[go: up one dir, main page]
More Web Proxy on the site http://driver.im/

Maarskalk

(Trochferwiisd fan Fjildmaarskalk)

In maarskalk of fjildmaarskalk is in opperofsier fan 'e heechste rang yn 'e nasjonale kriichsmacht fan in beheind tal lannen. Dizze rang komt foar by de lânmacht, de loftmacht en de maresjesee; de ekwivalinte rang by de marine is grutadmiraal of admiraal fan de float. It wurd 'maarskalk' komt oarspronklik fan it Aldfrankyske *marhscalc of *marhskalk, fan *marha ("hynder", ferlykje 'merje') en scalc of skalk ("jonge"). De oarspronklike etymology fan it wurd 'maarskalk' is dus "stâljonge".

In maarskalksstêf, it teken fan 'e rang fan in maarskalk.

Yn 'e militêre rangoarder stiet in maarskalk boppe in generaal, en fiert er yn prinsipe it befel oer legergroepen dêr't ferskate legers yn gearbrocht binne. Dêrmei is it de heechste rang dy't der bestiet, hoewol't de rang fan maarskalk yn 'e measte kriichsmachten fan 'e wrâld net foarkomt, sadat de rang fan generaal ornaris it heechst is. De Nederlânske kriichsmacht ken bgl. gjin maarskalksrang mear; de lêste Nederlânske fjildmaarskalk wie prins Freark, de soan fan kening Willem I, yn 'e earste helte fan 'e njoggentjinde iuw.

Maarskalken komme hjoed oan 'e dei noch foar yn 'e legers fan Bolivia, Brazylje, Fenezuëla, Finlân, Frankryk, Grut-Brittanje, Itaalje, Nij-Seelân (allinnich by de loftmacht), Paraguay, Perû, Poalen, Roemeenje, Ruslân en Turkije. Yn 'e Britske striidkrêften komt by de lânmacht de fjildmaarskalk (field marshal) foar en by de loftmacht de maarskalk. Histoarysk hiene ek de legers fan Dútslân oant 1945 (Generalfeldmarschall), de DDR, Eastenryk-Hongarije (Feldmarschall en Feldmarschalleutnant), Joegoslaavje en de Sovjet-Uny de rang fan maarskalk.

Militêre rangen dy't ekwivalint binne mei dy fan maarskalk komme ek yn guon legers foar, mei as bekendste foarbyld de (tige seldsume) generaal fan it leger ('fiifstjerregeneraal') yn 'e Amerikaanske kriichsmacht. Oare lannen mei ferlykbere rangen binne Egypte en ferskate oare Arabyske lannen (mušir), Fjetnam (nguyên soái of thống chế), Grikelân (stratarches), Iran (artešbod), Japan (gensui), Kroaasje (vrhovnik), Noard- en Súd-Koreä (wonsu), Sina (yuan shuai) en Tailân (chom phon).

Skematysk oersjoch

bewurkje seksje

Oersjoch fan 'e maarskalksrangen mei ekwivalinten yn oare kriichsmachtûnderdielen:

lânmacht
en mariniers
marine loftmacht
maarskalk
of fjildmaarskalk
of generaal fan it leger
grutadmiraal
of admiraal fan de float
maarskalk fan de loftmacht
generaal admiraal generaal
of opperloftmaarskalk
luitenant-generaal fise-admiraal luitenant-generaal
of loftmaarskalk
generaal-majoar skout-by-nacht generaal-majoar
of fise-loftmaarskalk

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.