[go: up one dir, main page]
More Web Proxy on the site http://driver.im/Springe nei ynhâld

Tiengemeten

Ut Wikipedy
Lokaasje Tiengemeten
Tiengemeten
Topografyske kaart Tiengemeten 2015

Tiengemeten is in eilân yn de Nederlânske provinsje Súd-Hollân yn it Hjerringfliet tusken de eilannen Hoekske Waard en Goeree-Oerflakkee. Yn 1984 kaam it eilân yn it ramt fan de gemeentlike weryndieling by de gemeente Korendijk. Dêrfoar wie it eilân ferdield tusken de gemeenten Goudswaard en Súd-Beierlân. Sûnt de weryndieling dy't yngie op 1 jannewaris 2019, heart it eilân by de nije gemeente Hoekske Waard.

De namme tsjut op de grutte: in gemet is in âlde lânmjitte fan goed 0,4 bunder. Tiengemeten is 7 km lang en 2 km breed. De mjitte fan it eilân en de nammen komme no net mear meiïnoar oerien: 10 gemeten binne likernôch 4 bunder, dat oerienkomt mei in stik lân fan 100 by 400 meter. It eilân waard eartiids foar it grutste part ferpachte oan boeren. Sûnt 1997 wurdt it troch Natuermonuminten beheard as natuergebiet.

Tiengemeten ûntstie as in sânplaat yn it Hjerringfliet en woeks stadichoan út ta in eilân. Yn 1668 waard troch de Steaten fan Hollân en West-Fryslân it eilân yn erfpacht jûn oan twa hearen út De Haach en waard it earste part ynpoldere. Dêrnei wiksele it eilân noch in stikmannich kearen fan eigener. It eilân bleau in hiele skoft yn it besit fan de famylje Van Brienen.

It Hjerringfliet wie eartiids de ferbining fan de havenstêden Doardt, Rotterdam en Delft mei de Noardsee. Fan 1805 oant 1939 leine skippen dy't nei it easten west hawwe, wol inkelde moannen yn karantêne foar anker by Tiengemeten. Dêrtroch waard in part fan it eilân ôfsletten fan de rêst.

It eilân waard eartiids alhiel brûkt foar ikkerbou en hie sa'n 180 ynwenners, mar dat naam fan de fyftiger jierren hurd ôf. It besit gie fan baggerder en boubedriuw Volker Stevin (1967-1987) nei pensioenfersekerder AMEV, dy't it eilân foar 54 miljoen gûne oernaam.

Tusken 1956 oant 1990 wiene der ferskate plannen en brûk it eilân as rekreaasjepark, dumpplak foar fersmoarge slib, fleanfjild of kearnsintrale. De opbringsten fan de lânbou namen elts jier ôf, en fuortsetting dêrfan koe net út. Yn 1990 waard lykwols besletten en meitsje fan it eilân in natuergebiet en doe waard it opnaam yn de Ekologyske Haadstruktuer. Yn 1994 waard it eilân troch de provinsje oanwiisd as natuerûntjouwingsgebiet, en waard it ferkocht oan de Tsjinst Lânlik Gebiet en oerdroegen oan Natuermonuminten. It eilân telde doe 50 ynwenners. Yn de njoggentiger jierren waarden alle boeren útkocht, dêrtroch't se earne oars yn Nederlân in nij ikkerboubedriuw begjinne koene.

Yn 1997 waard úteinset mei it omsetten fan de 700 bunder ikkerbougrûn ta natuergebiet. De boeren dy't generaasjes lang op it eilân wennen waarden twongen harren pleats op te jaan foar de natuer. Natuermonuminten stelde ynearsten dat it eilân folslein oan de natuer jûn wurde soe en ek ôfsletten wurde foar beikers, kamen de measte boeren harren temjitte. Yn maaie 2007 ferliet de lêste boer it eilân. Noch tsien bewenners binne lykwols bleaun.

Oant 2007 lei der op it eilân de buorskip Tiengemeten. De buorskip bestie út in lytse kearn fan inkelde buorkerijen, in smidderij en guon arbeiderswenten mei dêromhinne de wiidweidige ikkerlannen mei hjir en dêr in buorkerij. In ferhurde dyk betsjinne it gânse eilân. Lânbou, smidderij, de feartsjinst en it rottefangen wiene de boarne fan ynkommen.