[go: up one dir, main page]
More Web Proxy on the site http://driver.im/Springe nei ynhâld

Warnefrid

Ut Wikipedy
Foarstelling fan Warnefrid yn in ier Midsiuwwsk hânskrift

Warnefrid better bekend as Paulus Diakonus (720-er jierren – 13 april 799) wie in Longobardyske gelearde en skriuwer út de 8e iuw. Hy is ien fan earste Germaanske histoarisy.

Warnefrid waard berne yn Friuly (Itaalje) tusken 720 en 725. Hy kaam út in aadlike Longobardyske famylje en krige in tige goede oplieding, mooglik oan it hof fan kening Ratgis yn Pavia. Hy studearre grammatika en learde talen en waard nei alle gedachten skriuwer fan de Langobardyske kening Desiderius. Hy joech ûnderwiis oan dy syn dochter Adelperga. Neitiids hat er noch in skoft wurke yn Benevento dêr't er syn earste wurken skreau.

Yn 782 giet er yn it kleaster Monte Cassino. Hy learde Karel de Grutte kennen dy't tige ûnder de yndruk wie fan syn literêre kwaliteiten en him útnûge oan syn hof wurkjen te kommen. Paulus giet mei nei it Frankyske hof en waard ien fan de driuwende krêften efter de Karolingyske renêssânse.

Yn 787 giet hy tebek nei it klearster fan Monte Cassino dêr't hy koart dêrnei ferstoar.

Ien fan de earste wurken dy't Warnefrid skreau wie in fuortsetting fan de beskriuwing fan de skiednis fan Rome, fan Eutropius oant keizer Justinianus I fan it Eastromeinske Ryk, de Historia Romana. Syn wichtichste wurk is de Historia gentis Langobardorum dêr't hy de skiednis beskriuwt fan syn eigen folk fan de ein fan de 6e iuw ôf oant-en-mei de ein fan de 8e iuw en jout in protte ynformaasje oer de Franken, de Longobarden en it Eastromeinske Ryk.

Fierders binne der fan him preken, gedichten en in kommentaar op de Benediktiner regels.

  • Carmina
  • Commentarius in Donati artem
  • Epistulae
  • Excerpta ex libris Pompeii Festi de significatione verborum
  • Explanatio in regulam S. Benedicti
  • Fabulae
  • Historia Langobardorum
  • Historia Romana
  • Homiliae
  • Homiliarius de sanctis
  • Homiliarius de tempore
  • Libellus de ordine et gestis episcoporum Metensium
  • Passio S. Cypriani
  • S. Arnolfi episcopi vita et miracula
  • Foarbehâld:
    • Vita S. Gregorii Magni, hjir is net hielendal seker fan oft it wol troch him skreaun is.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]