Reykjavik
Reykjavik (Yslânsk: Reykjavík) is de haadstêd fan Yslân. Yn 2005 hie de stêd 114.800 ynwenners, mei de 6 foarstêden Mosfellsbær, Seltjarnarnes, Kópavogur, Garðabær, Bessastaðahreppur (of Sveitafélagið Álftanes) en Hafnarfjörður derby wennen der 183.845. Dat wie doetiids 38,8% respektivelik 62,7% fan de totale befolking fan Yslân. In grut part fan de ynwenners wurket yn de fiskerij en yndustry. Oare middels fan bestean binne de hannel en tsjinstferliening. Reykjavik is ek it lanlik sintrum foar hannel en transport. Fierders binne de wichtichste oerheidsynstellingen ûnderwiis, sosjale- en sûnenstsjinsten dêr festige. De haven fan Reykjavik is de grutste fan it lân. Tichtby de stêd leit de berch Esja
Reykjavik | ||
Reykjavik sjoen fanôf Hallgrimskirkja | ||
Bestjoer | ||
Lân | Yslân | |
Regio | Höfuðborgarsvæðið | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 120.165 (2008) | |
Oerflak | 274,5 km² | |
Befolkingsticht. | 436,5 / km² | |
Stêdekloft | 201.847 op 777 km² 259,4 km² | |
Oar | ||
Tiidsône | GMT (UTC+0) | |
Koördinaten | ||
Offisjele webside | ||
www.reykjavik.is |
Skiednis
bewurkje seksjeNeffens de oerlevering waard Reykjavik yn 871 stifte troch Ingólfur Arnarson, de earste kolonist fan Yslân. Hy arrivearre mei syn skip en smiet twa balken oerboard wêr't er by sei dat er in pleats bouwe soe op it plak dêr't se oan lân spielden. Hy neamde dat plak Reykjavik (Reekbaai), omdat er dêr steam oprizen seach út hjitte boarnen. Syn pleats stie tusken de plakken dêr't tsjintwurdich it stedhûs fan Reykjavik stiet en dêr't de eardere haven lei.
Doe't Reykjavik yn 1786 stedsrjochten krige, wie it amperoan noch in doarp mei 170 ynwenners. Sûnt dy tiid woeks de befolking stadichoan.Der ferfearen ek (of waarden ynsteld) it lânsbestjoer en ûnderwiisynstânsjes dêrhinne, lykas de Alþing (parlemint), it heechgerjochtshôf en de sit fan de biskop. Yn 1911 waard de universiteit fan Yslân yn Reykjavik oprjochte.
Begjin 20e iuw hie de stêd om-ende-by 12.000 ynwenners en sûnt de Twadde Wrâldkriich hat de groei him goed ynset, mei tsjintwurdich likernôch 120.000 ynwenners (1 april 2008) op in oerflak fan goed 994 km². Dat is sawat 40% fan de befolking fan Yslân.
Transport
bewurkje seksjeReykjavik hat twa lofthavens:
- in lofthaven, dy't yn de stêd leit, foar binnenlânske flechten en flechten nei Nuuk, Grienlân en de Faeröereilannen;
- de lofthaven Keflavik, sawat 50 km súdwestlik fan Reykjavik, dy't benammen foar ynternasjonale flechten brûkt wurdt.
Berne yn Reykjavik
bewurkje seksje- Halldór Laxness (23 april 1902), auteur, Nobelpriiswinner
- Jón Páll Sigmarsson (28 juny 1960 - 16 jannewaris 1993), 'sterkste man op 'e wrâld' (1984, 1986, 1988 en 1990)
- Arnaldur Indriðason (8 jannewaris 1961), auteur fan detektiveromans
- Arnór Guðjohnsen (30 april 1961), fuotballer
- Einar Örn Benediktsson (29 oktober 1962), sjonger en trompettist
- Björk Guðmundsdóttir (21 novimber 1965), sjongster/songwriter
- Agnar Helgason (31 july 1968), antropolooch
- Rúnar Kristinsson (5 septimber 1969), fuotballer
- Emiliana Torrini (16 maaie 1970), sjongster/songwriter
- Arnar Grétarsson (20 febrewaris 1972), fuotballer
- Arnar Viðarsson (15 maart 1978), fuotballer (De Graafschap)
- Eiður Guðjohnsen (15 septimber 1978), fuotballer
- Örn Arnarson (31 augustus 1981), swimmer
- Unnur Birna Vilhjálmsdóttir (25 maaie 1984), Miss World 2005
- Bjarni Viðarsson (5 maart 1988), fuotballer (FC Twente)