[go: up one dir, main page]
More Web Proxy on the site http://driver.im/Springe nei ynhâld

Zuurdijk

Ut Wikipedy

Zuurdijk (Grinslannersk: Zuurdiek) is in plak yn de gemeente It Hegelân (oant 1 jannewaris 2019 gemeente De Marne) yn de provinsje Grinslân). Zuurdijk hie 100 ynwenners op 1 jannewwaris 2008.

Eins bestiet it út trije kearnen. Om se út elkoar te hâlden wurde se offisjeus nûmere. It meast westlik leit de earste Zuurdijk. Dat is de grutste kearn, dêr't de tsjerke (mei de bekende mearman as wynwizer), it kafee en de mûne De Swel (8-kantige boppekruier út 1858) steane. Sawat in kilometer nei it easten leit de twadde Zuurdijk, (1e Nijhoezen) in samling karakteristike Grinslanner lânarbeidershúskes. De tredde Zuurdijk (2e Nijhoezen), wer wat eastliker, bestiet út noch in samling arbeidershúskes en inkelde gruttere pleatsen.

De tsjerke fan Zuurdijk
Ynterieur fan de tsjerke fan Zuurdijk

De earste fermelding oer Zuurdijk giet oer in stoarmfloed yn 1287 (de Sint-Lusiafloed) wêrtroch't de op in sânrigge 'Sutherdiecke' fan it gebiet De Marne fernield waard. Dat feroarsake safolle slachtoffers, dat gearwurking mei bewenners fan Asterdyk (= Easterdyk) en Westerdyk nedich wie om de dyk te reparearjen. Der ûntstie in nij doarp: Sutherdiecke (= Suderdyk). De namme Zuurdijk is in ferbastering fan dy namme.

Besuden Zuurdijk lizze noch twa diken. Alderearst de eardere dyk fan it Ryddjip. Súdlik dêrfan leit de saneamde Uterdyk. Fan dy 'uterdyk' is yn 1729 in part yndike, de Alde Zuurdijkster Uterdykspolder. Yn 1805 waard in twadde stik yndike, de Torringapolder en op it lêst ûntstie yn 1819 de Nije Zuurdijkster Uterdykspolder. De súdlike dyk fan dy polders, de Kadyk neamd, leit pal tsjin dy fan it Ryddjip oan.

De tsjerke is fan foar 1287, mar der binne oanwizings fûn dat er noch 50 jier earder boud wêze moat. De klok is fan 1482. De wynwizer stelt in seemearman foar. Ea is der in stik fan de sturt ôfwaaid en net weromfûn of -setten. De seemearman foarmet no noch it logo fan Zuurdijk. In oare bysûnderheid is dat mar oan trije kanten fan de toer in wizerplaat sit. Oan de noardkant sit net ien, dat is de kant fan it tsjerkhôf. 'Dêr ha se de tiid toch net nedich', wie de redenaasje. De tsjerke is yn 2001 yngreven restaurearre, wêrby't in soad autentike eleminten foar it ljocht komd binne, en bewust sichtber litten binne.

Aldynwenners, dêr't de grêven fan op it tsjerkhôf werom te finen binne: Jan Zijlma, lânbouwer op Ewer en auteur fan 'De Marne, een geschiedkundige beschrijving' (Grins, 1884), syn broer Geuchien Zijlma, lid fan de 1e en 2e Keamer, en J.S. van Weerden, master, en mei-oprjochter fan de Histoaryske Rûnte De Marne, en auteur fan it boek 'Zuurdiek mien Dorpke'.

Opmerklik feit is ek dat Zuurdijk yn de earste helte fan de 19e iuw it rykste doarp fan Nederlân wie. Dit kaam troch de 'dikke' (= rike) boeren, dy't yn dy tiid harren gouden jierren hiene. Letter yn de 19e iuw stribben de boeren yn East-Grinslân de Zuurdijkster boeren foarby.