[go: up one dir, main page]
More Web Proxy on the site http://driver.im/Springe nei ynhâld

Petgat

Ut Wikipedy
Petgatten ûnder De Feanhoop

Petgatten komme foar yn it feanlânskip, en wurde ek wol feanplassen neamd. De plassen wurde tsjintwurdich faak brûkt foar rekreaasje.

Petgatten binne ûntstien troch wiete ferfeanting. Dat útbaggeljen fan leechfean, middels in baggelbûgel, waard fan de 16e iuw ôf tapast by de winning fan turf ûnder de grûnwetterspegel. It útbaggele fean, waard op smelle stripen lein, de lisikkers, om te drûgjen wêrnei't de turf as branje tsjinne. Sadwaande waarden de plassen, de petten of petgatten foarme.

Lanskippen mei petgatten binne bygelyks de Nieuwkoopse plassen, it Nasjonaal Park De Weerribben en de Westbroekse Zodden; yn Fryslân: De Deelen, De Alde Feanen en dy by De Feanhoop.