[go: up one dir, main page]
More Web Proxy on the site http://driver.im/Springe nei ynhâld

Ragman Rolls

Ut Wikipedy

De Ragman Rolls is de oantsjutting foar in samling dokuminten wêryn't de hege en lege adel fan Skotlân oan 'e ein fan 'e trettjinde iuw trou swarde oan kening Edwert I fan Ingelân. De namme ferwiist nei twa ûnderskate dokuminten, it iene út 'e perioade tusken de Konferinsje fan Norham, yn 1291, en de kroaning fan Jan fan Balliol, yn novimber 1292, en it oare datearjend út 1296, foarôfgeande oan 'e Earste Skotske Unôfhinklikheidsoarloch. Fan it earste dokumint binne twa kopyen oerlevere yn it argyf fan Westminster Abbey, dy't no bewarre wurde yn it Nasjonaal Argyf fan Grut-Brittanje, te Kew. In trêde kopy, dy't út 'e Toer fan Londen komt, leit no ek yn it Nasjonaal Argyf. Fan it twadde dokumint, dat ferskate eden fan trou en ûnthjitten fan fazalskip omfiemet dy't Edwert mei driging fan geweld fan 'e Skotten ôftwong, is ien kopy fan oerlevere yn 'e Toer fan Londen (no yn it Nasjonaal Argyf).

Yn 'e namme Ragman Rolls slacht it lêste part perfoarst op in boekrôle, mar de betsjutting fan ragman is ûndúdlik, al hat dat histoarisy der net fan wjerholden om deroer te spekulearjen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch: References dizze side.