[go: up one dir, main page]
More Web Proxy on the site http://driver.im/Springe nei ynhâld

Slachtosk

Ut Wikipedy
In savanne-oaljefant mei grutte slachtosken.

In slachtosk is by beskate soarten sûchdieren in tosk fan ekstreme lingte, dy't nea ophâldt mei groeien en nei bûten ta stekt as de bek ticht is. Behalven by sûchdieren binne slachtosken inkeld bekend fan disynodonten, in ier skaai fan synapsiden. De oantsjutting 'slachtosk' betsjut letterlik: "in tosk om mei te slaan". Yn 'e regel komme slachtosken yn pearen foar. Bisten dy't twa slachtosken hawwe, binne bgl. oaljefanten, in protte baarcheftigen, nylhoarsen, walrussen en ferskate primitive harteftigen, lykas muskusharten, muntjaks en de Sineeske wetterree. De narwal, in walfiskeftige, beskikt mar oer ien inkele slachtosk, dy't de draaide foarm fan in heliks hat. By de measte soarten binne slachtosken by mantsjes ornaris grutter as by wyfkes, en by guon soarten hawwe mantsjes wol, mar wyfkes gjin slachtosken (bgl. it everswyn).

De beide slachtosken fan moderne oaljefanten en dy fan ferskate útstoarne slurfdieren, lykas de wolhierrige mammoet, binne fysiologysk sjoen de boppeste snijtosken. By de measte oare bisten binne de slachtosken eins de boppeste hoektosken. By inkele útstoarne slurfdieren, lykas de Deinotherium, groeiden de slachtosken lykwols just út 'e ûnderkaak en wiene it eins de ûnderste snijtosken.

Slachtosken kinne in ferskaat oan funksjes hawwe, ôfhinklik fan 'e soarte en it spesifike eksimplaar dêr't se fan binne. Sa kinne se brûkt wurde foar fertoan fan dominânsje, gefjochten mei soartgenoaten om dominânsje fêst te stellen (frijwol útslutend by mantsjes) en ferdigening tsjin rôfdieren. Oaljefanten brûke harren slachtosken fierders om mei de graven en te boarjen, wylst walrussen der op 'e seeboaiem fretten mei loswrikke en se ek ynsette om harsels út it wetter op it see-iis te skuorren en om azemgatten yn it iis te bikjen.

Slachtosken binne makke fan ivoar, dat yn it ferline (en no noch wol) troch minsken brûkt waard as materiaal om snijwurk, juwiellen en oare artefakten fan te meitsjen. Ek waarden der foarhinne de toetsen fan piano's fan makke. Sadwaande waarden slachtoskdragende bisten, yn it bysûnder oaljefanten, bleatsteld oan oerbejaging, dêr't se fan drigen út te stjerren. De ivoarhannel is dêrom troch de Konvinsje fan 'e Feriene Naasjes oangeande de Ynternasjonale Hannel yn Bedrige Soarten Wylde Floara en Fauna (better bekend as CITES) wrâldwiid oan bannen lein. Yn 'e measte lannen en territoaria fan 'e Westerske wrâld is hannel yn nij ivoar hielendal ferbean en bestiet der tige strang tafersjoch op 'e hannel yn antyk ivoar.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.