Schoonoord
Schoonoord | ||
Bestjoer | ||
Provinsje | Drinte | |
Gemeente | Coevorden | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 1870 (1 jannewaris 2015) | |
Oar | ||
Postkoade | 7848 | |
Koördinaten | 52° 51' NB, 6° 45' OL |
Schoonoord is in doarp yn de gemeente Coevorden (foar 1998 gemeente Sleen) yn de Nederlânske provinsje Drinte. It hie yn 2015 sa'n 1870 ynwenners.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It plak waard yn 1854 stifte nei it oanlizzen fan it Oranjekanaal. De namme waard betocht troch feanter Klijn, dêr't schoon ferwiist nei "kreas" of "moai". It neiere Schoonloo sil ek wol in rôl by de kar fan de namme spile hawwe.
It doarp waard boud op de kop fan in sânrêch, dy't heger as it omkringjende lân is. De earste bewenners wiene kanaalgravers dy't fan Smilde weikamen. Letter, doe't it neiere Odoornerveen oanmakke waard, kamen der ek feanters nei Schoonoord, dat ta in rom doarp útwoeks, trochsnien troch it Oranjekanaal.
Yn juny 1854 telde it doarp al 30 hûshâldings mei 148 ynwenners.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it ramt fan it hûndertjierrich bestean fan it doarp, waarden der in stikmannich spitketen en feanhûskes op in stik heidelân neimakke. Dat is njonkelytsen woeksen ta in iepenloftmuseum: it Ellert en Brammertmuseum.
Besuden it doarp leit it ferneamde hunebêd: de Papeloze kerk.
Nijsgjirrich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In ferneamd ferhaal út de omkriten fan Schoonoord is dy fan Ellert en Brammert, twa grutte rûge reuzen. It ien en oar spilet him ôf op wat no't it Ellertsfjild hjit.
Galery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Bylden fan Ellert en Brammert yn it Ellert en Brammertmuseum
-
It hunebêd de Papeloze kerk
-
It Oranjekanaal yn Schoonoord
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Ynformaasje oer Schoonoord (webstee fan de Gemeente Coevorden)
- Schoonoord en De Kiel (webstee fan it doarp Schoonoord - De Kiel)
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Schoonoord fan Wikimedia Commons. |
Coevorden | ||
---|---|---|
Stêd: Coevorden | ||
Doarpen: Aalden • Achterste Erm • Benneveld • Dalen • Dalerpeel • Dalerveen • De Kiel • Diphoorn • Eldijk • Erm • Gees • Geesbrug • 't Haantje • Holsloot • Langerak • Meppen • Nieuwe Krim • Nieuwlande (foar in part) ● Noord-Sleen · Oosterhesselen • Schoonoord • Sleen • Steenwijksmoer • Stieltjeskanaal • Veenhuizen • Wachtum • Wezup • Wezuperbrug • Zweeloo • Zwinderen | ||
Buorskippen: Ballast • De Haar • De Mars • Den Hool • Kibbelveen • Klooster • Padhuis • Pikveld • Schimmelarij • Vlieghuis • Weijerswold | ||
· · |