[go: up one dir, main page]
More Web Proxy on the site http://driver.im/Springe nei ynhâld

Rambo (franchise)

Ut Wikipedy
Rambo
betinker David Morrell
eigner Lionsgate Films
lân Feriene Steaten
begjinjier 1982
einjier 2019
films
langspylfilms First Blood
Rambo: First Blood Part II
Rambo III
Rambo
Rambo: Last Blood
tillefyzje
tekenfilmsearjes Rambo: The Force
   of Freedom
spultsjes
fideospultsjes ferskaat, sjoch hjirre
literatuer
romans First Blood
Rambo: First Blood Part II
Rambo III
strips ferskaat, sjoch hjirre
muzyk
soundtracks First Blood
Rambo: First Blood Part II
Rambo III
Rambo
Rambo: Last Blood

Rambo is in Amerikaanske mediafranchise dy't bestiet út in filmsearje fan aksjefilms en ferskate adaptaasjes ta oare media. It oarspronklike wurk wie de film First Blood, better bekend as Rambo, oer John Rambo, in traumatisearre kommando út it Amerikaanske Leger en in feteraan út 'e Fjetnamoarloch. De film waard basearre op 'e roman First Blood fan skriuwer David Morrell, en wie sa'n súkses dat der neitiid fjouwer ferfolchfilms op makke waarden. De Rambo-franchise omfiemet fierders ferboekings, soundtrackalbums, in tekenfilmsearje, fideospultsjes en strips. Der is fan 'e oarspronklike film First Blood ek in autorisearre remake makke troch de Yndiaaske filmyndustry fan Bollywood. Anno 2020 hie de Rambo-filmsearje allinne al $819 miljoen opbrocht.

De Wikipedy hat ek in side First Blood (film).

Yn First Blood, better bekend as Rambo, wurdt de traumatisearre âld-kommando en feteraan út 'e Fjetnamoarloch John Rambo (Sylvester Stallone) yn Hope, in lyts Amerikaansk plakje op it plattelân fan 'e steat Washington, oansjoen foar in omrinner en ûnrêststoker. Nei't er sûnder jildige reden troch de pleatslike sheriff Will Teasle (Brian Dennehy) arrestearre is, wurdt er yn finzenskip mishannele troch de helpsheriffs. By Rambo ropt dat flashbacks op nei syn marteling yn in Noardfjetnameesk kriichsfinzenekamp. Hy wit te ûntsnappen en ferskûlet him yn it tuskenbeiden reinwâld fuort bûten Hope, dêr't de sheriff en syn mannen in driuwjacht op him begjinne. Kolonel Sam Trautman (Richard Crenna), Rambo syn eardere befelfierend ofsier, warskôget de sheriff dat Rambo in ekspêr is yn guerrilja-oarlochstaktiken en oerlibjen yn 'e wyldernis, mar de sheriff wol net harkje, wat liedt ta in dramatyske konfrontaasje.

First Blood waard regissearre troch Ted Kotcheff nei in senario fan Michael Kozoll, William Sackheim en Sylvester Stallone op basis fan 'e roman First Blood fan David Morrell út 1972. De film gie op 22 oktober 1982 yn premiêre, en brocht $156,2 miljoen op tsjin in budget fan $15 miljoen.

Rambo: First Blood Part II

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in side Rambo: First Blood Part II.

Yn Rambo: First Blood Part II beävensearret kolonel Sam Trautman (Richard Crenna) de frijlitting fan John Rambo (Sylvester Stallone), dy't sûnt de konfrontaasje by Hope yn 'e foargeande film yn 'e finzenis sit. Hy wurdt derop útstjoerd om yn Fjetnam klandestyn ûndersyk te dwaan nei de fraach oft dêr noch Amerikaanske soldaten út 'e Fjetnamoarloch kriichsfinzen holden wurde. Rambo kriget by it oanfurdzjen fan dy misje it befel it mooglike bestean fan sokke kriichsfinzenen te dokumintearjen, mar hy mei harren út noch yn net besykje te befrijen; dêrfoar sil letter in spesjaal ektraksjeteam stjoerd wurde. As Rambo yndie kriichsfinzenen oantreft en syn oarders yn 'e wyn slacht, komt er der op 'e nij allinne foar te stean en moat er him ferlitte op syn training om syn lânslju te rêden.

Rambo: First Blood Part II waard regissearre troch George P. Cosmatos nei in senario fan Sylvester Stallone en James Cameron. De film gie op 22 maaie 1985 yn premiêre, en brocht $300,4 miljoen op tsjin in budget fan $25,5 miljoen.

De Wikipedy hat ek in side Rambo III.

Yn Rambo III hat John Rambo (Sylvester Stallone) him ûnderwilens nei wenjen set yn in boedistysk kleaster yn Tailân, dêr't er in nij bestean opboud hat. As syn eardere befelfierend ofsier, kolonel Sam Trautman (Richard Crenna), him freget om mei te helpen by in geheime misje fan it Amerikaanske Leger om 'e Afgaanske mûdjahediin te befoarriedzjen yn harren ferset tsjin 'e Sovjet-besetting fan Afganistan, betanket er foar de ear om't er syn nocht hat fan oarloch. De misje rint út op in fiasko en Trautman wurdt finzen nommen troch kolonel Aleksej Zajsen (Marc de Jonge) fan it Reade Leger. Neitiid lit Rambo himsels oerhelje om him dochs mei de saak te bemuoien om syn âlde freon te rêden. Yn Afganistan jout er him by de mûdjahediin en bynt er de striid mei de Russen oan.

Sylvester Stallone as John Rambo yn Rambo III.

Rambo III waard regissearre troch Peter MacDonald nei in senario fan Sylvester Stallone en Sheldon Lettich. De film gie op 25 maaie 1988 yn premiêre, en brocht $189 miljoen op tsjin in budget fan $58 oant 63 miljoen.

De Wikipedy hat ek in side Rambo (film út 2008).

Yn Rambo libbet feteraan John Rambo (Sylvester Stallone), tweintich jier nei syn misje nei Afganistan yn Rambo III, noch altyd yn Tailân. Underwilens is yn it buorlân Birma de Saffraanrevolúsje oan 'e gong, in weach fan freedsume protesten tsjin 'e militêre diktatuer yn dat lân. As in doarp deunby de Taiske grins, dat bewenne wurde troch etnyske Karen, oanfallen wurdt troch troepen fan 'e Steatsried foar Frede en Untwikkeling (SPDC) (it Birmeeske leger), wurdt Rambo om help frege troch in groep Amerikaanske sindelingen, dy't wolle dat er harren de grins oer smokkelet foar in humanitêre misje om 'e slachtoffers fan 'e oanfal te helpen. Rambo foldocht oan dat fersyk, mar de sindelingen wurde al rillegau finzen nommen troch Birmeeske troepen. Dêrop hiert de lieding fan it tsjerkegenoatskip fan 'e sindelingen in team fan hierlingen yn om harren te befrijen. Rambo jout him by de hierlingen.

Rambo, yn guon lannen útbrocht as John Rambo en soms Rambo IV neamd om 'e film fan 'e oare dielen fan 'e franchise te ûnderskieden, waard regissearre troch Sylvester Stallone nei in senario fan himsels en Art Monterastelli. De film gie op 25 jannewaris 2008 yn premiêre, en brocht $113,2 miljoen op tsjin in budget fan $50 miljoen. De film is opdroegen oan 'e neitins oan Richard Crenna, de akteur dy't yn 'e earste trije Rambo-films de rol fan kolonel Sam Trautman spile en dy't yn 2003 ferstoar.

Rambo: Last Blood

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in side Rambo: Last Blood.

Yn Rambo: Last Blood libbet de op jierren reitsjende John Rambo (Sylvester Stallone) wer yn 'e Feriene Steaten, dêr't er oan 'e ein fan 'e foargeande film foar it earst yn tweintich jier wer weromkeard wie. Hy wennet op 'e ranch fan syn heit silger yn Arizona, dy't er runt yn 'e mande mei syn goede freondinne Maria Beltrán (Adriana Barraza). As Maria har beppesizzer Gabriela (Yvette Monreal) nei Meksiko reizget om har biologyske heit op te spoaren, wurdt se ûntfierd troch in frouljushanneler, dy't har ferkeapet oan 'e kriminele bruorren Martínez (Sergio Peris-Mencheta en Óscar Jaenada) om as prostituee eksploitearre te wurden. Rambo giet der efteroan en wit Gabriela mei help fan 'e Meksikaanske sjoernaliste Carmen Delgado (Paz Vega) werom te finen en te rêden, mar ûnderweis nei hûs ferstjert it fanke oan in oerdoazis drugs dy't har tatsjinne is. In breinroere Rambo set dêrnei útein mei in wraakkampanje om 'e organisaasje fan 'e bruorren Martínez te ferneatigjen.

Rambo: Last Blood waard regissearre troch Adrian Grünberg nei in senario fan Sylvester Stallone en Matthew Cirulnick. De film gie op 20 septimber 2019 yn premiêre, en brocht $91,4 miljoen op tsjin in budget fan $50 miljoen.

Mooglike takomstige films

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sylvester Stallone hat yn fraachpetearen ferskate ideeën op 't aljemint brocht dy't er hat foar eventuele takomstige Rambo-films. Yn in fyfde ferfolchfilm soed er Rambo bgl. beskûl sykje litte wolle yn in Yndianereservaat om't er Yndiaanske famylje hat. Ek hat er blyk jûn fan belangstelling foar it meitsjen fan in prequel oer John Rambo as teenager, foar't er psychologysk skansearre rekke troch de Fjetnamoarloch. Uteraard soed er sels yn sa'n film net de rol fan Rambo spylje kinne.

Rambo: The Force of Freedom

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in side Rambo: The Force of Freedom.

Rambo: The Force of Freedom is in Amerikaanske tekenfilmsearje dy't ien seizoen rûn, fan 15 septimber oant 26 desimber 1986. Nettsjinsteande dy't koarte rintiid waarden der 65 ôfleverings fan elts 25 minuten makke. De aksje-aventoeresearje folget John Rambo (Neil Ross), dy't fanút it (fiktive) Latynsk-Amerikaanske lân Tierra Libre ("Frijlân") lieding jout oan in spesjale kommando-ienheid dy't de Force of Freedom hjit ("Krêft fan 'e Frijheid" of "Taakgroep Frijheid"). Dêrmei bestriidt er yn Tierra Libre, mar ek yn oare dielen fan 'e wrâld, de paramilitêre terroristyske organisaasje S.A.V.A.G.E., dy't oanfierd wurdt troch generaal Warhawk (Michael Ansara).

Yn it ramt fan 'e Rambo-franchise ferskynden de folgjende soundtrackalbums:

De earste film fan 'e Rambo-franchise, First Blood, út 1982, waard oarspronklik basearre op 'e roman First Blood, út 1972, dy't skreaun wie troch David Morrell. Dyselde skreau ek de ferboekings fan 'e twadde en trêde film:

Yn 1986 waard ûnder de titel Rambo Adventures in Italjaanske stripsearje op basis fan 'e Rambo-franchise útbrocht troch Giorgio Pedrazzi. Yn 1988 brocht de Amerikaanske útjouwerij Blackthorne Publishing in ferstripping út fan 'e trêde Rambo-film, Rambo III. Yn 1989 ferskynde der ik in stripsearje mei as titel Rambo, dy't ek basearre wie op 'e mediafranchise.

Yn it ramt fan 'e Rambo-franchise binne de folgjende fideospultsjes ferskynd:

Bollywood-remake

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Original Entertainment, in filmstudio út 'e Yndiaaske filmyndustry fan Bollywood yn Bombay, sleat yn maaie 2013 in kontrakt mei Millennium Films, in dochterûndernimming fan Lionsgate, dat it auteursrjocht op 'e Rambo-franchise yn 'e hannen hat, om Hindytalige remakes te meitsjen fan First Blood en fjouwer oare films (The Expendables, 16 Blocks, 88 Minutes en Brooklyn's Finest). De remake soe yn 2020 útkomme, mar rûn fertraging op troch de koroanapandemy.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Rambo (filmsearje)
First Blood (1982) • Rambo: First Blood Part II (1985) • Rambo III (1988) • Rambo (2008) • Rambo: Last Blood (2019)