[go: up one dir, main page]
More Web Proxy on the site http://driver.im/Springe nei ynhâld

X-Men

Ut Wikipedy

De X-Men (Ingelsk: De Iks-Manlju) binne in tekenteltsjefigueren út de lyknammige tekenteltsjerige fan Marvel Comics, begjin sechtiger jierren fan de 20e iuw betocht troch de skriuwer Stan Lee en tekene troch teltsjetekener Jack Kirby. Njonken de tekenteltsjes binne der no ek tekenfilms, tillevysjesearjes en films oer de X-men.

De ferhalen geane oer in groep fan mutanten, minsken dy't oars binne as oare minsken trochdat hja in X-gen hawwe dat harren bysûndere krêften jout. Oars as de ferhalen út de earste helte fan de 20e iuw, lykas Superman en Batman, binne de X-men yn it ferhaal net populêr by de befolking. De minsken binne bang fan de mutanten, en hate harren om't hja oars binne. It oarspronklike ferhaal folget in groepke mutanten, byelkoar brocht troch professor Xavier op in skoalle foar mutanten. Dêr leart er harren mei harren krêften om te gean, mar ek om om te gean mei de reaksjes fan oare minsken. Stan Lee wurke op dy manier it tema fan de searje, diskriminaasje fan lju dy't oars binne, tige dúdlik út, om't fan it begjin ôf fêststiet dat "oars" net itselde is as "minder". Mar binnen dat tema binne der fansels ferhalen oer oare mutanten dy't harren krêften tsjin de wrâld rjochtsje.

Yn de earste ferzje fan it ferhaal wie der mar ien folwoeksene yn de groep, allinnich professor Xavier. De karakters fan de jongerein wienen lykwols op den djoer net sterk genôch om it ferhaal drage te kinnen en nei 66 nûmers waard de searje stoppe.

Yn de santiger jierren waard de searje troch Chris Claremont trochskood nei in lettere tiid. No wienen de oarspronklike X-men folwoeksen, en ien fan harren late de skoalle. De folwoeksen groep luts ek oare folwoeksen mutanten oan, en ek fan fierder fuort, dat de fariaasje oan figueren waard folle grutter. De folwoeksen karakters wienen folle dúdliker, en troch de fariaasje koenen mear minsken harren mei de groep identifisearje. De fariaasje makke it ek mûglik it tema út te wreidzjen ta oare foarmen fan diskriminaasje. Yn dizze foarm is X-men hieltiid noch populêr.