Tenochtitlan
Tenochtitlan, (Spaansk: Tenochtitlán) wie de namme fan Meksiko-stêd yn it tiidrek fan de Azteken. Mei de komst fan de Spanjerts om 1500 hinne, hie it 200.000 ynwenners, en wie op dat stuit ien fan de grutste stêden op de wrâld. De namme fan de stêd moat net trochinoar helle wurde mei Teotihuakan, dat in folle âldere stêd is en likernôch 60 kilometer mear nei it noarden leit.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens de myten fan de Azteken luts it folk troch it lân, omdat sy fan harren god Huitzilopochtly opdracht krige hienen harren earne oars te fêstigjen, te witten op it plak dêr't in earn op in kaktus in slange ferslynt. Doe't sy by de mar yn de omkriten fan Tenochtitlan kamen, kaam dizze foarsizzing út. Dizze sêne is ek ôfbylde op de flagge fan Meksiko.
Yn 1375 waard de stêd yn de Tekskokomar op in eilân stifte. Op in oar eilân yn de mar lei Tlatelolko dat him polityk ferbûn mei Tenochtitlan, mar dat dôchs op wisse hichte in foarm fan selsstannigens bewarje koe. Tenochtitlan ûntwikkele him ta haadstêd fan it Aztekenryk, dat ûntstie troch it oangean fan in bûnsmaatskip mei Tekskoko en Tlakopan.
De stêd waard foar in part yn de mar, fierder op peallen boud en wie troch trije damen ferbûn mei it fêstelân. Dizze wegen kamen by inoar by de haadtimpel fan de stêd, dy't wijd wie oan Huitzilopochtly, de sinnegod, en Tlalok, de reingod. Op it plak fan de timpel stiet tsjintwurdich in grutte katedraal.
Yn de mar waarden in soartemint fan terpen (fjilden) oanlein, Chinampas neamd dêr't stynske weet en grienten ferboud waarden. De wetterstân waard regele troch in yngewikkeld systeem fan diken en slûzen. Op dizze wize hienen de Azteken in bysûnder en ryk lânbougebiet skepen.
Yn de jierren 1519-1521 waard de stêd troch Hernando Cortés mei help fan bûnsmaten ferovere en ferwoaste. Op de púnheapen waard Meksiko-stêd boud.