[go: up one dir, main page]
More Web Proxy on the site http://driver.im/Springe nei ynhâld

Republyk Feneesje

Ut Wikipedy
Aldertrochloftichste
Republyk Feneesje
Serenissima Repubblica di Venezia (Italjaansk)
Serenìsima Repùblica de Venesia (Fenesiaansk)
697 – 1797
flagge wapen
geografyske lokaasje

De Republyk Feneesje yn 1789.
polityk
haadstêd Eraclea (697–742)
Malamocco (742–810)
Feneesje (810–1797)
offisjele taal Latyn
Italjaansk (Fenesiaansk)
steatsfoarm oligargyske republyk mei keazen monargy
ûntstien út    it Byzantynske Ryk
opgien yn Aartshart. Eastenryk
Republyk Frankryk
   Sisalpynske Republyk
no diel fan Albaanje
Grikelân
Itaalje
Kroaasje
Montenegro
Syprus
Sloveenje
sifers
ynwennertal 2,1 miljoen (±1500)
befolkingstichtens 30 / km² (±1500)
oerflak 70.000 km² (±1500)
bykommende ynformaasje
muntienheid Fenesiaanske lire

De Republyk Feneesje, formeel de Aldertrochloftichste Republyk Feneesje (Italjaansk: Serenissima Repubblica di Venezia; Fenesiaansk: Serenìsima Repùblica de Venesia) wie in ûnôfhinklike steat yn Jeropa dy't bestie fan 'e sânde iuw oant de Frânske Tiid. Dizze steat hie in mingde steatsfoarm as in oligargyske republyk mei in keazen monargy. De hearsker wie de hartoch of doge. It sintrum fan 'e Republyk Feneesje wie de stêd Feneesje, dy't no yn noardeastlik Itaalje leit, mar dêrwei wreide de republyk him meitiid út oer eilannen en kustgebieten yn 'e Adriatyske, Ioanyske, Egeyske, Levantynske en (hiel koart) Swarte See. Hoewol't de Republyk Feneesje in lange skiednis fan oarloch en ferovering hie, is syn moderne reputaasje fierhinne basearre op syn status as ekonomyske grutmacht, benammen op it mêd fan 'e hannel en skipfeart. De republyk stie wol bekend ûnder de bynamme la Serenissima ("de Aldertrochloftichste").

It sintrum fan 'e Republyk Feneesje wie de stêd Feneesje, dy't oan 'e fierste útein fan 'e Adriatyske See leit, oan 'e bopperâne fan 'e Lears fan Itaalje. Om't Feneesje it fan hannel oer see hawwe moast, stie de stêd lange tiid mei de rêch nei it lân ta. Al ier foelen de measte eilannen oan 'e eastkust fan Adriatyske See yn Fenesiaanske hannen, en itselde gou foar in diel fan 'e Dalmatyske kust en de Ioanyske Eilannen (wêrûnder Korfû). Fral yn 'e Renêssânse wreide de Republyk Feneesje him hurd fierder út, en hie it bgl. lange tiid it bewâld oer grutte eilannen yn 'e Egeyske en de Levantynske See, lykas Syprus, Kreta en Euboea. Omtrint dyselde tiid krige de republyk it ek foar it sizzen oer in oansjenlik gebiet oan 'e lânkant fan 'e stêd Feneesje, dêr't letter twa Italjaanske regio's út ûntstean soene: de Feneto en Friûly-Julysk Feneesje.

De Republyk Feneesje (grien) yn 1796.

De stêd Feneesje ûntstie healwei it earste milennium út in stikmannich doarpen oan 'e Golf fan Feneesje dy't almar neier gearwurken om har te ferdigenjen tsjin oanfallen fan 'e Longobarden, de Hunnen en oare ynfallers, yn 'e tiid dat it mei de macht fan it Westromeinske Ryk stadichoan fierder yn it neigean rekke. Meitiid kaam it gebiet yn 'e ynfloedsfear fan it Byzantynske Ryk (ek wol it Eastromeinske Ryk neamd), en omtrint de ein fan 'e sânde of it begjin fan 'e achtste iuw ûntjoech de Byzantynske provinsje Feneesje him ta in autonome fazalsteat. Neffens de tradysje wie de earste hartoch of doge fan 'e Republyk Feneesje in Paolo Lucio Anafesto, dy't yn 697 keazen waard, mar dy namme komt net foar yn lykfol hokker boarne fan foàr de alfde iuw, likemin as de namme fan Anafesto syn opfolger Marcello Tegalliano. Histoarikus John Julius Norwich hat suggerearre dat it hartochskip fan Anafesto eins op betizing berêst mei de Paulus dy't yn dyselde tiid eksarch fan Ravenna wie, en dat ek Tegalliano grif in eksarch fan Ravenna west hawwe moat.

Dat hoewol't de stifting fan 'e Republyk Feneesje neffens de tradisjonele skiedskriuwing yn 697 plakfûn, is it wierskynlik dat dy eins letter yn 'e tiid pleatst wurde moat. De earste doge dy't as sadanich yn kontemporêne boarnen neamd waard, wie Orso Ipato, dy't earne oan it begjin fan 'e achtste iuw yn syn amt befêstige waard troch it Byzantynske regear yn Konstantinopel. De residinsje fan 'e iere doges wie it stedsje Eraclea. Orso syn soan en opfolger Teodato Ipato ferpleatste syn machtsbasis yn 'e 740-er jierren lykwols nei Malamocco. Hy wie de earste doge (mar net de lêste) dy't om 'e nocht besocht en stiftsje in erflike dynasty. Under it regear fan Teodato bestiene der trije ûnderling tsierende faksjes yn Feneesje, dy't nauwere bannen mei it Byzantynske Ryk, resp. it Frankyske Ryk en it Keninkryk fan de Longobarden foarstiene.

Nei't de Byzantynske en Frankyske keizers by de Pax Nicephori fan 803 fêststeld hiene dat Feneesje ta de ynfloedssfear fan it Byzantynske Ryk hearde, bettere de partijstriid yn 'e jonge republyk oer. Iuwen letter soene de Fenesianen úthâlde dat by dat ferdrach de facto de Fenesiaanske ûnôfhinklikheid erkend wie. Moderne histoarisy fine dy bewearing lykwols twifelich; yn 807 sylde der noch in Byzantynske float nei Feneesje dy't de doge ôfsette en ferfong troch in Byzantynske gûverneur. Mar hoe't it ek sij, yn 'e folgjende pear hûndert jier ûntwikkele de stêd Feneesje him ta syn moderne foarkommen. Benammen doge Agnello Participazio (reg. 811-827) hie dêr in grutte hân yn. Hoewol't er berne wie yn Eraclea, fêstige er him al ier yn Rialto (in wyk fan 'e stêd Feneesje), en ûnder syn hearskippij wreide Feneesje him út nei de see troch de oanlis fan brêgen, grêften, kanalen, bolwurken en oare fortifikaasjes, en boppe-al stiennene gebouwen.

Agnello waard opfolge troch syn soan Giustiniano Participazio (reg. 827-829), dy't bretaalwei it stoflik omskot fan 'e hillige Markus de Evangelist út it Egyptyske Aleksandrië stiel, en dyselde ta patroanhillige fan Feneesje makke. Under it regear fan Pietro Tradonico (reg. 837-864) begûn Feneesje him foar it earst te fêstigjen as militêre macht fan betsjutting. Dat wie it begjin fan 'e iuwenlange dominânsje troch Feneesje fan 'e Adriatyske See, dy't de Fenesianen al rillegau as harren thúswetters begûnen te beskôgjen. De marine dy't troch Tradonico opboud waard, ferjage Saraseenske seerôvers út 'e Adriatyske See, en weefde ek ôf mei Slavyske piraten út wat no Kroaasje is.

Francesco Foscari, dy't doge wie fan 1423 oant 1457.

Yn 'e Hege Midsiuwen ûntjoech de Republyk Feneesje him ta in tige wolfarrende steat troch syn behearsking fan 'e hannel tusken West-Jeropa en de Levant. Dêrby waard net inkeld 'normale' waar ferhannele, mar ek slaven. (Noch tusken 1414 en 1423 waarden der mear as 10.000 slaven yn Feneesje ferkocht, foar it meastepart kreaze jonge froulju dy't ôfkomstich wiene fan 'e Balkan.) Yn 1084 fierde doge Domenico Selvo persoanlik in float oan tsjin 'e Wytsingen, mar hy waard ferslen en ferlear njoggen grutte galeien. Feneesje wie ek al fan it begjin ôf oan belutsen by de Krústochten. Oan 'e Earste Krústocht (1095-1099) droech de republyk bgl. twahûndert skippen by, en de Fenesianen spilen doe in wichtige rol by de ferovering fan 'e havenstêden yn wat no Syrje en Libanon is. Yn 1110 joech doge Ordelafo Faliero persoanlik lieding oan in Fenesiaanske float fan hûndert skippen dy't kening Boudewyn I fan Jeruzalim en kening Sigurd I fan Noarwegen holp by de bemastering fan 'e stêd Sidon. Yn 'e tolfde iuw wûn Feneesje ek grutte hannelsprivileezjes yn it Byzantynske Ryk, trochdat de republyk de Byzantinen by ferskate gelegenheden fan in float foarseach.

Op oare fronten moasten de Fenesianen yn dy snuorje lykwols ferliezen ynboeke. Sa briek der yn 1183 yn 'e Dalmatyske havenstêd Zadar (Italjaansk: Zara) in súksesfolle opstân út tsjin 'e Fenesiaanske oerhearsking. Zadar pleatste himsels neitiid ûnder de twafâldige beskerming fan 'e paus fan Rome en kening Emmerik fan Hongarije. Yn 1201 erkende de stêd de kening fan Hongarije as soeverein. Underwilens wie der yn it Byzantynske Ryk grutte oergeunstigens op 'e Fenesiaanske wolfeart ûntstien, en yn 1182 briek yn Konstantinopel in fûleindige anty-Westerske opskuor út, dy't de foarm fan in pogrom oannaam dêr't fral Fenesianen it slachtoffer fan waarden. Doe't de troanpretendint Andronikus I Komnenos de stêd binnentriek, waarden boppedat Fenesiaanske eigendommen fan oerheidswegen yn beslach nommen, en eigners sels yn it tichthûs smiten of ferballe. Feneesje wie lulk en fernedere, en sinde op wraak.

De Plondering fan Konstantinopel.

De foaroanmannen fan 'e Fjirde Krústocht (1202-1204) sleaten in kontrakt mei Feneesje foar de levering fan in float, dy't de kristlike troepen nei de Levant bringe soe. Doe't de krúsfarders lykwols net genôch jild byinoar krije koene om foar it ferfier te beteljen, bea de bline doge Enrico Dandolo fergees transport oan, as de krúsfarders ûnderweis Zadar eefkes foar Feneesje weromferoverje koene, mei't dy stêd foar Fenesiaanske oanfallen te sterk fortifisearre bleken wie. Nei't de krúsfarders har dêrfoar brûke litten hiene, soarge Dandolo der lykwols foar dat de krústocht op 'e nij omlaat waard, diskear nei Konstantinopel, om 'e wraak te nimmen foar anty-Fenesiaanske opskuor en konfiskaasjes fan 1282.

De ferovering en dêropfolgjende Plondering fan Konstantinopel is wol omskreaun as de meast winstjaande en tagelyk de meast beskamsume plondering fan in stêd yn 'e skiednis fan 'e minskheid. De Fenesianen makken oanspraak op in grut diel fan 'e bút, wêrûnder de ferneamde brûnzene hynders út it Hippodroom-stadion, dêr't neitiid yn Feneesje de Basilyk fan de Hillige Markus mei fersierd waard. Fierders wist de Republyk Feneesje troch de opdieling fan it ferovere part fan it Byzantynske Ryk in protte oan grûngebiet te winnen, benammen yn 'e krite fan 'e Egeyske See, wêrûnder de grutte eilannen Kreta (Italjaansk: Candia) en Euboea (Italjaansk: Negroponte). Al mei al besloech it troch Feneesje bemastere gebiet trije-achtste diel fan it hiele doetiidske Byzantynske Ryk. De Egeyske eilannen kamen it Fenesiaanske Hartochdom Naksos te foarmjen. Hoewol't it Byzantynske Ryk yn 1261 út ferskate restantsteatsjes weroprjochte waard troch keizer Michael VIII Palaiologos, wist it nea wer syn eardere macht en oansjen werom te winnen en gie it úteinlik yn 1453 by de Fal fan Konstantinopel te sink yn 'e striid tsjin 'e Osmaanske Turken.

De Liuw fan Piraeus foar it Arsenale yn Feneesje: ûnderdiel fan 'e bút fan 'e Plondering fan Konstantinopel.

Doe't in oare Italjaanske hannelsrepublyk, de Republyk Genua, de hegemony fan Feneesje yn it Eastlik Bekken fan de Middellânske See nei de kroan begûn te stekken, brieken der fijannichheden út. Yn 1295 stjoerde doge Pietro Gradenigo in float fan 68 skippen om 'e Genueeske float by Aleksandretta (it hjoeddeiske Iskenderun) oan te fallen. Yn 1299 waard nochris in float fan hûndert skippen útstjoerd tsjin 'e Genuëzen. Tusken 1350 en 1381 fierden de beide republiken oanhâldend oarloch, sij it mei út en troch ris in tuskenskoft. Hoewol't de Fenesianen earst slimme nederlagen ynkassearje moasten, ferneatigen se yn 1380 yn 'e Slach by Chioggia frijwol de hiele Genueeske float, sadat se yn it Middellânske-Seegebiet noch iuwenlang foar master opslaan koene yn it neidiel fan it yn ferfal reitsjende Genueeske Ryk. Yn 1363 ferlear Feneesje troch de Opstân fan Sint Titus, wêrby't pleatslike Kretinzyske eallju gearwurken mei ûntefreden Fenesiaanske kolonisten, de hearskippij oer Kreta. Pas nei fiif jier striid, yn 1368, koe de opstân folslein de kop yndrukt wurde.

Yn 'e iere fyftjinde iuw begûn de Republyk Feneesje him ek op it Italjaansk Skiereilân út te wreidzjen. Dat wie in reäksje op 'e ekspânsjedriuw fan Giangaleazzo Visconti, de hartoch fan Milaan, dy't war die om hast hiel noardlik Itaalje ûnder syn bewâld te bringen. Feneesje koe dat net oer syn kant gean litte om't de behearsking fan 'e hannelsrûtes dy't oer lân nei de Alpenpassen laten (en dêrwei nei it Hillige Roomske Ryk) fan krúsjaal belang wie foar de republyk. Tsjin 1410 hie Feneesje sadwaande it meastepart fan it gebiet beset dat no de Feneto foarmet, ynklusyf stêden dy't earder min ofte mear selsstannich west hiene, lykas Padua en ek Verona, dat syn trou en ûnderhearrigens oan Feneesje yn 1405 fêstlei yn 'e saneamde Devoasje fan Verona.

In reliëf fan 'e Fenesiaanske liuw op Korfû.

Yn dyselde snuorje wreide Feneesje ek syn besittings op 'e kusten fan 'e Adriatyske See fierder út, net inkeld yn Dalmaasje, mar ek yn Istrje, Montenegro en Albaanje. Tsjin dy tiid beskikte de republyk oer in marine fan 3.300 oarlochsskippen dy't bemanne waarden troch 36.000 man, mar de nije útwreiding yn it gebiet fan 'e Adriatyske See waard dien troch slûchslimme diplomasy ynstee fan troch wapengeweld. Yn in tiid dat ferskate troanpretendinten oanspraak makken op 'e troan fan it Keninkryk Hongarije drige ien fan harren, kening Ladislaus fan Napels, nammentlik belies jaan te moatten, mar ear't er de wyk naam nei Napels slagge it Feneesje om fan him foar it sêfte pryske fan 100.000 dukaten noch even de Dalmatyske havenstêden op 'e kop te tikjen. Yn 1408 wist de republyk boppedat in ferdrach en wapenstilstân te sluten mei Ladislaus syn tsjinstanner Sigismond fan Hongarije, wêrby't dy oankeap konsolidearre waard.

Nei't de wapenstilstân mei de Hongaren ôfrûn, foel Feneesje daliks it Patriargaat Akwileä binnen, in prinsbisdom fan it Hillige Roomske Ryk dat noardeastlik fan 'e stêd Feneesje lei en ûnder bekerming stie fan Sigismond fan Hongarije, dy't ek roomsk-kening fan Dútslân wie. Dat gebiet waard ferovere en kaam yn 1433 foargoed by de republyk te hearren; tsjintwurdich foarmet it foar it meastepart de Italjaanske regio Friûly-Julysk Feneesje. Tagelyk waarden de Dalmatyske stêden Trogir (Italjaansk: Traù) en Split (Spalato) oerweldige, krekt as de havenstêd Durrës (Durazzo), oan 'e kust fan Albaanje. Yn febrewaris 1489 koe Feneesje boppedat it eardere krúsfarderdkeninkryk Syprus by syn besittings foegje.

Utwreiding fan 'e Republyk Feneesje: dûnkerread = bemas-tere oan it begjin fan 'e 15e iuw; read = bemastere oan it begjin fan 'e 16e iuw; rôze = tydlik bemastere.

Tsjin dy tiid hie it islamityske Osmaanske Ryk him ek op see ta in duchtige rivaal fan Feneesje ûntjûn. De Twadde Egeyske See-oarloch waard tusken 1423 en 1430 útfochten oer de behearsking fan 'e Egeyske, Ioanyske en Adriatyske Seeën. Yn 1463 briek in nije Osmaansk-Fenesiaanske Oarloch út, wêrby't Feneesje û.m. alle war die om 'e Albaneeske opstannelingelieder Skanderbeg te stypjen. Dy oarloch hold oan oant der yn 1479 in fredesferdrach sletten wurde koe dat geunstich wie foar Feneesje. Under de Twadde Osmaansk-Fenesiaanske Oarloch fan 1499-1503 sleat Feneesje in bûnsgenoatskip mei kening Loadewyk XII fan Frankryk om tagelyk ek de striid oan te gean mei it Hartochdom Milaan. Dêrtroch koe de republyk de Milaneeske stêd Cremona anneksearje. Itselde jiers, 1499, teagen de Osmanen mei in lânleger en in float op nei Lepanto (it hjoeddeiske Nafpaktos, yn Grikelân). De Fenesiaanske admiraal Antonio Grimani, dat eins mear in keapman en diplomaat wie as in seeman, waard yn 'e Ioanyske See ferslein yn 'e Slach by Zonchio, wêrnei't de Osmaanske float de Adriatyske See opfear en Friûly yn 'e jiske lei. Dêrop wie Feneesje twongen om Lepanto, Durrës, Methonia (Italjaansk: Modone) en Koroni (Corone) op te jaan.

It waard noch helte minder, want tsien jier letter sleat paus Julius II de Liga fan Kameryk mei keizer Maksimiliaan I fan it Hillige Roomske Ryk en de keningen fan Frankryk, Napels (feitliks de Kroan fan Aragon) en Hongarije, dy't allegear mei begearige eagen nei de rike Fenesiaanske besittings seagen. Op 14 maaie 1509 waard Feneesje yn 'e Oarloch fan de Liga fan Kameryk ferpletterjend ferslein yn 'e Slach by Agnadello, wat ien fan 'e djiptepunten út 'e skiednis fan 'e republyk wie. De Feneto waard dêrnei beset troch Frânske en keizerlike troepen, mar hoewol't Feneesje de Apulyske havenstêden oan Napels ôfstean moast, waard paus Julius II him al rillegau gewaar fan it gefaar dêr't er syn eigen Pauslike Steat oan bleatstelle soe as er de Republyk Feneesje, de iennichste Noarditaljaanske steat dy't in fûst meitsje koe tsjin Frankryk en it Hillige Roomske Ryk, alhiel ferneatige wurde litte soe. Sadwaande briek der twaspjalt mank de leden fan 'e Liga fan Kameryk út, dy't Fenesiaanske diplomaten eksploitearje koene. Boppedat briek der op it fêstelân in opstân út yn 'e besette gebieten, wêrby't Andrea Gritti de stêd Padua yn july 1509 weromferovere en dêrnei mei súkses ferdigene tsjin nije Frânske en keizerlike oanfallen. Napels en de paus ferbrieken har bûnsgenoatskip mei Frankryk, en Feneesje wist ek Brescia en Verona op 'e Frânsen te weroverjen. Nei sân jier fan rottekrûddjoere oarlochfiering, dy't de republyk finansjeel op 'e râne fan 'e ôfgrûn brocht, wist Feneesje úteinlik al syn besittings op it fêstelân oan 'e rivier de Adda ta werom te krijen. Hoewol't dêrmei in nederlaach omset wie yn in oerwinning, betsjutte it foargoed de ein fan 'e Fenesiaanske ekspânsjedriuw.

In prosesje op it Piazza San Marco yn Feneesje, op in skilderij fan Gentile Bellini út 1496.

Underwilens diene de Osmanen oanhâldend oanfallen op Fenesiaansk Syprus. Dat begûn al fuortendaliks yn 1489 mei in wraam op it Karpasia-skiereilân. Yn 1539 fierde de Osmaanske float in oanfal út wêrby't de havenstêd Limassol ferwuostge waard. De Fenesianen hiene tsjin dy tiid de stêden Famagusta, Nikosia en Kyrenia fortifisearre, mar de rest fan Syprus lei iepen foar nije Osmaanske oanfallen. Yn 'e simmer fan 1570 sloegen de Osmanen fannijs ta, mar diskear wie it gjin koarte oanfal, mar in ynvaazjemacht fan 60.000 man, wêrûnder net inkeld ynfantery mar ek kavalery en artillery, dy't op 2 july fan dat jier ûnder lieding fan Lala Kara Mustafa Pasja sûnder wjerstân by Limassol oan lân gean koe. Neitiid folge it Belis fan Nikosia, dat op 9 septimber foel. Yn in orgy fan geweld waarden doe 20.000 boargers fan 'e stêd fermoarde. Nei't it nijs fan dat bloedbad him as diggelfjoer oer it eilân ferspraat hie, joech Kyrenia him in pear dagen letter sûnder slach of stjit oer, mar Famagusta ferdigene him op heldhaftige wize by in belis dat duorre fan septimber 1570 oant augustus 1571.

De fal fan Famagusta wie de ein fan it Fenesiaanske en it begjin fan it Osmaanske bewâld op Syprus. Twa moanne letter brochten de feriene floaten fan 'e Hillige Liga (Feneesje, Spanje, de Pauslike Steat en de Ridders fan Sint-Jan fan Malta), ûnder befel fan Don Juan fan Eastenryk, de Osmaanske marine in ferpletterjende nederlaach ta yn 'e Slach by Lepanto. Syprus bleau lykwols ûnder in Osmaansk bestjoer dat dêr mear as trije iuwen duorje soe.

Sebastiano Venier, de befel-hawwer fan 'e Fenesiaanske float yn 'e Slach by Lepanto.

Yn 1606 rekke de Republyk Feneesje yn in heechoprinnend konflikt mei de Hillige Stoel behelle, dat begûn doe't twa geastliken oppakt waarden foar lichte misdriuwen en it Fenesiaanske regear in wet ynfierde dy't it rjocht fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke beheinde om lânerijen op te keapjen. Paus Paulus V wie fan betinken dat de nije wet sawol as it arrestearjen fan geastliken tsjin 'e tsjerklike wet yngie, en easke dat beide saken weromdraaid waarden. Doe't Feneesje dat wegere, die de paus de hiele republyk yn 'e ban, wat betsjutte de hillige sakraminten oan gjin inkele ynwenner noch tatsjinne wurde mochten. It Fenesiaanske regear negearre dat en oardere alle geastliken yn 'e republyk om gewoan harren preesterskip út te oefenjen. Dêryn krige it de stipe fan 'e mûnts Paolo Sarpi, in skerpe polemyske skriuwer dy't datselde jiers noch oansteld waard as teologysk adviseur fan it regear. De ban waard yn 1607 opheft, doe't nei bemiddeling fan Frankryk in kompromis sletten wie. Feneesje stelde him dêrmei tefreden, om't it prinsipe yn eare holden waard dat nimmen, ek geastliken net, boppe de wet stiene.

Yn 'e twadde helte fan 'e santjinde iuw wie der wer geduerich oarloch mei it Osmaanske Ryk. Yn 'e Kretinzyske Oarloch, dy't oanhold fan 1645 oant 1669, ferlear Feneesje nei in heldhaftich, 24 jier duorjend ferset tsjin 'e Osmaanske belegering úteinlik Kreta, de wichtichste oerseeske besitting. Yn 1684, doe't it Osmaanske Ryk djip behelle wie yn 'e Grutte Turkske Oarloch tsjin Eastenryk, brocht Feneesje in leger oan lân op 'e Peloponnesos (of Moreä), it grutte skiereilân fan súdlik Grikelân. Dêrmei begûn de Moreaanske Oarloch, dy't trochgie oant it hiele skiereilân tsjin 'e ein fan 'e oarloch yn 1699 yn Fenesiaanske hannen foel.

It Fenesiaanske kastiel fan Palamidi yn it Grykske Nafplion.

Dy oerwinning hold lykwols gjin stân, en waard weromdraaid yn 'e lêste Osmaansk-Fenesiaanske Oarloch, dy't yn 1714 útbriek en oant 1718 duorre. Behalven de Peloponnesos giene dêrby teffens de súdlike Ioanyske Eilannen ferlern. De Osmanen diene ek in wraam op Korfû, it noardlikste fan 'e Ioanyske Eilannen, mar dy oanfal waard ôfslein. By de Frede fan Passarowitz, sletten op 21 july 1718, wûn Feneesje wat gebiet yn Albaanje en Dalmaasje, mar dat weage beslist net op tsjin it ferlies fan 'e Peloponnesos.

Dat ferdrach kin oanmurken wurde foar it begjin fan it ferfal fan 'e politike macht fan 'e Republyk Feneesje. Ekonomysk wie it mei de republyk al earder yn 'e nederklits rekke, trochdat de lannen fan West-Jeropa sûnt likernôch 1600 harren hannelswaar streekrjocht út 'e Oriïnt hellen troch de eigen keapfardijskippen dêrhinne farre te litten om Kaap de Goede Hoop hinne. Dêrtroch hie men dus gjin ferlet mear hie fan tuskenhannelers lykas de Fenesianen. As in seemacht rekke it mei de republyk no fluch yn it neigean: tsjin 1792 bestie de Fenesiaanske keapfardijfloat, dy't iuwenlang tûzenen skippen omfette hie, noch mar út 309 keapfarders. Hjirby moat oantekene wurde dat Feneesje yn dyselde tiid wol syn domein op it fêstelân fan noardlik Itaalje stevich yn 'e hannen hold. Dat gebiet rikte doedestiden suver oan Milaan ta, en in protte stêden dêre makken yn 'e achttjinde iuw krekt in grutte bloei troch, dy't mooglik makke wie troch de Pax Venetiae ("Fenesiaanske Frede").

It eastlike diel fan 'e Middellânske See om 1450 hinne. De Fenesiaanske besittings binne grien kleure.

Tsjin 1796 koe Feneesje himsels lykwols langer net mear ferdigenje, om't de marine noch mar fjouwer galeien en sân galjoaten omfieme. Yn 'e maityd fan dat jier waarden Eastenryk en it Piëmont-Sardynje yn noardlik Itaalje ferslein troch de Frânsen ûnder Napoleon Bonaparte. Doe't dy de alle kanten útflechtsjende Eastenrikers en Piëmontezen efterfolgen, krong er dêrby oer de Fenesiaanske grinzen hinne. Tsjin 'e ein fan it jier behearsken de Frânsen it grûngebiet fan 'e Republyk Feneesje oan 'e rivier de Adige ta, wylst de Eastenrikers Vicenza, Cadore en Friûly beset hiene. Nei de fjildtochten fan it iere foarjier fan 1797 sleaten Eastenryk en Frankryk op 18 april de Frede fan Leoben, wêrby't se temûk de oerbleaune oerseeske gebietsdielen fan 'e Republyk Feneesje opdielden. Eastenryk mocht de Fenesiaanske gebietsdielen yn Istrje, Dalmaasje en Albaanje anneksearje, wylst Frankryk him de Ioanyske Eilannen ta-eigene.

Nei in ultimatum fan Napoleon joech de lêste doge fan Feneesje, Ludovico Manin, de republyk op 12 maaie 1797 sûnder betingsten oan 'e Frânsen oer. Hy die ôfstân fan 'e troan, en de Grutte Ried ferklearre de Republyk Feneesje foar beëinige. Frankryk en Eastenryk sleaten dêrop in nije oerienkomst, it Ferdrach fan Campo Formio, wêryn't se besleaten om ek de rest fan 'e republyk ûnderinoar te ferdielen. De nije grins kaam deunby de rivier de Adige te rinnen. Alle lân westlik dêrfan waard ûnderdiel fan 'e Sisalpynske Republyk, in Frânske fazalsteat, wylst de rest, de stêd Feneesje ynbegrepen, de Fenesiaanske Provinsje fan Eastenryk waard. Hoewol't de Fenesianen yn 1815, nei ôfrin fan 'e Napoleontyske Oarloggen, op it Kongres fan Wenen, noch wol besochten om harren republyk nij libben yn te blazen, wie harren krewearjen om 'e nocht, om't Eastenryk der net oan tocht om it nije grûngebiet op te jaan. Neitiid waarden de Feneto en Friûly-Julysk Feneesje ûnderdiel fan it Keninkryk Lombardije-Feneesje, dat in kroanlân fan it gruttere Keizerryk Eastenryk waard.

In boatrace (regatta) op it Grutte Kanaal fan Feneesje (skildere yn 1740).

De steatsynrjochting fan 'e Republyk Feneesje wie in nuveraardige miks fan in republyk en in monargy. Hoewol't Feneesje yn namme in republyk wie, wie der neat demokratysk oan: de steat waard regearre troch in beheinde groep aristokratyske famyljes, dy't mei-inoar in oligargy foarmen. It miene folk hie yn Feneesje neat yn 'e molke te krommeljen, hoewol't it troch de machtige gilden noch wol ienige ynfloed útoefenje koe op it bestjoer. It steatshaad wie de doge (útspr.: ['do:ʤe], likernôch: "doodzjee"), oftewol de hartoch. Dy aadlike titel wie lykwols net erflik; ynstee wie it doge-skip in keazen amt (dat wol sizze: keazen troch de manlike aristokratyske Fenesianen).

Yn 'e iere jierren fan 'e republyk regearren de doge Feneesje op in hast wol autokratyske wize, mar harren macht waard troch de aristokrasy al rillegau beheind troch de ynfiering fan 'e promissione, in ûnthjit dat eltse nije doge ôflizze moast ear't er ynsward wurde koe. Fan gefolgen dielden de doge doe de macht mei de Grutte Ried (Maggior Consiglio), dy't bestie út 480 leden fan 'e aristokratyske famyljes. De steat waard sà ynrjochte dat de doge neat dwaan koe sûnder de Grutte Ried en de Grutte Ried neat sûnder de doge. Yn 'e tolfde iuw leine de aristokratyske famyljes de macht fan 'e doge noch fierder oan bannen troch yn 1175 de Lytse Ried (Minor Consiglio) op te rjochtsjen, besteande út seis adviseurs fan 'e doge. Dêrnjonken stiften se yn 1179 ek de Ried fan Fjirtich (Quarantia) as in heechste tribunaal.

In audiïnsje by de doge.

Yn 1223 waarden dy ynstellings kombinearre yn 'e Signoria fan Feneesje, dy't bestie út 'e doge, de Lytse Ried en de trije lieders fan 'e Ried fan Fjirtich. De Signoria funksjonearre as in soarte fan kabinet, mei de doge as 'premier'. Yn 1310 waard fierders de Ried fan Tsien oprjochte, wêrfan't de leden yn it geheim operearren. In nije ynnovaasje folge yn 1454, doe't it Heechste Tribunaal ynsteld waard, besteande út trije steatsynkwisiteurs dy't troch spionaazje, kontraspionaazje, strang yntern tafersjoch en in netwurk fan ynformanten bewissigje moasten dat Feneesje net ûnder de hearskippij fan ien hear of famylje kaam, sa't bgl. mei de Republyk Florâns bard wie. Ien fan 'e ynkwisiteurs, dy't bekend stie as il Rosso ("de Reade", fanwegen de kleur fan syn amtsklaad) waard keazen út 'e Lytse Ried, wylst de oare beiden, bekend as i Negri ("de Swarten", ek wer fanwegen de kleur fan harren amtskladen), út 'e Ried fan Tsien keazen waarden.

De Republyk Feneesje hie omtrint 1500 likernôch 2,1 miljoen ynwenners, wêrfan 200.000 yn 'e stêd Feneesje en 1,9 miljoen yn 'e Feneto, Friûly-Julysk Feneesje en de ûnderskate oerseeske gebietsdielen. Yn dy snuorje besloech de republyk in oerflak fan sa'n 70.000 km², sadat de befolkingstichtens 30 minsken de km² bedroech.

De offisjele taal fan 'e Republyk Feneesje wie yn 't earstoan it Latyn, en letter it Italjaansk. Dêrby gie it om it Italjaansk sa't dat sprutsen waard yn 'e stêd Feneesje, dat doedestiden noch net ûnderskaat waard fan oare foarmen fan Italjaansk. Mar eins giet it om wat tsjintwurdich de Fenesiaanske taal neamd wurdt, dy't sterk ferskilt fan en net ûnderling fersteanber is mei de Italjaanske standerttaal (dy't op it Toskaanske dialekt basearre is).

In reliëf fan 'e Fenesiaanske liuw yn Kotor (Montenegro).

De godstjinst fan 'e Republyk Feneesje wie it roomsk-katolisisme. Oare religyen wiene der foar de fêstige befolking net tastien, hoewol't islamityske keaplju der sûnder gefaar foar eigen feilichheid hannel driuwe koene.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.