[go: up one dir, main page]
More Web Proxy on the site http://driver.im/Springe nei ynhâld

Piet Dankert

Ut Wikipedy
Piet Dankert
politikus
echte namme Pieter Dankert
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 8 jannewaris 1934
berteplak Stiens
stjerdatum 21 juny 2003
stjerplak Perpignan
partij Partij fan de Arbeid
ûnderskiedings Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau
Grutoffisier yn de Oarder fan Oranje-Nassau
Grutoffisier yn de Oarder fan Leopold II
Lid Twadde Keamer
amtsperioade 1968-1981
Lid Europeesk Parlemint
amtsperioade 1979-1989,
1994-1999
Foarsitter Europeesk Parlemint
amtsperioade 1982-1984
Steatssekretaris fan Bûtenlânske Saken
amtsperioade 1989-1994
offisjele webside
Parlement.com, Piet Dankert

Pieter (Piet) Dankert (Stiens, 8 jannewaris 1934Perpignan, 21 juny 2003) wie in Nederlânske politikus útnamme fan de PvdA.

Dankert waard berne yn Stiens. Hy skreau him yn juny 1951 yn oan de Universiteit fan Amsterdam mei as ôfstudearrjochting Underwiis, dêr't er yn july 1953 syn Bachelor of Education helle. Dankert wurke fan febrewaris 1960 oant maaie 1963 as learaar maatskippijlear oan in Lyceum yn Gorinchem en wurke dêrnei fan maaie 1963 oant augustus 1971 as ûndersiker by it Koos Vorrink Ynstitút en wie direkteur fan septimber 1965 oant augustus 1971. Dankert siet fan septimber 1965 oant febrewaris 1968 yn it partijbestjoer fan de PvdA.

Dankert waard yn 1968 lid fan de Twadde Keamer. Dêr wie er wurdfierder foar Bûtenlânske Saken en Definsje en pleite er foar de fierdere Europeeske ienwurding yn de Europeeske Uny. Ein jierren santich stapte er oer nei it Europeesk Parlemint, wêrfan't er fan 1982 oant 1984 foarsitter wie. Yn it kabinet-Lubbers III (1989 -1994) wied er steatssekretaris foar Europeeske Saken. Neitiid waard er wer lid fan it Europeesk Parlemint.

Dankert profilearre him dêr ûnder oaren as begruttingsspesjalist en hie in sit yn de parlemintêre Assemblees fan de Ried fan Europa, de NAVO en de West-Europeeske Uny. Yn syn lêste termyn as Europeesk parlemintslid ivere er ûnder oaren foar de oansluting fan Turkije by de Europeeske Uny.

Dankert wie sûnt 1962 troud mei Paulette; tegearre hawwe sy in soan en twa dochters. Op 21 juny 2003 ferstoar Piet Dankert yn de âldens fan 69 jier yn syn twadde hûs yn it suden fan Frankryk.[1]

Yn 1992 spile Dankert mei yn de bernesearje Bassie & Adriaan: De Geheimzinnige Opdracht, ek bekend as Bassie en Adriaan op reis door Europa. As steatssekretaris fan Europeeske Saken lei er út wêrom't Bassie en Adriaan troch alle doetiidske lannen fan de EEG reizgen foar in heimsinnige opdracht. Dat wie om de bern mear leare te litten oer Europa. Yn elk doetiidsk EEG-lân wie in opdrachtjouwer beneamd en Dankert wie de Nederlânske opdrachtjouwer.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Tam Dalyell: Pieter Dankert, 3 july 2003.