[go: up one dir, main page]
More Web Proxy on the site http://driver.im/

Pjotr Aleksejevitsj Kropotkin (Russysk: Пётр Алексеевич Кропоткин, Pjotr Aljeksjejevič Kropotkin) (Moskou, 9 desimber 1842Dmitrov, 8 febrewaris 1921) wie in Russysk foarst, revolúsjonêr en anargist; teoretikus fan it anargisme, geograaf en soölooch.

Kropotkin om 1900 hinne

Kropotkin wie fan 1872 oant 1874 lid en propagandist fan de rûnte fan de 'tsjajkovisten', in revolúsjonêre beweging yn Sint-Petersburg.
Fan 1876 oant de febrewarisrevolúsje fan 1917 wie er twongen om yn it bûtenlân te wenjen. Hy wie dêr lid fan anargistyske organisaasjes. Kropotkin publisearre op it mêd fan etyk, sosjology en de skiednis fan de Frânske Revolúsje. Yn 1902 ferskynden syn memoires: 'Oantinkens fan in revolúsjonêr'.

Kropotkin konkludearre, ûnder oaren yn tsjinstelling ta Darwin, dat by bisten fan deselde soarte gjin striid om it bestean foarkomt. Help en solidariteit ûnder inoar blike essensjeel foar it behâld en de evolúsje fan eltse bistesoarte. De minske hinget der neffens Kropotkin ek nei oer om in genereuze hâlding oan te nimmen, him op te offerjen en wat foar in oar oer te hawwen. Dat soe benammen bliken dwaan yn lytse en solidêre mienskippen. Hy miende soks noch te sjen in beskate lânseigen befolkingsgroepen, dy't it feodalisme en kapitalisme net kend hienen.

Sa skreau er oer de Kommune fan Parys fan 1871, dat "in nij idee berne wie ûnder de namme fan de Paryske Kommune, in idee foarornearre de miet te wurden foar revolúsjes yn de takomst."[1] De moderne steat is neffens Kropotkin de grutste behindering foar it berikken fan in maatskippij grûnfêste op ûnbaatsuchtigens, frijheid en gelikens. It ôfbrekken fan de steat soe dêrom de iennichste wei wêze nei solidêr gedrach fan de minske, de befrijing fan it yndividu en de foarútgong fan de maatskippij.[2]

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dit artikel is in oersetting fan it artikel Peter Kropotkin yn Wikipedia nl:.
  1. Edwards, Stewart (1973), The Communards of Paris, 1871, London, Thames and Hudson, p. 10. ISBN 0-500-75002-5
  2. Kropotkin, P.A. (1902) Wederzijdse hulp/Mutual aid.