[go: up one dir, main page]
More Web Proxy on the site http://driver.im/Springe nei ynhâld

Spaanske namme

Ut Wikipedy
De meast foarkommende efternammen per provinsje fan Spanje.

In Spaanske namme is de namme fan persoanen yn Spanje en Latynsk-Amearika (útsein Brazylje) en fan lju fan etnysk Spaansk of Latino-komôf om utens. Sokke nammen fertoane ek sterke oerienkomsten mei de nammen fan persoanen út oare eardere Spaanske koloanjes, lykas de Filipinen en Ekwatoriaal Guinee, mar dêrfoar jilde ôfwikende nasjonale wizânsjes. Spaanske nammen besteane yn 'e regel út ien of mear foarnammen (de nombre), folge troch twa efternammen (de apellidos). De earste dêrfan is ornaris de efternamme fan 'e heit fan 'e persoan yn kwestje, wylst de twadde de efternamme fan syn of har mem is. Tsjintwurdich is it lykwols ek mooglik om 'e efternamme fan 'e mem foarôf gean te litten oan 'e efternamme fan 'e heit, as dat by it oanjaan fan it bern by de boargerlike stân sa troch de âlden beslist is. Yn 'e measte gefallen wurdt de foarnamme plus de earste efternamme brûkt om in persoan te identifisearjen, en bliuwt it gebrûk fan 'e folsleine namme beheind ta rjochtsjildige dokuminten en oare formele omstannichheden.

Spaanske foarnammen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Simpele en gearstalde foarnammen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De foarnamme (nombre) fan in bern wurdt yn Spanje keazen troch de âldelju en om wetlik jildich te wêzen registrearre yn it Registro Civil ("Boargerlik Register"), in befolkingsregister. Yn it Registro Civil wurde opnommen: ien foarnamme en twa efternammen. De foarnamme kin in inkele, "simpele", foarnamme wêze, lykas Juan of Yolanda, mar ek in gearstalde foarnamme. In gearstalde foarnamme bestiet út twa foarnammen dy't beskôge wurde as dielen fan ien gehiel, lykas Juan Fernando of Yolanda María. (Dit is ferlykber mei hoe't foarnammen dy't oaninoar keppele binne mei in keppelstreekje, lykas 'Klaas-Jan', yn it Frysk en Nederlânsk oer it algemien beskôge wurde as ien gehiel, wylst de skriuwwize 'Klaas Jan' twa ûnderskate foarnammen oanjout.) It is lykwols mooglik om in bern dope te litten mei mear foarnammen, lykas yn it gefal fan prins Felipe Juan Froilán de Todos los Santos de Marichalár y Borbón, mar dat is in wizânsje dy't oer it algemien foarbeholden is oan âlde aadlike famyljes en oan it Keninklik Hûs. Wetlik sjoen hat dit gjin inkele wearde.

Beheinings by it jaan fan foarnammen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der binne amper beheinings foar it kiezen fan in foarnamme (simpel of gearstald) foar in nijberne poppe. Inkeld as de weardichheid fan it bern yn 'e knipe komt, grypt de oerheid yn. Aldelju kinne in bern dus gjin misledigjende namme jaan. Faak wurdt keazen foar it ferneamen fan in famyljelid, foar it ferneamen fan in hillige fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke of foar in oare tradisjonele Spaanske jonges- of famkesnamme. Foarhinne wiene der ek beheinings tsjin ferlytsingsfoarmen, bynammen en sprektaalfoarmen fan nammen en tsjin foarmen dy't ta betizing liede soene omtrint it geslacht fan it bern.

Yn 'e tiid dat Spanje suchte ûnder de brute diktatuer fan generaal Francisco Franco (1939-1979) wiene de foarnammen dy't oan bern jûn wurde mochten, beheind ta typysk Spaansktalige nammen (Antonio, Laura, ensfh.) en algemien kristlike nammen (Jesús, María, ensfh.). Dat gou ek foar minderheden as de Katalanen en de Basken, dy't harren bern gjin nammen yn harren eigen taal jaan mochten. Dat de Nederlânske fuotballer Johan Cruijff Franco trotsearre troch syn soan de Katalaanske foarnamme Jordi te jaan, is ien fan 'e redens wêrom't er yn Kataloanje noch altyd sa heech yn oansjen stiet.

Foarnammen en geslacht

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hoewol't it earste diel fan in Spaanske gearstalde foarnamme oer it algemien it geslacht fan it bern werjout, is dat by it twadde diel lang net altyd it gefal, benammen by jonges net. In protte jonges binne nammentlik (foar in part) ferneamd nei de Faam Marije, en hjitte dan bgl. Juan María, Jesús María of Luís María. In bekend foarbyld is de eardere premier fan Spanje, José María Aznar. Krektsa kin in famke ferneamd wurde nei Joazef fan Nazaret (de man fan Marije), en dan de foarnamme María José drage. By manlju wurdt María as diel fan 'e foarnamme by it skriuwen gauris ôfkoarte ta M. (José M. Aznar), Ma. (José Ma. Aznar) of M.a (José M.a Aznar). It is ûngebrûklik dat jonges oare famkesnammen krije as María en dat famkes oare jongesnammen krije as José.

Ofkoartings, gearlûkings, flaainammen en bynammen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ofkoartings en gearlûkings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ek famkes wurde gauris María neamd, en by harren wurdt der faak noch de namme fan in beskaat hillichdom, plak of religieus konsept oan taheakke, lykas María de los Ángeles ("Marije fan 'e Ingels"), María del Pilar ("Marije fan 'e Pylder"), María de la Luz ("Marije fan it Ljocht"), María de la Soledad of María Soledad ("Marije fan 'e Iensumens", ferwizend nei har fammesteat), María de los Dolores ("Marije fan 'e Drôvens") of María de las Mercedes ("Marije fan 'e Genede"). Froulju mei sokke nammen litte faak it María de los/las/la-diel fan harren foarnamme falle, en geane ynstee troch it libben as Ángeles (of Ángela), Pilar, Luz, Soledad, Dolores of Mercedes. Ek wurde sokke nammen wol gearlutsen ta Marian, Maripí, Mariluz, Marisol, Mariló, resp. Marimer.

Sokke gearlûkings fan 'e ûnderdielen fan in gearstalde foarnamme komme yn it Spaansk rûnom foar. Oare foarbylden binne: Anabel (fan Ana Isabel); Chemari (fan José María); Chumari (fan Jesús María); Glorimar (fan Gloria María); Jerra (fan Jesús Ramón); Josan (fan José Ángel of José Antonio); Josema (fan José Manuel); Juampa (fan Juan Pablo); Juáncar (fan Juan Carlos); Juancho (fan Juan Ignacio); Juáner (fan Juan Ernesto); Juánfer (fan Juan Fernando); Majo, Marijó of Mariajo (fan María José); Malena of Marilena (fan María Elena); Maribel (fan María Isabel); Maricarmen (fan María Carmen); en Marora (fan María Aurora).

Flaainammen, ropnammen en bynammen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oare ferbasterings fan Spaanske foarnammen komme troch it by wize fan flaainamme tapassen fan 'e ferlytsingsfoarmen -ito of -cito (foar jonges en manlju) en -ita en -cita (foar famkes en froulju). Foarbylden dêrfan binne: Carlito (fan Carlos); Carmita of Carmencita (fan Carmen); Crucita (fan Cruz); Evita (fan Eva); Jorgito (fan Jorge); Juanita (fan Juana); Juanito (fan Juan); Lucita (fan Lucía); Marita of Mariquita (fan María); Pablito (fan Pablo); Ramoncito (fan Ramón) en Tomasito (fan Tomás).

Ek komt it gebrûk fan ropnammen of bynammen in soad foar, dy't ornaris basearre binne op 'e flugge útspraak fan (in diel fan) de wiere foarnamme. Foarbylden dêrfan binne: Ari (fan Ariadna); Caro (fan Carolina); Charo (fan Rosario); Flor (fan Florencia); Jamín (fan Benjamín); Lola (fan Dolores); Lupe (fan Guadalupe); Maite of Mayte (fan María Teresa); Maripepa (fan María José); Nacho (fan Ignacio); Pepe (fan José); Pepita (fan Josefa of Josefina); Poncho (fan Alfonso); Quincho (fan Joaquín); Quique, ek stavere as Kike (fan Enrique); Ruy (fan Rodrigo); en Sandra (fan Alejandra).

Foar it gebrûk fan sawol flaainammen en ferlytsingsfoarmen as ropnammen en bynammen moat men yn Spaansktalige kultueren de oansprutsen persoan tige goed kenne. Yn oare Westerske maatskippijen wurdt ornaris de ropnamme fan persoanen yn 'e media brûkt en sels fermelden op fisitekaartsjes en soksoarte dokuminten, lykas yn it gefal fan Wim Kok (ynstee fan Willem Kok) en Bill Gates (ynstee fan William Gates). Soks is yn Spaansktalige kultueren lykwols ûnakseptabel en wurdt as tige ûnfatsoenlik beskôge. De iennichste útsûnderings op dy regel binne bekende persoanen dy't in flaai-, rop- of bynamme oannommen hawwe foar harren artystenamme, lykas de balletdûnser en goreograaf Nacho Duato (berne Juan Ignacio Duato).

It persintaazje fan 'e befolking fan 'e Spaanske provinsjes dat ien fan 'e tsien nasjonaal meast foarkommende efternammen draacht.

Spaanske efternammen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Folchoarder fan 'e efternammen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Behalven út in foarnamme bestiet in Spaanske namme út twa efternammen (apellidos). De earste efternamme fan in persoan is oer it algemien de efternamme fan syn of har heit (apellido paterno), wylst de twadde efternamme yn 'e regel de efternamme fan 'e mem (apellido materno) is. De heit en mem, dy't uteraard sels ek twa efternammen hawwe, jouwe dêrby inkeld harren earste efternamme troch oan 'e bern (oars soene efternammen mei eltse generaasje langer groeie). Dus as in man dy't Eduardo Fernández Garrido hjit mei in frou trout dy't María de los Dolores Martínez Ruiz hjit, en se krije in soan dy't José María neamd wurdt, dan sil de folsleine namme fan it jonkje neffens de Spaanske tradysje José María Fernández Martínez wêze.

Sûnt de ynfiering fan 'e Spaanske wet oangeande geslachtsgelikensens, yn 1999, is it lykwols tastien om dy folchoarder om te draaien (dus earst de apellido materno en dan pas de apellido paterno). In betingst dêrfoar is wol dat alle bern út ien húshâlding deselde efternammefolchoarder hawwe moatte. Yn 2013 gie fierders de regel yn, dat as de âldelju it net iens wurde kinne oer de efternammefolchoarder fan harren bern, in oerheidsfunksjonaris beslist wat de folchoarder wêze sil.

Yn it bûtenlân, benammen yn 'e Angelsaksyske wrâld, ferbine lju mei Spaanske nammen harren beide efternammen soms troch der in keppelstreekje tusken te setten. José María Fernández Martínez soe dan skreaun wurde as José María Fernández-Martínez. Dat besparret lju dy't net bekend binne mei Spaanske nammefoarmen in soad betizing en de drager fan 'e namme in protte útlizzerij. It is ek in maklike oplossing foar it ynfoljen fan formulieren dy't mar ien fakje hawwe foar de efternamme. Portegeeske nammen lykje sterk op Spaanske nammen en omfiemje ek twa (of mear) efternammen. Mar yn it Portegeesk is de folchoarder fan 'e efternammen krekt oarsom as yn it Spaansk: de earste efternamme is ornaris de efternamme fan 'e mem, en de twadde is yn 'e regel de efternamme fan 'e heit. Yn it gewoane spraakgebrûk wurdt by Portegeeske nammen dêrom allinnich de twadde efternamme brûkt (yn tsjinstelling ta de earste efternamme yn it Spaansk).

De folsleine namme wurdt yn 'e Spaansktalige kultuer by de measte minsken mar komselden brûkt, en dan hast noch inkeld yn rjochtsjildige dokuminten en oare tige formele omstannichheden. Normaal folstiet oer it algemien it gebrûk fan 'e earste efternamme. In man dy't José Antonio Gómez Iglesias hjit, soe dus yn 'e regel oansprutsen wurde as señor Gómez ("menear" of "de hear Gómez"). As men formeel wêze wol, kin men sa'nent ek oansprekke as señor Gómez Iglesias. Hy sil lykwols nea oansprutsen wurde as señor Iglesias, mei't de twadde efternamme nea los fan 'e earste efternamme brûkt wurdt. Dus de Kolombiaanske skriuwer Gabriel García Márquez, dy't ûnder syn beide efternammen bekendstiet, moat yn net-Spaansktalige teksten net koartwei Márquez neamd wurde, mar García of García Márquez.

It is net ûngebrûklik om, as de earste efternamme fan in persoan tige algemien is, de twadde efternamme ek yn minder formele sitewaasjes ta te foegjen, by wize fan ûnderskie. It is sels mooglik om 'e earste efternamme dan hielendal mar falle te litten (hoewol nea yn formele sitewaasjes). Dat wurdt bygelyks dien by de eardere Spaanske premier José Luis Rodríguez Zapatero, dy't yn 'e media yn 'e regel Zapatero neamd waard om't de namme Rodríguez ferlykber is mei De Jong of Jansen yn 'e Nederlânske kontekst. Itselde waard dien mei de eardere sosjalistyske foaroanman Alfredo Pérez Rubalcaba ("Rubalcaba"), mei de ferneamde toanielskriuwer Federico García Lorca ("Lorca") en mei de skilder Pablo Ruiz Picasso ("Picasso"). Dêrby moat oantekene wurde dat sok ynformeel nammegebrûk gjin ynfloed hat op it alfabetisearjen fan sokke persoanen yn bygelyks ynhâldsopjeften: Zapatero komt noch altyd ûnder de R fan Rodríguez, en Lorca ûnder de G fan García. De iennichste útsûndering op dy regel soe Picasso wêze kinne, waans namme suver as in artystenamme beskôge wurde kin. In oare reden om 'e earste efternamme yn ynformeel gebrûk falle te litten, kin wêze dat it in bûtenlânske namme is, dy't foar Spaansktaligen dreech út te sprekken is. Dat is bgl. it gefal mei de Oerûguayaanske skriuwer Eduardo Hughes Galeano, dy't bekend stiet as Eduardo Galeano.

Gearstalde efternammen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Elts fan 'e beide efternammen kin ek in gearstalde efternamme wêze, wat foar in noch langere namme soarget. Gearstalde efternammen ken men werom oan in keppelstreekje dat de beide parten mei-inoar ferbynt, of oan tuskenheaksels as de, dat "fan" betsjut, of y (of yn guon gefallen e), dat "en" betsjut. Sa kin in persoan oan in namme komme as Juan Pablo Fernández de Calderón García-Iglesias. Yn dit foarbyld is Juan Pablo de foarnamme, Fernández de Calderón de apellido paterno en García-Iglesias de apellido materno.

Mei troch sokke foarmen, mar ek troch oare omstannichheden, kin it soms ûnmooglik wêze om sûnder foarkennis fêst te stellen wêr't krekt de skiedslinen tusken de ferskillende ûnderdielen fan in Spaanske namme lizze. De skriuwer Sebastián Juan Arbó, bygelyks, waard troch de Amerikaanske Library of Congress (net de minste organisaasje) desennialang alfabetisearre ûnder de A fan Arbó, mei't men oannaam dat Sebastián Juan de foarnamme fan 'e man wie. It die lykwols bliken dat Juan eins syn earste efternamme wie, de apellido paterno. It wie in begryplike flater om te meitsjen, want Juan is in tige algemiene foarnamme en komt mar hiel selden foar as efternamme.

Famkesnammen fan troude froulju

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Spaansktalige kultueren feroarje froulju by it trouwen net fan efternamme, mar hâlde se harren famkesnamme. Yn beskate sitewaasjes, lykas tige formele gelegenheden (bals, banketten, soirées, ensfh.) kin de earste efternamme fan 'e man taheakke wurde efter de beide efternammen fan 'e frou mei it gebrûk fan it tuskenheaksel de ("fan"): María Carmen Álvarez Iglesias, dy't troud is mei in Juan Pedro Pérez Montilla, soe dan oantsjut wurde kinne as María Carmen Álvarez Iglesias de Pérez. Sokke foarmen komme yn it aldendeiske libben net foar en hawwe ek gjin inkele rjochtsjildige wearde.

Oerdracht fan Spaanske efternammen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Normale oerdracht fan efternammen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e oerdracht fan efternammen, sa't dy plakfynt neffens de Spaanske tradysje, wurde de apellidos maternos, de efternammen dy't fan memmekant trochjûn wurde, úteinlik eliminearre troch de foarrang dy't jûn wurdt oan 'e apellidos paternos, de efternammen dy't fan heitekant trochjûn wurde. De mem jout dan wol har earste efternamme troch oan har soan of dochter, mar dat wurdt harren twadde efternamme, dy't dêrtroch net trochjûn wurdt oan 'e beppesizzers. Hoewol't de wetjouwing dy't sûnt 1999 ynfierd is, it mooglik makke hat om fan 'e apellido materno de earste efternamme te meitsjen, binne der net in soad Spanjerts dy't dat dogge.

Patrilineêre nammetrochjouwing hat lykwols yn Spaansktalige maatskippijen net altyd de noarm west. Feitliks binne de hjoeddeistige nammetradysjes pas yn 'e midden fan 'e njoggentjinde iuw ûntstien. Earder wie it sa dat gauris de apellido materno as earste efternamme trochjûn waard. Ek kaam it wol foar dat bern in earste efternamme jûn waard dy't fan net ien fan beide âlden kaam, mar fan in pake of beppe. Reden dêrfoar koe wêze dat it in namme wie dêr't in hegere maatskiplike status oan ferbûn wie, bgl. fan 'e adel of de eigenierde stân (yn 'e Fryske kontekst soe men dan tinke kinne oan efternammen as Harinxma of Sminia). In oare reden koe wêze om 'e pake of beppe te flaaikjen en sa gruttere kâns op in beërf te meitsjen.

By oerwûne bern

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

As it om oerwûne bern giet, wêrby't de heit ûnbekend is of wegeret om it bern foar de wet te erkennen, wurde beide efternammen fan 'e mem trochjûn. Ornaris wurde se dêrby lykwols omwiksele, sadat it liket as is de mem troud mei immen dy't deselde efternamme hat as har eigen mem. Foarhinne, doe't der noch in slim stigma oan klibbe om bûten it houlik berne te wêzen, soarge dat derfoar dat 'de skande' net daliks foar eltsenien dúdlik wie.

By bern dy't te fûnling lein wiene, smiet it tapartsjen fan efternammen problemen op foar de amtners dy't dêrmei belêstge waarden, om't de efternammen fan 'e âldelju fansels net bekend wiene. Dat waard gauris oplost troch se efternammen te jaan as Iglesia ("tsjerke"), Iglesias ("tsjerken") of Cruz ("krús"), om't se grutbrocht waarden yn weeshuzen fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke. Ek waarden se faak ferneamd nei it doarp of de stêd dêr't se fûn wiene. De twadde efternamme koe dan Iglesia of Cruz wurde. Yn Aragon wie it in regionaal gebrûk om fûnlingen de efternamme Gracia of de Gracia ("graasje") te jaan, mei't it bern it yn 'e steek litten troch de âlden by de graasje Gods oerlibbe hie.

In oare opsje wie Blanco, dat ornaris "wyt" betsjut, mar dat yn dit gefal lêzen wurde moast as "blanko", yn 'e sin fan "ûnbekend". Om't Blanco yn 'e betsjutting fan "wyt" in hiel algemiene efternamme is, foel soks net op. Oars wie it mei de efternamme Expósito of Expósita (fan it Latynske expositus, letterlik: "bleatstelde", mei as betsjutting "fûnling"). Dy efternamme liet neat oan 'e ferbylding oer, en stigmatisearre fûnlingen en harren neikommelingen as lju út 'e leechste maatskiplike klasse, sûnder bekend komôf. Yn 1921 waard dêrom yn Spanje in wet oannommen dy't it mooglik makke om 'e efternamme Exposito/Exposita kosteleas feroarje te litten.

It tuskenheaksel "de" by efternammen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It foarsetsel de ("fan") wurdt by Spaanske efternammen soms as tuskenheaksel brûkt. Dêrby komme ek de foarmen de la, del (in gearlûking fan de el), de las en de los foar, allegear mei de betsjutting "fan de" (yn froulik inkeltal, manlik inkeltal, froulik meartal, resp. manlik meartal). As de foarnamme weilitten wurdt en de efternamme mei de begjint, mei dy sawol mei in haadletter as in lytse letter skreaun wurde, dus de staverings De la Torre en de la Torre binne beide tastien. Der binne twa redens dat 'de' en oanbesibbe foarmen yn Spaanske efternammen brûkt wurde.

Yn it foarste plak komt de foar yn gearstalde efternammen dy't besteane út in patronym en in toponym, sa't bgl. it gefal wie mei in grut tal conquistadores. Yn it gefal fan Gonzalo Fernández de Córdoba, om in foarbyld te nimmen, is Gonzalo de foarnamme en Fernández de Córdoba de earste efternamme, dy't bestiet út it patronym Fernández, it tuskenheaksel de en it toponym Córdoba. Oare foarbylden binne: Pedro López de Ayala en Vasco Núñez de Balboa.

Oard wurdt de brûkt as identifikator fan in aadlike namme, dy't ornaris op deselde wize foarme binne út in patronym en in toponym, útsein by de Spaanske keninklike famylje, dy't fan Frânsk komôf is en koartwei de Borbón hjit (fan it Frânske de Bourbon). It hawwen fan it tuskenheaksel de yn 'e efternamme betsjut yn Spaanske nammen (oars as yn Frânske nammen) lykwols net beslist dat men fan adel is, benammen net yn Kastylje en Baskelân, dêr't foarmen mei de tradisjoneel brûkt waarden om te ferwizen nei jins wenplak of berteplak.

Yn 'e sechstjinde en de santjinde iuw fersprate it gebrûk fan de him lykwols ek rûnom mei as bedoeling om (troch de aadlike konnotaasjes fan it tuskenheaksel) eltse mooglikheid foar te kommen dat men oansjoen wurde soe foar in Joad of in Moar. Sadwaande wiene der yn dy tiid withoefolle lju dy't har in namme mei de oanmeaten, lykas de skilder Miguel de Cervantes en de skriuwer Lope de Vega.

Neffens de hjoeddeistige Spaanske wetjouwing omtrint dit ûnderwerp, dy't datearret fan 1958, mei net ien dy't net al it tuskenheaksel de as ûnderdiel fan syn of har efternammen hat, it tuskenheaksel de noch oan 'e efternammen tafoegje. De iennichste útsûndering op dy regel is as in efternamme sûnder de foar in foarnamme oansjoen wurde soe. Dus by in bern dat Pedro Miguel Jiménez hjit, soe Pedro Miguel as in gearstalde foarnamme beskôge wurde kinne. As Miguel yn dit gefal eins de earste efternamme is, mei it tuskenheaksel de tafoege wurde om misbegryp foar te kommen, sadat de namme Pedro de Miguel Jiménez wurdt.

It tuskenheaksel "y" by efternammen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e sechstjinde iuw begûnen de Spanjerts harren earste en twadde efternammen te skieden mei it tuskenheaksel y, dat "en" betsjut. Foarbylden fan dat soarte nammen binne de Andalûsyske skriuwer Luis de Góngora y Argote (1561-1627), de Aragoneeske skilder Franciso José de Goya y Lucientes (1746-1828), de Andalûsyske skilder Pablo Diego Ruiz y Picasso (1881-1973) en de Madrileenske filosoof José Ortega y Gasset (1883-1955). Yn Latynsk-Amearika brûkten benammen geastliken soksoarte nammefoarmen, lykas de Salvadoraanske biskop Óscar Arnulfo Romero y Galdámez.

De nammefoarmen mei y waarden offisjeel makke troch de Ley de Registro Civil (de Wet op it Befolkingsregister) út 1870, dy't it gebrûk fan y ferplichte om 'e beide efternammen faninoar te skieden. De wiere nammen fan politisy as Felipe González Márquez en José María Aznar López binne sadwaande Felipe González y Márquez, resp. José María Aznar y López. Nettsjinsteande de wetlike ferankering wurde sokke foarmen yn it Spaansk mar sporadysk brûkt, oars as yn it Katalaansk, dêr't it oerienkomstige tuskenheaksel i yn algemien gebrûk is.

Krekt as de tafoeging fan de soarget de tafoeging fan y derfoar dat der dúdlikheid komt oer in earste efternamme dy't op it earste gesicht in foarnamme liket te wêzen. De namme fan 'e fysiolooch Santiago Ramón y Cajal, bygelyks, hie sûnder y skreaun wurden as Santiago Ramón Cajal, wêrby't Ramón in foarnamme liket te wêzen. De fuotballer Rafael Martín Vázquez (foarnamme: Rafael; efternammen: Martín Vázquez), dy't gjin y yn 'e namme brûkt, waard foar't er bekendheid krige gauris by fersin Vázquez neamd.

As de twadde efternamme begjint mei in I- (lykas Ibarra), in Y- (lykas de argayske foarm Ybarra) of de kombinaasje Hi- + in konsonant (lykas Higueras), wurdt it tuskenheaksel y automatysk ferfongen troch e (mei deselde betsjutting), om twa i-klanken efterinoar foar te kommen. In foarbyld fan sa'n namme hat bgl. de politikus Eduardo Dato e Iradier (1856-1921). It tafoegjen fan y of e is benammen handich om efternammen te skieden dy't gearstalde foarmen hawwe. In foarbyld is de politikus José María Álvarez del Manzano y López del Hierro, mei as foarnamme José María, as earste efternamme Álvarez del Manzano en as twadde efternamme López del Hierro.

It taheaksel h.

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Soms wurdt oan 'e nammen fan manlju it taheaksel h. tafoege. Dat is in ôfkoarting fan it wurd hijo, dat "soan" betsjut. It taheaksel h. hat dêrmei deselde betsjutting as "jr." yn it Frysk: it jout oan dat in man de soan is yn gefallen dat heit en soan persiis deselde namme hawwe. It Spaansk hat gjin foarm dy't korrespondearret mei it Fryske taheaksel "sr." Dus yn it gefal dat in heit en in soan deselde namme hawwe, bgl. Juan Gómez Marcos, sil de heit dy namme drage sûnder taheaksel, wylst de soan himsels Juan Gómez Marcos, h. neame sil.

Efternammen op -ez

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Spaanske efternammen dy't einigje op -ez binne fan oarsprong patronimen, mei't -ez safolle betsjut as "soan fan" (ferlykber mei -s yn Nederlânske efternammen as Willems en Peters). Der besteane in protte fan sokke nammen, mei as meast foarkommende:

  • Álvarez (soan fan Álvaro)
  • Benítez (soan fan Benito)
  • Díaz (soan fan Diego)
  • Domínguez (soan fan Domingo)
  • Enríquez (soan fan Enrique)
  • Estévez (soan fan Esteban)
  • Fernández (soan fan Fernando)
  • Jiménez (soan fan Jimeno),
  • Gómez (soan fan Gome)
  • González (soan fan Gonzalo)
  • Gutiérrez (soan fan Gutierre)
  • Hernández (soan fan Hernando)
  • Ibáñez (soan fan Iván of Juan)
  • López (soan fan Lope of Lupe)
  • Márquez (soan fan Marco of Marcos)
  • Martínez (soan fan Martín)
  • Méndez (soan fan Mendo)
  • Núñez (soan fan Nuño)
  • Pérez (soan fan Pedro)
  • Rodríguez (soan fan Rodrigo)
  • Ruiz (soan fan Ruy)
  • Ramírez (soan fan Ramiro)
  • Sánchez (soan fan Sancho)
  • Suárez (soan fan Suero)
  • Vázquez (soan fan Vasco)
  • Velázquez (soan fan Velasco)

Lykas te sjen is yn it boppesteande rychje is de foarm op -ez yn guon gefallen (Díaz, Ruiz) wat ferbastere rekke. Fierders moat hjirby oantekene wurde dat net eltse Spaanske namme dy't einiget op -ez in (ferstienne) patronym is. Om't yn in protte dialekten fan it Spaansk, benammen yn Latynsk-Amearika, de letters s en z itselde útsprutsen wurde, binne dêr staveringsfoarmen ûntstien op -ez dy't yn Spanje sels stavere wurde as -es. Foarbylden binne nammen lykas Chávez (Hugo Chávez), Cortez (Alexandria Ocasio-Cortez) en Valdez (Jeremy Ray Valdez), dy't yn Spanje stavere wurde as Chaves (Manuel Chaves González), Cortés (Hernán Cortés) en Valdés (Víctor Valdés).

Efternammen fan bûtenlanners

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Spanje brûke legal en yllegale ymmigranten gewoan harren eigen nammefoarmen. As se lykwols de Spaanske nasjonaliteit oannimme wolle, binne se wetlik ferplichte om tagelyk dêrmei in namme yn 'e Spaanske nammestyl oan te nimmen, d.w.s. mei ien (simpele of gearstalde) foarnamme en twa efternammen. As de persoan yn kwestje ôfkomstich is út in kultuer dêr't men mar ien efternamme hat, lykas Nederlân, is it wenst om 'e besteande efternamme te duplisearjen. In persoan dy't Jan Jansen hjit, soe dan dus Jan Jansen Jansen komme te hjitten. De Spaanske wet stiet lykwols ta dat de persoan yn kwestje de famkesnamme fan syn of har mem oannimt as twadde efternamme as hy of sy dat graach wol. Dus as de mem fan Jan Jansen berne wie as Sytske Klinkhamer, dan soe Jansen by it oannimmen fan 'e Spaanske nasjonaliteit dus Jan Jansen Klinkhamer komme kinne te hjitten.

Wat foarnammen oangeane, jilde by it oannimmen fan 'e Spaanske nasjonaliteit de normale regels dy't ek foar Spaanske poppen jilde. Dus as de persoan yn kwestje Jan Bernard Jansen hjit, sille de foarnammen Jan en Bernard as in gearstalde foarnamme opfet wurde en ek as sadanich wetlike jildichheid krije. Hat de persoan yn kwestje mear as twa foarnammen, dan sille alle ekstra foarnammen nei de twadde by it oannimmen fan 'e Spaanske nasjonaliteit harren wetlike jildichheid ferlieze, want Spanjerts kinne mar ien (gearstalde) foarnamme hawwe.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes and References, op dizze side.