[go: up one dir, main page]
More Web Proxy on the site http://driver.im/Springe nei ynhâld

Wurdumerdyk

Ut Wikipedy
De Wurdumerdyk yn 2018, fan it Amicitia-gebou ôf sjend nei it noarden. It swarte gebou rjochts is de efterkant fan it Frysk Museum; foar it wite gebou fierderop komt it Ruterskertier op 'e Wurdumerdyk út.

De Wurdumerdyk (Nederlânsk en offisjeel: Wirdumerdijk) is in strjitte yn it sintrum fan 'e Fryske haadstêd Ljouwert. Dizze strjitte rint fan 'e Wurdumerpoartebrêge oer de Suderstedsgrêft yn it suden suver streekrjocht nei it noarden ta. Hy einiget by de krusing mei de Nijstêd en it Waachplein út it westen en de Piperstrjitte dy't út it easten komt. Hoewol't de strjitte dêre sûnder bocht trochrint nei it noarden, hjit er noardlik fan dat punt net mear Wurdumerdyk, mar Sint-Jabiksstrjitte (Sint-Jacobsstraat).

De Wurdumerpoartbrêge hiet (alteast foarhinne) yn 'e folksmûle de 'Beursbrêge', om't fuort benoarden derfan it Ljouwerter beurs- en waachgebou stiet. De Wurdumerdyk rint foar dat gebou lâns, dêr't letter jierrenlang de iepenbiere bibleteek sitten hat en yn 2018 in dependâns fan 'e Ryksuniversiteit Grins kaam is. Oan 'e noardkant fan dat gebou krúst de Wurdumeryk de Nijewei, dy't fan it Saailân yn it westen yn 'e rjochting fan 'e Blokhûspoarte yn it easten rint.

Besuden dy krusing stiet no oan 'e eastkant de Merkueriusfontein, dy't earst syn plak fierderop hie, oan 'e eastlike útein fan it âlde Saailân. Dêr moast er lykwols wike foar de nijbou fan it Frysk Museum. De Wurdumerdyk rint sadwaande no noardlik fan 'e neamde krusing fuort oan 'e eastside fan dat museum lâns. Oan 'e noardkant fan it museum komt it Ruterskertier út it westen wei út op 'e Wurdumerdyk. Dêrfoaroer stiet op 'e hoeke fan 'e Wurdumerdyk en de Nijewei it Amicitiagebou, dat lang it lilkste gebou fan Fryslân neamd waard. Fan dat punt ôf oant de krusing mei de Nijstêd/Piperstrjitte is de Wurdumerdyk in drokbesochte winkelstrjitte, dêr't û.m. in fêstiging fan 'e restaurantkeatling McDonald's, in KPN-winkel en in Blokkersaak sitte. Tusken de winkels troch jouwe de Reagerstrjitte, de Nauwe Steech en de Ayttasteech tagong ta de Weaze.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: