[go: up one dir, main page]
More Web Proxy on the site http://driver.im/Springe nei ynhâld

The Lost World: Jurassic Park

Ut Wikipedy
The Lost World: Jurassic Park
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Steven Spielberg
produsint Gerald R. Molen
Colin Wilson
senario David Koepp
basearre op de roman fan Michael Crichton
kamerarezjy Janusz Kamiński
muzyk John Williams
filmstudio Amblin Entertainment
Universal Pictures
distribúsje Universal Pictures
spilers
haadrollen Jeff Goldblum
Julianne Moore
byrollen Vince Vaughn
Pete Postlethwaite
Vanessa Lee Chester
Richard Schiff
Arliss Howard
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 19 maaie 1997
foarm langspylfilm
sjenre science fiction-aksjefilm
taal Ingelsk
spyltiid 129 minuten
budget en resultaten
budget $73 miljoen
opbringst $618,6 miljoen
filmsearje
filmsearje Jurassic Park
● foarich diel Jurassic Park
● folgjend diel Jurassic Park III

The Lost World: Jurassic Park, soms oantsjut as Jurassic Park II, is in Amerikaanske horror- en science fiction-aksjefilm út 1997 ûnder rezjy fan Steven Spielberg, mei yn 'e haadrollen Jeff Goldblum en Julianne Moore. De film waard loskes basearre op 'e roman The Lost World, fan auteur Michael Crichton. De titel betsjut "De Ferlerne Wrâld: Sjuerapark", wêrfan't it lêste part ferwiist nei iit Sjuera, in geologysk tiidrek doe't de dinosauriërs de wrâld behearsken. The Lost World: Jurassic Park is it twadde diel út 'e Jurassic Park-filmsearje.

It ferhaal folget wittenskipper dr. Ian Malcolm, dy't jitris troch sakeman John Hammond foar syn karke spand wurdt om ûndersyk te dwaan nei in eilân dat bewenne wurdt troch wer ta libben brochte dinosauriërs. Malcolm wol net, mar as er foar it ferstân kriget dat syn freondinne Sarah Harding dêr al hinne tein is, jout er belies. Ienris op it eilân docht net inkeld bliken dat syn teenagedochter Kelly as ferstekling mei de ekspedysje dêrhinne reizge is, mar ek dat Hammond syn eardere bedriuw InGen in kliber lju stjoerd hat om dinosauriërs te fangen foar in dinosaurusdieretún op it Amerikaanske fêstelân. The Lost World: Jurassic Park krige fan 'e filmkritisy mingde resinsjes, mar wie in reuseftige kommersjeel súkses yn 'e bioskopen. De film waard nominearre in Oscar, in Grammy en in Satellite Award. In trêde diel út de Jurassic Park-rige ferskynde yn 2001 ûnder de titel Jurassic Park III.

Fjouwer jier nei de foarfallen op Isla Nublar geane de leden fan in rike Britske húshâlding mei harren jacht foar anker foar de kust fan in oar Kostarikaanske eilân, Isla Sorna. Se binne har der folslein ûnbewust fan dat op dat eilân dinosauriërs libje dy't miljoenen jierren lyn útstoarn binne, mar troch InGen, it bedriuw fan sakeman en miljonêr John Hammond, mei in kombinaasje fan kloanen en genetyske manipulaasje wer ta libben brocht binne. As it tsienjierrige dochterke fan it gesin op ferkenning út giet, wurdt se oanfallen troch in kloft Compsognathis. Se rekket lokkigernôch mar licht ferwûne, mei't har heit en de bemanning fan it jacht op har gjalpen ôf komme en har rêde ear't se opfretten wurde kin.

Yn 'e Feriene Steaten nûget in yn 'e minnichte rekke John Hammond de wiskundige dr. Ian Malcolm by him thús út. Malcolm is publyklik yn ûngenede fallen nei't er foar de media oer út 'e skoalle klapt is oangeande de foarfallen op Isla Nublar: mei't InGen it hiele fiasko behimmele hat en ûntstriidt dat der libbene dinosauriërs besteane, wurdt Malcolm nammentlik troch nimmen leaud. Fan gefolgen is syn reputaasje as serieuze wittenskipper no folslein nei de barrebysjes. It docht bliken dat de ried fan bestjoer fan InGen it nije ynsidint op Isla Sorna oangrypt hat om Hammond út 'e funksje as algemien direkteur te setten. De nije algemien direkteur is Hammond syn ynklauwerige, yntrigearjende omkesizzer Peter Ludlow.

Hammond fertelt Malcolm dat Isla Nublar inkeld "de etalaazje" fan InGen wie, in toeristyske attraksje, wylst it wiere wurk fan it kloanen en wer ta libben bringen fan 'e dinosauriërs op Isla Sorna plakfûn, in folle grutter eilân dat fierder út 'e kust fan Midden-Amearika leit. Nei't Isla Sorna lykwols troch in orkaan troffen waard, dy't de fasiliteiten dêre foar in grut part ferwoastge, ûntsnapten de dinosauriërs. Sûnt hawwe se yn 'e wyldernis witten te oerlibjen en is der op it eilân in stabyl ekosysteem ûntstien. Sûnt de jammerdearlike foarfallen op Isla Nublar is Hammond derfan oertsjûge rekke dat de minske de dinosauriërs gewurde litte moat. Mei't Ludlow lykwols fan doel is om 'e bisten op Isla Sorna te eksploitearjen om der sels better fan te wurden, wol Hammond in lyts team fan wittenskippers nei Isla Sorna stjoere om 'e dinosauriërs te bestudearjen en dokumintearjen, sadat er de publike opiny efter him krije kin yn syn krewearjen om Ludlow tsjin te hâlden.

It team dat Hammond dêrta gearstald hat, bestiet út fjouwer minsken: in net by namme neamde paleöntolooch, de profesjonele fotograaf Nick van Owen, de ekspêr op it mêd fan fjildapparatuer Eddie Carr, en, sa hopet Hammond, Malcolm sels. Malcolm wol dêr neat fan witte, en as Hammond him fertelt dat de paleöntolooch nimmen oars is as syn freondinne dr. Sarah Harding, wol er har direkt opskilje om har de dielname oan Hammond syn healwize opstigings te ûntpraten. Hammond seit lykwols dat Sarah al op it eilân is, om't se derop stie om foar it team út te reizgjen sadat se de dinosauriërs yn folslein ûnoantaaste steat observearje koe. Dan wol Malcolm ynienen wól nei Isla Sorna, en wol sa gau mooglik, mar net om te dwaan wat Hammond fan him wol, mar om Sarah te rêden. Malcolm moetet Carr en Van Owen, dy't de lêste hân lizze oan 'e tarieding fan 'e ekspedysje. Syn swarte teenagedochter Kelly komt dêr ek om ôfskie te nimmen. Malcolm hie oars op har passe moatten om't har mem op fakânsje nei Parys is, mar no hat er in oare oppas foar har regele, eat dêr't it fanke net botte entûsjast oer is.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Nei't se halje-trawalje mei in grutte harmoanikabus fol taris en in pear auto's dy't heech op 'e tsjillen lizze yn in transportfleantúch nei Kosta Rika reizjge binne, wurde se dêrwei op in fearboat oerfearn nei Isla Sorna. Der geane yn dy kontreien minne ferhalen oer it eilân, û.m. oer fiskers dy't der te deunby kamen en ferdwûn binne, dat de fearman hat gjin nocht om op it eilân te wachtsjen. Ynstee wol er in flink ein út 'e kust foar anker gean, en dan kinne de leden fan 'e ekspedysje him berikke mei harren satellyttillefoan. Op it eilân oankommen fine Malcolm, Van Owen en Carr al rillegau Sarah werom, middenmank in keppel stegosauriërs. Hja hat de tiid fan har libben en wol hielendal net rêden wurde. Werom by de bus ûntdekt Malcolm, ta syn argewaasje, dat syn dochter Kelly har yn 'e bus ferstoppe hat en as ferstekling meireizge is nei Isla Sorna. Krekt as Malcolm besiket de fearman te skiljen om alle leden fan 'e groep fan it eilân te heljen, as se dat no wolle of net, sjogge se in stikmannich helikopters oerfleanen mei swier materieel derûnder: Ludlow is op it eilân arrivearre mei in team fan hierlingen, oanfolle mei paleöntolooch dr. Robert Burke en grutwyldjagers Roland Tembo en Ajay Sidhu.

Malcolm-en-dy bespionearje it team fan InGen en beseffe dat it, ûnder lieding fan Tembo, dwaande is om dinosauriërs te fangen om se oer te bringen nei in dieretún op it Amerikaanske fêstelân. Van Owen bringt út dat Hammond him foar krekt sa'n mooglikheid meistjoerd hat. Hy hie earder ferteld dat er in diel fan it jier foar de aktivistyske miljeubeskermingsorganisaasje Greenpeace wurket, mar sabeare allinne mar om't 80% fan 'e Greenpeace-leden frou is. No docht bliken dat er wol deeglik sels ek út oertsjûging aktivist is, en dat er boppedat ûnderfining hat mei sabotaazje-aksjes.

Tembo hat as betelling foar syn tsjinsten it rjocht opeaske om in Tyrannosaurus rex te bejeien en sjitten. Dy nachts geane hy en syn maat Ajay derop út en ûntdekke it nêst fan in Tyrannosaurus rex-pearke, mei in jong deryn. Se slepe it jong mei nei in plak dêr't se it oan it tsjoar sette om in mûklaach foar de âlder-bisten te foarmjen. Underwilens kringe Van Owen en Sarah ûnder dekking fan it nachtlik tsjuster it kamp fan it InGen-team binnen, dêr't se alle finzen dinosauriërs frijlitte. De bisten rjochtsje by harren ûntsnapping in ravaazje oan yn it kamp en ferniele frijwol alle fiertugen en apparatuer fan it team. Tembo en Ajay litte de mûklaach foar wat it is en geane op it leven yn it kamp ôf. Underweis werom nei de bus ûntdekke Van Owen en Sarah it Tyrannosaurus rex-jong, dat se losmeitsje en meinimme om't it troch de rûge behanneling fan Tembo-en-dy in brutsen poat oprûn hat.

By de bus hat Carr yn 'e tuskentiid in observaasjeplatfoarm yn in beam takele. As se sjogge wat Van Owen en Sarah meinommen hawwe, lûke ek Malcolm en Kelly har dêr werom. Van Owen en Sarah spalkje de brutsen poat fan it jong, mar de âlder-bisten folgje ûnderwilens it rookspoar fan harren jong nei de bus ta. Fan it observaasjeplatfoarm ôf sjogge Malcolm-en-dy de beide Tyrannosaurus rexen oankommen, dat Malcolm giet werom nei de bus om Sarah en Van Owen te warskôgjen. Hy arrivearret te let, want hoewol't se it jong oan 'e âlder-bisten weromjouwe, sette dy útein mei it ferneatigjen fan 'e bus troch dy oer in heech klif te triuwen. Nei de oanfal hinget it efterein fan 'e harmoanikabus oer de klifsrâne hinne en Sarah falt op in hier nei troch it efterrút te pletter, wylst Malcolm en Van Owen harren libbens weagje om har te rêden.

Carr hastiget him werom nei it kamp, dêr't er syn maten yn 'e bus in tou tasmyt troch it stikkene foarrút hinne, wylst er de lêste noch net ferwoastge auto mei in liere oan 'e bus ferbynt en brûkt om it bombidige ding wer by it klif op te skuorren. De Tyrannosaurus rexen komme lykwols werom, skuorre it dak fan 'e auto en frette Carr op. De bus, mei auto en al, ferdwynt oer de râne fan it klif en falt te pletter yn 'e djipte, mar sakket dêrby wûnder boppe wûnder om it tou hinne dêr't Malcolm, Sarah en Van Owen oan hingje. Neitiid wurde se by it klif op holpen troch Tembo en it InGen-team, dy't oan 'e hân fan 'e stikkene hingslotten fan 'e koaien dêr't se de fongen dinosauriërs yn opsletten hiene, konkludearre hawwe dat sy net de iennichsten op it eilân binne. Kelly, dy't troch Tembo-en-dy earder lykme-allinne op it observaasjeplatfoarm oantroffen wie, wurdt weriene mei har heit.

As de dage oan 'e loft is, wurdt dúdlik dat de beide teams gearwurkje moatte no't alle gereid en fiertugen ferneatige binne. Se moatte op 'e iene of oare manear fan it eilân sjen te kommen, mar dêrfoar moatte se earst kontakt mei de bûtenwrâld sjen te meitsjen. Ludlow fertelt dat der noch kommunikaasje-apparatuer yn 'e âlde basis fan InGen yn it binnenlân fan it eilân wêze moat, dy't it sels nei al dy jierren noch dwaan moatte soe. In probleem is wol dat yn it binnenlân krekt de gefaarlikste rôfdieren húsmanje. Om't se lykwols gjin bettere kar hawwe, beslute se as groep nei de âlde basis te rinnen. As se healwei de dei in skoftke hohâlde om te bekommen, dwaalt Tembo syn ûnderbefelhawwer Dieter Stark fan 'e groep ôf as er eefkes te pisjen giet. Hy moetet de Compsognathus wer dy't er earder út klearebare wreedaardigens mei in stroomstjitwapen gnjirde hat, mar diskear hat it 30 sm hege bistke in kliber freonen meinommen. Stark besiket út te naaien, mar bringt himsels almar djipper yn 'e swierrichheden en wurdt úteinlik troch de Compsognathus útinoar skuord en ferslynd. As syn ôfwêzigens opmurken wurdt, geane Tembo en in hierling dy't Carter hjit, nei him op 'e siik, mar se fine inkeld, yn Tembo syn wurden, "de stikjes fan him dy't se net lekker fûnen".

Nei't de groep dy jûns in provisoarysk kamp opslein hat, wurde se oerfallen troch de beide folwoeksen Tyrannosaurus rexen. (Sarah hie al foarsein dat de minsken, troch it jong te ferpleatsen, it territoarium fan 'e bisten folle grutter makke hiene.) Carter wurdt troch ien fan 'e Tyrannosaurus rex fertrape, en de measte oaren flechtsje in grot yn, dêr't de mânske bisten har net te pakken krije kinne as se by de yngong wei bliuwe. Der krûpt dr. Robert Burke lykwols in slange by de klean yn, en fan skrik tinkt er der net goed om en bliuw by de yngong wei. In Tyrannosaurus rex kriget him te pakken en fret him op. As de beide bisten har ôfjûn hawwe, jout Malcolm, dy't efterbleaun wie, him wer by de groep. Wylst it InGen-team yn panyk by nacht in fjild mei mânselheech gers yn flechtet, folgje hy, Van Owen, Sarah en Kelly harren yn in stadiger tempo. Ajay besiket de oaren te warskôgjen foar de Velociraptors,* tige gefaarlike yntelliginte dinosauriërs dy't justjes grutter binne as in folwoeksen minske en yn ridels jeie, mei't dy ek yn it gers tahâlde. Se wolle lykwols net nei him harkje, en de measten wurde troch de Velociraptors deade en opfretten.
*) De Velociraptors út 'e Jurassic Park-filmsearje komme net oerien mei de leden fan it echte skaai fan dinosauriërs mei dy namme. Dy wiene ntl. in stik lytser en dêrmei ek oansjenlik minder gefaarlik. Koart foar't de earste film útkaam, waard by paleöntologysk ûndersyk lykwols de Utahraptor ûntdutsen, dy't wol deeglik yn hege mjitte oerien kaam mei de Velociraptor út 'e film. Fierders geane paleöntologen der troch nije ûntdekkings no fan út dat Velociraptors eins oerdutsen wiene mei fearren ynstee fan dat se keal wiene mei in skobbe hûd, lykas yn 'e film.

Ajay sels rekket deadlik ferwûne, mar wit noch werom te kearen nei Tembo foar't er stjert. Tembo is as iennichste efterbleaun op it plak dêr't de groep har kamp opslein hie om syn betelling te ynkassearjen en in Tyrannosaurus rex te sjitten. It docht lykwols bliken dat Van Owen de kûgels út syn jachtgewear stellen hat, dat hy hat gjin oare kar as om it bist te sjitten mei in pylkje út in ferdôvingsgewear.

It slagget Malcolm, Sarah, Kelly en Van Owen om 'e âlde basis te berikken, al ferstapt Malcolm him op 'e flecht foar in Velociraptor, sadat er in blessuere oan 'e skonk oprint. Wylst Sarah en Kelly by him bliuwe, giet Van Owen foarút. Hy wit de kommunikaasje-apparatuer yn 'e basis oan 'e praat te krijen, makket kontakt mei InGen en freget om direkte evakuaasje fan it hiele team. Malcolm, Sarah en Kelly berikke de basis koarte tiid letter, mar wurde efterfolge troch in trio Velociraptors dy't se pas nei in grousum spultsje sideplakboartsjen witte ôf te skodzjen. Se jouwe har wer by Van Owen en wurde evakuëarre yn in helikopter fan InGen. As se oer it eilân fleane, sjogge se dat Ludlow, dy't as ien fan 'e iennichsten de flecht troch it lange gers oerlibbe hat, tasjocht op it yn in koai opsluten fan it Tyrannosaurus rex-mantsje dat Tembo ferdôve hat. It nij oankommen InGen-personiel fangt ek it Tyrannosaurus rex-jong wer. Ludlow biedt Tembo in baan oan yn syn nije dinosaurusdieretún yn San Diego, mar Tembo stegeret him ôf.

Werom yn 'e Feriene Steaten besykje Malcolm en Sarah yn San Diego by Ludlow te kommen, sadat se him it healwize idee ûntprate kinne om libbene dinosauriërs yn in miljoenestêd te bringen. Ear't se him te wurd kinne, arrivearret yn 'e haven it spesjaal fersterke frachtskip dêr't it Tyrannosaurus rex-mantsje op ferfierd wurdt. It docht lykwols bliken dat de dinosaurus ûnderweis losbrutsen is en de hiele bemanning ombrocht hat. De lêste oerlibbenen hawwe it oprêden en slút it bist wer yn it rom op foar't se oan har ferwûnings beswieken, mar Ludlow iepenet rimpen it rom en lit it reuseftige bist ûntsnappe. De Tyrannosaurus rex, dy't nei de lange reis ferrêde is fan toarst, tsjocht ûnder dekking fan it nachtlik tsjuster San Diego yn om drinken te sykjen, dat er fynt yn in swimbad yn in eftertún fan in wenhûs yn in begoedige wyk. Dêr fret er ek de hûn op en jaget de bewenners de stupen op it liif. Om syn honger te stiljen, giet de Tyrannosaurus rex fierder de stêd yn, dêr't grutte panyk ûntstiet ûnder it útgeand publyk. De dinosaurus fret teminsten ien minske op, in man dy't beskûl besiket te finen yn in winkel dêr't de doar fan op 't slot blykt te sitten.

Malcolm en Sarah fetsje it plan op om 'e Tyrannosaurus rex werom te lokjen nei it skip dat it bist brocht hat, mei't dat alles hat dêr't ferlet fan is om him yn te sluten. As lokkebrea binne se it Tyrannosaurus rex-jong nedich, dat se stelle út Ludlow syn dieretún. Mei it jong by har yn 'e auto ride se op it gegjalp fan minsken en it brullen fan in folwoeksen Tyrannosaurus rex ôf. Sadree't it mantsje foar it ferstân kriget dat syn jong yn 'e auto sit, giet er der efteroan. Sa lokje Malcolm en Sarah it bist werom nei it skip, dêr't se it jong yn it rom efterlitte en dan sels halje-trawalje oerboard springe. Ludlow, dy't yn 'e haven efterbleaun wie, sjocht harren mei it jong foarby kommen en beslút dat er it beslist weromhawwe moat om in fallisemint fan syn bedriuw foar te kommen. Dat ûnnoazeldernôch giet er del yn it rom om it jong op te heljen, en wurdt dan troch it Tyrannosaurus rex-mantsje trappearre wylst er efter syn jong oan sit. Untsnappe is it dan te let foar, en it mantsje fuorret Ludlow op oan it jong. Underwilens klimme Malcolm en Sarah wer oan board, dêr't Malcolm de lûken fan it rom tichtgean lit troch op in knop op in betsjinningspaniel te drukken, wylst Sarah it Tyrannosaurus rex-mantsje mei in pylkje út in ferdôvingsgewear rekket, sadat er yn it rom yninoar sakket en de lûken net mei syn grutte kop tsjinhâlde kin.

Jeff Goldblum yn 2007.
Julianne Moore yn 2007.
Vanessa Lee Chester yn 2007.

Yn 'e neisleep fan alle trelit beävensearret de Amerikaanske Marine de weromkear fan it skip mei it Tyrannosaurus rex-mantsje en syn jong nei Isla Sorna. Malcolm en Sarah sitte thús op 'e bank mei Kelly de rjochtstreekse ferslachjouwing oer it hiele spul te folgjen, mar falle allebeide yn 'e sliep. Op 'e tillefyzje wurdt in fraachpetear mei John Hammond ôfspile wêryn't dy bekendmakket dat it regear fan Kosta Rika mei stipe fan 'e Feriene Steaten Isla Sorna de status fan natoerreservaat jûn hat.

haadrollen
personaazje akteur/aktrise    
dr. Ian Malcolm Jeff Goldblum
dr. Sarah Harding Julianne Moore


byrollen
personaazje                akteur/aktrise
Nick van Owen Vince Vaughn
Roland Tembo Pete Postlethwaite
Kelly Curtis Vanessa Lee Chester
Eddie Carr Richard Schiff
Peter Ludlow Arliss Howard
Dieter Stark Peter Stormare
dr. Robert Blake Thomas F. Duffy
John Hammond Richard Attenborough
Ajay Sidhu Harvey Jason
Carter Thomas Rosales jr.
Cathy Bowman Camilla Belle
Tim Murphy Joseph Mazzello (cameo)
Lex Murphy Ariana Richards (cameo)

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei't de Amerikaanske skriuwer Michael Crichton yn 1990 de roman Jurassic Park publisearre, fregen wyld entûsjaste fans al rillegau om in ferfolch. Mei't Crichton noch nea in ferfolchroman skreaun hie, wegere er dat. Yn 1993 waard it boek troch Steven Spielberg ferfilme as Jurassic Park, wat in reuseftich súkses waard. De filmstudio Universal Pictures stie fuortendaliks al yn 'e startblokken om mei in ferfolchfilm útein, mar Spielberg woe allinne in twadde film meitsje as dy wer basearre wurde koe op in boek fan Crichton.

Yn maart 1994 joech Crichton eilings ta oan 'e tanimmende druk en sette er útein mei it skriuwen fan 'e roman The Lost World. Dêrfan ûntliende er de titel en teffens it útgongspunt (fan in ferburgen wrâld dy't befolke wurdt troch dinosauriërs en in lytse ekspedysje dy't dêrhinne giet) oan 'e klassike roman mei deselde namme fan sir Arthur Conan Doyle, út 1912. It boek waard yn 1995 publisearre, wêrnei't frijwol fuortendaliks de tariedings foar de ferfilming úteinsetten. Dy kaam The Lost World: Jurassic Park te hjitten, om't de studio beslist de namme Jurassic Park yn 'e titel hawwe woe.

It senario foar de film waard skreaun troch David Koepp. Joe Johnston bea oan om 'e rezjy te dwaan, mar Universal woe Spielberg hawwe. (Johnston soe yn 2001 it trêde diel út 'e Jurassic Park-rige regissearje, Jurassic Park III.) As produsinten wiene Gerald R. Molen en Colin Wilson by it projekt belutsen foar de filmstudio's Universal Pictures en Spielberg syn Amblin Entertainment. Foar The Lost World: Jurassic Park wie in budget beskikber fan $73 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Janusz Kamiński, en de filmmuzyk waard fersoarge troch John Williams.

De Mercedes-Benz W163, dy't yn 'e film troch de ekspedysje fan Ian Malcolm brûkt wurdt, tentoansteld yn it Mercedes-Benz Museum yn Dútslân.

Fan 'e cast fan 'e film Jurassic Park kroep Jeff Goldblum foar The Lost World: Jurassic Park jitris yn 'e hûd fan gaosteorist Ian Malcolm; Richard Attenborough spile in gâns belune byrol, en Joseph Mazzello en Ariana Richards hiene inkeld in cameo, hoewol't se yn 'e begjintitels en op 'e ôftiteling fan 'e film prominint neamd waarden. Julianne Moore, de froulike haadrolspiler, waard troch regisseur Steven Spielberg frege om't se him opfallen wie mei har rol yn The Fugitive (1993).

Vanessa Lee Chester, dy't de rol fan 'e dochter fan Malcolm spilet, hie Spielberg met by de premiêre fan A Little Princess (1995). Se fertelde letter dat er har neitiid om in hantekening frege hie en tsjin har sein hie dat er har ienris yn ien fan syn films spylje litte soe. De Ingelske akteur Pete Postlethwaite waard troch Spielberg cast yn 'e rol fan jager Roland Tembo op basis fan syn aktearprestaasje yn 'e dramafilm In the Name of the Father (1993).

De opnamen foar The Lost World: Jurassic Park setten op 5 septimber 1996 útein en duorren oant en mei 11 desimber fan dat jier. De earste film wie op it eilân Kauaï, yn Hawaï, filme, en skriuwer Michael Crichton woe dat ek The Lost World: Jurassic Park dêr opnommen wurde soe. De produsinten fan 'e film kedizen lykwols oars, mei't se de film in oar dekôr jaan woene. Porto Riko, Austraalje en Nij-Seelân waarden allegear yn omtinken nommen, mar Kosta Rika en oare dielen fan Midden-Amearika (dêr't de film eins spilet) net, om't de opnamen dêr midden yn it reinseizoen falle soene.

it Steatspark Prairie Creek Redwoods, yn Kalifornje, dat ien fan 'e opnamelokaasjes foar The Lost World: Jurassic Park wie.

Der waard yn 't earstoan keazen foar it Nasjonaal Park Fiordland yn Nij-Seelân, om't men fan miening wie dat it biotoop dêre it tichtst dat fan it oarspronklike areaal fan 'e dinosauriërs benei kaam. Dat plan rûn lykwols op 'e non omreden fan 'e kosten dy't filmjen yn Nij-Seelân opleverje soe. Ynstee waard dêrom besletten om 'e sênes op Isla Sorna op te nimmen yn it Steatspark Prairie Creek Redwoods yn Kalifornje. De iepeningssêne mei de rike Britske húshâlding op it strân waard filme op Kauaï. De sêne yn 'e wente fan John Hammond waard opnommen yn Pasadena (Kalifornje). De sêne mei de Velociraptor-oanfal yn it lange gers waard filme yn in fjild mei echt lang gers dat spesjaal dêrfoar oanplante wie yn Newhall (Kalifornje). In protte oare sênes, lykas dy yn 'e fertutearze basis fan InGen op Isla Sorna, waarden opnommen yn 'e soundstages fan it studiokompleks Universal Studios Hollywood.

De distribúsje fan The Lost World: Jurassic Park waard fersoarge troch Universal Pictures. De film gie op 19 maaie 1997 yn Los Angeles yn premiêre, en iepene dêrnei op 23 maaie yn 'e Amerikaanske bioskopen. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 20 maaie by platemaatskippij MCA Records. The Lost World: Jurassic Park waard op 1 novimber 1998 foar it earst op 'e tillefyzje útstjoerd, nei't it Amerikaanske tillefyzjenetwurk Fox dêr $80 miljoen foar delteld hie. De film kaam op 4 novimber 1997 beskikber as VHS-keapfideo en ferskynde 10 oktober 2000 foar it earst op dvd en op 25 oktober 2011 foar it earst op blu-ray (as ûnderdiel fan in trilogyset).

Fan 'e filmkritisy krige The Lost World: Jurassic Park mingde resinsjes. Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times, dy't de earste film noch 3 fan 4 stjerren jûn hie, parte The Lost World: Jurassic Park mar 2 fan 4 stjerren ta. Hy hie lof foar de special effects yn 'e film, dy't de dinosauriërs wier ta libben brochten, mar dêr heakke er oan ta: "[…] itselde reälisme wurdt net op 'e minsklike personaazjes tapast, dy't beheind wurde troch plotgewoanten en aksjeformules." Yn 'e Chicago Tribune joech Gene Siskel de film ek 2 fan 4 stjerren; hy sleat him grutdiels by de krityk fan Ebert oan en konkludearre: "Utsein de bettere special effects komt The Lost World oer as recycle materiaal."

Owen Gleiberman fan it tydskrift Entertainment Weekly beoardiele The Lost World: Jurassic Park mei in 8 op in skaal fan 1 oant 10. Hy fûn de film in grutte ferbettering fan Jurassic Park, fral om't de Tyrannosaurus rex diskear loslitten waard yn in stêd: "It is it âlde 'as in beam omfalt yn 'e bosk'-fraachstik: as jo reuseftige meunster gjin ûnbidige skea oanrjochtet, kin it dan wol in reuseftich meunster neamd wurde?" Yn The New York Times skreau Stephen Holden dat The Lost World: Jurassic Park de dinosauriërs humanisearre op in wize dy't yn 'e oarspronklike film net foarkaam. Kevin Thomas fan 'e Los Angeles Times, ta einbeslút, fûn de karakterûntwikkeling yn The Lost World: Jurassic Park winliken better as dy yn Jurassic Park, en murk boppedat op: "It liek sa'n flater yn Jurassic Park om it ynteressantste personaazje al ier oan 'e sydline te setten: de briljante, frijtinkende en frij-út sprekkende teorist Ian Malcolm […], mar yn in ynspirearre boppeslach bringt The Lost World Malcolm werom en jout him in sintraal plak."

In koai foar fongen dinosauriërs en in fiertúch fan InGen, beide brûkt by it filmjen fan The Lost World: Jurassic Park.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat The Lost World: Jurassic Park in midsmjittich goedkarringspersintaazje fan 53%, basearre op 78 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] lit sjen hoe'n stik oft special effects foarútgien binne yn 'e fjouwer jier sûnt Jurassic Park; spitigernôch lit er ek sjen hoe dreech oft it wêze kin om in wier meislepende ferfolchfilm gear te stallen." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet The Lost World: Jurassic Park in goedkarringspersintaazje fan 59%, basearre op 18 resinsjes.

The Lost World: Jurassic Park brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $229,1 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $389,5 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $618,6 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $73 miljoen betsjut dat in winst fan $545,6 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie The Lost World: Jurassic Park de op ien nei meast opbringende film fan 1997, nei Titanic.

Yn 1998 waard The Lost World: Jurassic Park nominearre foar de Oscar foar bêste special effects (fersoarge troch Stan Winston, Dennis Muren, Randal M. Dutra en Michael Lantieri). De film waard ek nominearre foar de Grammy Award foar bêste ynstrumintale komposysje, de Satellite Award foar bêste animaasjefilm of film mei mingde media en de MTV Movie Award foar bêste aksjesêne (foar de oanfal fan 'e Tyrannosaurus rex op San Diego). Steven Spielberg wûn mei The Lost World: Jurassic Park de Nederlânske Rembrandt Award foar bêste regisseur.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Jurassic Park (filmsearje)
Jurassic Park (1993) • The Lost World: Jurassic Park (1997) • Jurassic Park III (2001) • Jurassic World (2015) • Jurassic World: Fallen Kingdom (2018) • Battle at Big Rock (2019, koarte film) • Jurassic World: Dominion (2022)