[go: up one dir, main page]
More Web Proxy on the site http://driver.im/Springe nei ynhâld

Seneskalk

Ut Wikipedy

It amt fan seneskalk wie in hege post yn 'e hofhâlding fan aadlike huzen yn 'e Midsiuwen. Sa'nent hie likernôch deselde taken as in majordomo, en stie oan it haad fan it tsjinstfolk. Dêrnjonken wie in seneskalk yn it Keninkryk Frankryk ek in wichtige hofdignitaris, dy't sizzenskip hie oer de útoefening fan it rjocht en it ynjen fan belestings yn 'e súdlike provinsjes, krekt sa't de baljuw datoangeande sizzenskip hie oer de noardlike provinsjes. Fierders funksjonearre de seneskalk as de pleatsferfanger fan 'e kening. De post fan seneskalk waard foar it earst ynsteld troch Filips II Augustus fan Frankryk (reg. 1180-1223). Seneskalken waarden almeast foar it libben beneamd, mar de titel wie net oererfber.

It wurd 'seneskalk', wêrfan't de ierste oerlevering datearret út 'e twadde helte fan 'e fjirtjinde iuw, komt fan it Aldfrânske sénéchal. It Frânsk hie it as lienwurd oernommen fan it Anglo-Normandyske seneschal, dat wer kaam fan it Aldnederlânske *siniscalc of fan it Aldheechdútske senescalh. Dat wie in gearstalling fan *sini- of sene- ("âld", besibbe oan Latynsk senior) en scalc of scalh (letterlik: "jonge", mar hjir "feint"). Uteinlik wie it wurd in lienfertaling fan it Latynske senior scholaris, "haad fan de wacht".

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.