[go: up one dir, main page]
More Web Proxy on the site http://driver.im/Springe nei ynhâld

Vostok 1

Ut Wikipedy
De daalkabine fan Vostok 1 yn it RKK Energia Museum yn Korolev, tichtby Moskou

De Vostok 1 wie it earste bemande romtefartúch, lansearre yn it ramt fan it Russyske Vostokprogramma. It waard op 12 april 1961 lansearre. De Sovjet kosmonaut Joeri Gagarin foarme de bemanning en waard dêrmei de earste minske yn de romte.

Missybeskriuwing

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De flecht wie folslein automatysk, de bestjoeringynstruminten wienen blokkearre. Gagarin hie in koade yn in fersegele slûf, dêr't er yn needgefallen, nei tastimming fan de flechtlieding, de bestjoeringsynstruminten deblokkearje koe. Dochs wie de koade, "325", gjin geheim foar Gagarin. Foarôfgeand on syn lansearring hiene in technikus en generaal Kamanin him de geheime koade al ynskune[1].

De lansearring ferrûn sûnder problemen en nei 10 minuten kaam it Vostok romtefartúch los fan de draachraket. In grut gedielte fan de baan lei oer wetter. Nei it ferlitten fan Aziatysk kontinint stuts de Vostok diagonaal de Stille Oseaan oer en fleach om de súdpunt fan Súd-Ameerika om dêrnei diagonaal de Atlantyske Oseaan oer te stekken. Op 'e hichte fan Angoala fleach de Vostok wer boppe lân en waard de remraket ûntstutsen.

It Flechtpaad fan Vostok 1

Neidat de remraket fjurre hie foar it weromgean yn de atmosfear, moast de daalkabine mei dêryn de kosmonaut loskeppelje fan de service-module. Mar beide komponinten blauwe oan elkoar hingjen oan in bundel trieden, en yn de boppenste linen fan de atmosfear begûn it gehiel wyld te tuoljen. Uteinlik baarnden troch de wriuwingshjitte de trieden troch en de daalkabine naam automatysk de juste posysje yn.

Flak foar de ein fan de flecht waard Gagarin, neffens it plan, mei in sjitstoel út de daalkabine sketten en lanne mei in parasjute feilich op ierde. De daalkabine lane ek oan in parasjute yn itselde gebiet.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Smolders, P. (2007) In het spoor van Spoetnik. Amsterdam: House of Knowledge