belestingsferlegings, mar waarden nammenste mear troffen troch it befriezen fan it minimumlean (op $3,35 de oere) en troch besunigings oant 60% op sosjale help fan it federale regear oan pleatslike oerheden en op subsidiëarre húsfêsting, sûnenssoarch, ûnderwiis en itensdistribúsje, wylst anty-earmoedeprogramma's hielendal ôfskaft waarden.
Reagan kearde him ek tsjin drugs en rôp yn 1982 de net te winnen Oarloch tsjin de Drugs (War on Drugs) út. Fierders tekene er yn 1986 in nije ymmigraasjewet, dy't in algemiene amnesty foar likernôch 3 miljoen yllegale ymmigranten omfette, mar dy't it foar nije yllegalen dreger meitsje moast om 'e Feriene Steaten binnen te kommen en der wurk te finen.
Bûtenlânsk belied
bewurkje seksjeOp bûtenlânsk mêd waard Reagan syn belied behearske troch de Kâlde Oarloch. As fûleindich anty-kommunist loek er faak tegearre op mei de Britske minister-presidint Margaret Thatcher, en neamde er de Sovjet-Uny "it ryk fan it kwea" ("the evil empire"), ien fan syn bekendste útspraken. Hy die der alles oan om 'e Sovjet-ynfloed tsjin te gean. Ein oktober 1983 liet er in ynfal dwaan yn it Karibyske eilânsteatsje Grenada, dêr't sûnt 1979 in ûnôfhinklik, net mei de Sovjet-Uny ferbûn marksistysk regear oan 'e macht wie. Fierders fierde er in belied yn dat bekend kaam te stean as de Reagandoktrine, en dat it temûk ûnderstypjen fan anty-kommunistyske fersetsbewegings befieme. Sa stipe er de Afgaanske rebellen, de mujaheddīn, yn harren guerylja-oarloch tsjin 'e Sovjet-besettingsmacht yn harren lân, en teffens de saneamde Kontra's, dy't it sandinistyske regear fan Nikaragûa befochten. Oare begeunstigen fan Amerikaanske stipe ûnder Reagan syn presidintskip wiene faksistyske diktators dy't faak rûnom de minskerjochten skeinden, lykas Efraín Ríos Montt fan Gûatemala, Álvaro Magaña fan El Salvador, Augusto Pinochet fan Sily en Ferdinand Marcos fan 'e Filipinen.
Under Reagan syn presidintskip wiene der fierders allegeduerigen ynsidinten en konflikten mei Lybje, te begjinnen mei it Ynsidint yn 'e Golf fan Syrte, yn 1981, en einigjend mei it Amerikaanske Bombardemint fan Lybje, yn 1986. Datselde jiers kaam it Iran-Kontra-skandaal oan it ljocht, dat it grutste Amerikaanske politike skandaal fan 'e jierren tachtich waard. It die bliken dat it Amerikaanske regear tsjin in ynternasjonale boykot yn temûk hannel dreaun hie mei de Islamityske Republyk Iraan, en de opbringsten dêrfan brûkt hie om wapens te leverjen oan 'e Kontra-rebellen yn Nikaragûa. Reagan sels hold út dat soks bûten him om bard wie. It Ynternasjonaal Gerjochtshôf oardiele dat de Feriene Steaten dêrmei op ûnderskate manearen ynternasjonale ferdraggen ferbrutsen hiene, mar de regearing-Reagan wegere de jurisdiksje fan it Hôf oer dizze saak te erkennen. Likegoed rekke Reagan der slim troch skansearre: binnen in wike sakke syn populariteit fan 67% oant 46%, de fluchste delgong yn 'e Amerikaanske skiednis.
Wat de Sovjet-Uny oanbelange, dêrmei fierde Reagan yn 't earstoan in polityk fan hurde konfrontaasje. Hy fierde de wapenwedrin op, mar doe't de herfoarmer Michael Gorbatsjov yn it Kremlin oan 'e macht kaam, feroare er fan taktyk en stapte er oer op diplomasy. Hy en Gorbatsjov hiene tusken 1985 en 1988 fjouwer moetings, yn Sjenêve, Reykjavik, Washington, D.C. en Moskou. Dêrby sette Reagan by de ûnderhannelings yn op nukleêre ûntwapening, wat úteinlik resultearre yn 'e ûndertekening fan it INF-Ferdrach en yn it lizzen fan it fûnemint foar it START I-ferdrach. Yn 1987, doe't er in taspraak joech by de Berlynske Muorre, die Reagan ien fan syn bekendste útspraken: "Menear Gorbatsjov, smyt dizze muorre om!" Doe't tsien moannen nei de ein fan syn presidintskip de Kâlde Oarloch foarby wie, en twa jier dêrop de Sovjet-Uny útinoar foel, waard dat troch in protte saakkundigen alteast foar in part oan Reagan syn optreden taskreaun. Oaren, lykwols, stelle dat de Sovjet-Uny himsels yntern sa ûndergroeven hie dat er likegoed wol te sink gien wie.
Lettere jierren en dea
bewurkje seksjeNei't er begjin 1989 as presidint opfolge wie troch syn eigen eardere fise-presidint George H.W. Bush, wennen de Reagans ôfwikseljend yn in filla yn 'e Losanzjelynske wyk Bel Air en op 'e Reagan Ranch yn Santa Barbara. Reagan syn lêste ferskining yn it iepenbier wie op 'e begraffenis fan âld-presidint Richard Nixon, op 27 april 1994.
Reagan hie al eardere sûnensproblemen hân; sa wied er staf en moast er gebrûk meitsje fan in pear gehoarapparaatsjes, en ek hied er operaasjes ûndergien foar darmpolipen (1985), in fergrutte prostaat (1987) en oan syn noas, foar hûdkanker (1987). Yn augustus 1994 waard lykwols bekend makke dat de doe 83-jierrige Reagan oan it demintearjen wie en oan 'e sykte fan Alzheimer litte. In fal fan syn hynder, yn Meksiko, yn 1989, wêrby't Reagan holleletsel oprûn, droech foar 't neist wol by ta it flugger gean en oanboazjen fan syn symptomen. Der bestiet lykwols ûnienichheid oer hoelang't er al symptomen hie. Der binne geroften oangeande nuverichheden yn Reagan syn hâlden en dragen, ûnderstipe troch bewiismateriaal, dy't wolle dat er al ûnder syn twadde termyn as presidint eins net mear hannelingsbekwaam wie en dat it lân doe feitlik regearre waard troch de kliber om him hinne. It is yn elts gefal dúdlik dat Reagan ûnder syn twadde amtstermyn net altyd hielendal himsels wie. Yn har memoires beskreau Lesley Stahl, de eardere Wite-Hûskorrespondinte foar de stjoerder CBS, bgl. har lêste moeting mei Reagan, yn 1986: "Reagan liek net te witten wa't ik wie. [...] Och, hearken, hy is kierewyt, tocht ik. Ik moat fan 'e jûn hjir it gazon op gean en myn lânslju fertelle dat de presidint fan 'e Feriene Steaten in krebintige healegearen-ien is." Mar doe, oan 'e ein fan harren petear, waard er ynienen wer alert. Stahl: "It skeelde neat of ik hie útbrocht dat Reagan senyl wie."
Doe't nei ôfrin fan syn presidintskip syn sykte buorkundich makke wie, koe Reagan meitiid noch mar in pear minsken wer, mei dêrûnder syn frou Nancy. Hy libbe in soarte fan klúznersbestean, al bleau er wol aktyf; sa spile er geregeldwei golf en makke er lange kuiertochten troch parken en oer strannen. Yn 2001 kaam er thús te fallen en briek er syn heup, wat him yn 'e tiid dêrnei noch mear oan hûs bûn. Reagan stoar op 5 juny 2004 yn syn wente yn Bel Air oan longûntstekking komplisearre troch Alzheimer. Hy waard 93 jier.
Sjoch ek
bewurkje seksjeKeppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Citations, References en Further reading, op dizze side.
|