[go: up one dir, main page]
More Web Proxy on the site http://driver.im/

Frânske Revolúsje

De Frânske Revolúsje (1789-1799) wie in rûzige rite yn 'e politike histoarje fan Frankryk wêrby't de republyk de monargy út it stee krong. It wie in striid fan it folk tsjin de machthawwers. Yn Jeropa sette de revolúsje in tiidrek fan oarloch yn 'e gong dat likernôch 23 jier duorje soe, omdat oare útlânske machthawwers fanwege de politike ûntjouwings yn Frankryk har slim bedrige fielden.

De bestoarming fan de Bastille

Histoarisy kinne it net altiten meiïnoar lykfine oer de oarsaak fan de revolúsje. Der binne twa ynterpretaasjes, foarst, dat de âlde aristrokratyske oarde fan it Regime Ancien beswike troch de woeksene boergeoisy, de grutboeren en hannelaren. Neffens de twadde ynterpretaasje soene herfoarmingsbewegingen fan de boergeoisy en it Regime Ancien in wyld omslein ha. Neffens de twadde ynterpretaasje soenen dy nij bewegingen mei populêre groepen fan de Regime Ancien en boergeoisy gearwurke ha, mar in alliânsje fan de twa maatskiplike klassen leit net yn 'e reden en at dat al sa west hat wie dat ynsidenteel.

Kening Loadewyk XV hie mei Frankryk in stikmannich oarloggen fochten en dêrtroch hie de steat in skuld fan hast twa biljoen livres. Omdat de steatskuld sa heech wie moasten de minsken mear belesting betelje. Fierders wienen der grutte militêre flaters dêr't de monargy skuld oan hie, en minne soarch foar de feteranen fan de kriich. Boppedat waard it folk hieltyd lulker omdat de keninklike famylje bêst jild betelle foar eigen foarsjennings en paleizen. Fieders wie it folk lulk om de maatskiplike ferskillen. De kening hie alle macht en oaren mochten net meitinke oer beslissings. De minsken fan de trije maatskiplike klassen woenen dat der gjin ferskil mear wie tusken har en de tsjerke (earste klasse) en de adel (twadde klasse).

Koartsein komt it der op del dat it Frânske folk net tefreden wie mei de poltike en sosjaal-ekonomyske sitewaasje.

Bestoarming fan de Bastille

bewurkje seksje

De bestoarming fan de Bastille finzenis op 14 july 1789 is miskien it meast bekende en wichtige foarfal fan de revolúsje. Yn 'e Bastille sieten steatsfijannen fan de keninklike famylje, dy't faak de deastraf krigen. Nei't de kening it leger sammele om de stêd Parys hinne wurdt it folk fan de tredde klasse (98% fan it folk) lulk en komt it ta in opskuor dy't late ta de bestoarming fan de Bastille.

De Assemblée nationale

bewurkje seksje

Yn 1789 roppe de tredde klasse ta "Assemblée Nationale" (soart parlemint) út. Ek de adel en de tsjerke wurde letter fertsjinwurdige yn 'e Assemblée Nationale. De twa wichtichste saken dy't it Assemblée Nationale foar har noed nommen hat binne:

De Frânske grûnwet fan 1791 makke neffens de Trias Politica, dat betsjut dat der dan trije machten binne. Yn de grûnwet fan 1791 wurdt dy macht sa ferdield:

Yn augustus 1792 wurdt it Assemblée ûntbûn en komme der ferkiezings foar in Nasjonale Konfinsje. Ien fan de earste dieden fan de Nasjonale Konfinsje is it ôfskaffen fan it keningskip op 21 septimber 1792. Dat wie it begjin fan de Frânske Republyk.

It motto fan de nije Frânske Republyk wie 'Frijheid, Lykberjochting en Bruorskip'. Mar de nije lieders fermoarden likegoed 40,000 minsken, ek harren kening Loadewyk XVI. Der wie noch gjin feiligens yn Frankryk en it leger waard brûkt om opskuorren en kontrarevolusjonêre aktiviteiten del te houwen. Yn dy tiid krijt generaal Napoleon Bonaparte hieltyd mear macht.