[go: up one dir, main page]
More Web Proxy on the site http://driver.im/Springe nei ynhâld

Timpaan

Ut Wikipedy
Let-romaanske timpaan fan de Abdij fan Vézelay, Boergonje, Frankryk, earste helte 12e iuw
Timpaan boppe de yngong fan de Sint-Laurentiustsjerke yn Kimswert

In timpaan (mearfâld, tympana; fan Grykske en Latynske wurden dy 't 'trommel' betsjutte) is it healrûne of trijehoekige dekorative muorre-oerflak boppe in yngong, doar of rút, dat begrinze wurdt troch in latei en in bôge. In timpaan hat faak pedimentiel byldhouwurk of oare ôfbyldingen of ornaminten. In soad boustilen hawwe sa'n elemint.

It timpaan kin ek in ynskripsje hawwe, of yn moderne tiden in wizerplaat.

Timpaan fan brûns, Thomas Jefferson-gebou, Washington, DC, FS

Yn de âlde Grykske, Romeinske en kristlike arsjitektuer hawwe timpanen fan religieuze gebouwen faak frontale byldhouwurken of mozayken mei religieuze ôfbyldingen.

In timpaan boppe in doariepening is faak it belangrykste, of iennichste, plak foar monumintale byldhoukeunst oan de bûtenkant fan in gebou. Yn de klassike arsjitektuer, en yn de klassisistyske stilen fan de Renêssânse ôf oan, binne de grutte foarbylden meastal trijehoekich; yn de Romaanske arsjitektuer hawwe timpanen faker in healrûne foarm, of dy fan in tinnere plak út de top fan in sirkel, en yn de Goatyske arsjitektuer hawwe se in mear fertikale foarm, dy 't boppe-oan yn in punt útrint. Dy foarmen beynfloedzje fansels de typyske komposysjes fan elts byldhouwurk binnen it timpaan.

Bannen fan listwurk om it timpaan hinne wurde argivolt neamd.

Yn 'e midsiuwske Frânske arsjitektuer wurdt de timpaan faak stipe troch in fersierde pylder dy 't in trumeau neamd wurdt.

Hichtepunten fan de romaanske timpaankeunst yn Nederlân binne it timpaan fan Egmond fan de Sint-Adelbertabdij yn Egmond (no yn it Ryksmuseum Amsterdam) en it timpaan mei de Majestas Domini yn de Krúsgong fan de Sint-Servaasbasilyk yn Maastricht. Yn de lêstneamde tsjerke kundiget it Mariatimpaan yn it Berchportaal it begjin fan de gotyk yn Nederlân oan. Fierder komme der ûnder oare yn Kimswert, de Sint-Michaeltsjerke yn Swolle, Sint Pitertsjerke yn Grou en de tsjerke fan Rheden byldhoude timpanen foar. Ek de tsjerken fan Werkhoven en Wierum hiene sa 'n lyts bôgefjild, mar dy binne yn de njoggentjinde iuw ferdwûn. Neoromaanske en neogoatyske timpanen binne yn de katolike tsjerkebou yn Nederlân withoefolle tapast.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: