[go: up one dir, main page]
More Web Proxy on the site http://driver.im/Springe nei ynhâld

Ponthrydyfen

Ut Wikipedy

Pontrhydyfen (of Pont-rhyd-y-fen) is in lyts doarp yn Neath Port Talbot yn Wales.

Pontrhydyfen
Akwadukt Pontrhydyfen

It doarp leit yn de delling fan de rivier Afan, op it plak dêr't de Afan en de lytsere Afon Pelenna yn elkoar oerrinne, in lytse 3 km benoarden it wat gruttere doarp Cwmafan en net sa fier fan de plakken Port Talbot en Neath.

It eardere mynboudistrikt (stienkoal) falt op troch twa grutte 19e iuwske brêgen oer de fallei: in spoarbrêge (the red bridge) en in earder akwadukt, yn it Welsk Y Bont Fawr hjitten ("De Grutte Brêge"). Dy lêste is troch John Reynolds boud yn 1825, is 140 m lang en goed 23 m heech en fersoarge de wetteroanfier foar de mânske wettertsjellen fan de heechovens yn Cwmavon. It akwadukt is no in fuotgongersbrêge.

Pontrhydyfen wie it berteplak fan de Hollywood-akteur Richard Burton, de teäter- en musicalakteur Ivor Emmanuel, de operasjonger Rebecca Evans en de Welske sjonger en lieteskriuwer Geraint Griffiths. It doarp hat in Richard Burton Appreciation Society.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]