[go: up one dir, main page]
More Web Proxy on the site http://driver.im/Springe nei ynhâld

Sint-Martinustsjerke (Woudrichem)

Ut Wikipedy
Sint-Martinustsjerke
Lokaasje
provinsje Noard-Brabân
gemeente Altena
plak Woudrichem
adres Kerkstraat 35
koördinaten 51° 48' N 5° 00' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN
patroanhillige Martinus fan Tours
Arsjitektuer
boujier 14e iuw
boustyl lette gotyk
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 39576 [1]
Webside
Side herfoarme gemeente
Kaart
Sint-Martinustsjerke (Noard-Brabân)
Sint-Martinustsjerke

De Sint-Martinustsjerke is de midsiuwske stedstsjerke yn 'e Noard-Brabânske fêsting fan Woudrichem. De tsjerke is fan de herfoarme gemeente fan Woudrichem, mar wurdt ek brûkt foar eksposysjes fan keunstners. Yn 2021 fierde de tsjerke syn 400-jierrich bestean.

Oarspronklik soe yn de 7e iuw ien fan 'e gesellen fan Willibrordus yn Woudrichem in kapel stifte ha. De hjoeddeiske letgoatyske tsjerke datearret út de 15e iuw en wie foar de reformaasje oan Martinus fan Tours wijd. Yn dy tiid besiet de tsjerke tsien alters.

Yn 1573 stieken de wettergeuzen de stêd yn 'e brân om't hja benaud wiene dat de Spanjerts de stêd ynnimme soene. Allinne de muorren fan 'e tsjerke bleaune oerein. De weropbou duorre wat langer troch brek oan jild, mar waard mei help fan de Hollânske stêden lang om let yn 1621 foltôge. Yntusken wie de tsjerke in kalvinistysk tsjerkegebou woarn. De earste grifformearde dûmny fan ' e tsjerke waard yn 1585 oansteld. De tsjerke waard yn 1841 restaurearre en op 'e nij ferboud.

Oargel

De tsjerke is boud as krústsjerke. It fiifsidich sletten koer is âlder. De toer is foar in part ynboud troch't de sydskippen by de toer lâns langer binne.

De 34 meter hege toer is âlder as de tsjerke en hat in rikere arsjitektuer as it tsjerkeskip. De bline nissen fan 'e twadde ferdjipping binne fersierd mei rútfoarmige medaillons. Op 'e ferdjipping dêr't de klokken hingje hawwe de bline nissen rûne medaillons mei byldhoude kopkes fan greven, froulju en soldaten. De fjilden fan it bôgefries binne opfolle mei skelpen yn 'e iere renêssânse-styl. De toer hie in spits, mar ferlear dy by de stoarm fan 1717 ferlern. In rekonstruksje fan 'e spits hat nea plakfûn en yn 'e folksmûle wurdt de stompe toer dêrom 'Mosterpot' neamd. Yn 1933 folge by in restauraasje fan 'e toer de bou fan de balustrade.

De tsjerke wurdt oerkape mei houten tonferwulften. Nei de reformaasje waard it koer fan it skip troch in muorre skaat. By de yngong fan de doar fan it koer is út de roomske tiid in smelle hagioskoop bewarre bleaun.

Under it oargel leit it grêf fan Aernt van Eck en syn frou Cornelia van Sevender út 1613. By de restauraasje fan 1979 waard de foet fan it midsiuwske doopfont opgroeven, dêr't in nije doopfont op set waard. Yn 'e tsjerke stiet in hearebank.

De tsjerke besit in oargel efter in monumintale oargelkas, dy't ûnderdiel foarme fan it yn 1680 troch stêedhâlder Willem III skonken oargel oan de Kleastertsjerke yn De Haach. It oargel waard eartiids troch de gemeente oankocht foar 800 gûne en yn 1865 yn 'e tsjerke yn gebrûk nommen. By de restauraasje fan 'e jierren 1970 waard ûnder de wite farve bledgoud ûntdutsen. Sûnt is de oargelkas wer yn 'e oarspronklike kleuren werombrocht.

De firma Blank út Herwijnen hat yn 'e jierren 1980 in nij ynstrumint efter it histoaryske front boud.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: