Saloon
- Dizze side giet oer it type bar. Foar oare betsjuttings, sjoch: saloon (betsjuttingsside).
In saloon (útspr.: [sə'lu:n], likernôch: "suh-lûûn") is in type bar dat assosjearre wurdt mei it Wylde Westen. De term is in Ingelske ferbastering fan it Frânske wurd salon. De kliïntêle fan sokke horekagelegenheden bestie út pelsjagers, houtsjers, cowboys, feeboeren (ranchers), komelkers en gerniers (farmers), gokkers, goudsikers, mynwurkers, soldaten en wetstsjinners lykas sheriffs en marshals. Der waard bier en sterke drank ferkocht, mar yn 'e regel ek waarm iten en net-alkoholyske dranken, lykas kofje. Faak koe der ek gokt wurde, en net selden fungearre de boppeferdjipping as bordeel.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De earste saloon waard yn 1822 iepene yn Brown's Hole, yn wat letter de Amerikaanske steat Wyoming wurde soe. De heechtijdagen fan 'e saloon foelen om 1880 hinne, doe't der bygelyks in Leavenworth (Kansas) sa'n 150 saloons wiene. Omtrint dyselde tiid begûnen saloons, benammen yn gruttere plakken, nauwe bannen oan te knoopjen mei brouwerijen. Om't de brouwerijen tsjin dy tiid in oerkapasiteit ûntwikkelen, betochten se nei Britsk foarbyld in systeem fan merkbehearsking, wêrby't se hannelsoerienkomsten mei saloons sleaten dêr't yn fêstlein wie dat de saloons inkeld noch by harren ynkeapje mochten. De Schlitz Brewing Company en in pear oare brouwerijen giene noch fierder troch sels lúkse saloons te bouwen.
Fan 1893 ôf sette de Anti-Saloon League, in feriening fan gehielûnthâlders, op guon plakken yn 'e Feriene Steaten útein mei demonstraasjes en oare protesten tsjin 'e saloons. Yn 1895 groeide dy beweging út ta in lanlike organisaasje dy't al rillegau de machtichste drûchlizzingslobby fan 'e Feriene Steaten waard, en dêrmei âldere lyksinnige aksjegroepen, lykas de Woman's Christian Temperance Union en de Prohibition Party, yn it skaad stelde. De Anti-Saloon League lobbyde by alle oerheidsnivol's foar in ferbod op it brouwen en ymportearjen fan sterke drank, bier en wyn. Ek waard yn guon plakken de plysje ûnder druk set om 'e fergunnings ôf te nimmen fan saloons dy't froulju of minderjierrigen talieten of dy't de slutingstiden oan har lears lapen.
De macht fan 'e League berikte yn 1920 in hichtepunt, doe't mei de ferankering fan it Achttjinde Amendemint yn 'e Amerikaanske Grûnwet de Drûchlizzing fan 'e Feriene Steaten in feit waard. Dat hie lykwols net it effekt dat men der mei berikke woe. Der waard nammentlik noch hieltyd alkohol dronken, mar no temûk, sûnder dat der lykfol hokker tafersjoch op wie. Yn 1933 litte de Anti-Saloon League in definitive nederlaach doe't de Drûchlizzing opheft waard.
Oansjen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hoe't in saloon derút seach, koe sterk ferskille, ôfhinklik fan plak en tiid. Iere saloons en gelegenheden yn lytse buorskippen of op ôfhandige lokaasjes wiene ornaris rûch boude gefallen mei minimaal meubilêr en amper fersierings. Sokke saloons wiene gauris makke fan hokker materiaal mar foar hannen wie. By 't winter waarden se faak waarm holden troch in inkele houtkachel. Neigeraden dat plakken grutter waarden, groeiden de saloons ek grutter en waarden se almar lúkser en eleganter. Yn sokke gelegenheden wie foar de barkeeper syn eigen fersoarge foarkommen en dat fan 'e saloon faak in kwestje fan persoanlik prestiizje. Lúksere saloons ferfollen faak tagelyk ek de funksje fan hotel.
Op waarmere lokaasjes hiene saloons faak in karakteristike doar, besteande út twa beide kanten útslaande 'saloondoarkes', dy't op knibbelhichte begûnen en oan it boarst ta rikten. Faak rûn de bopperâne fan 'e beide doarkes yn 'e midden mei in kromjende line nei ûnderen ta, en wiene se net makke fan solide hout, mar wiene it lûvredoarren. Ta it ynterieur hearde fierders frijwol altyd in tooch, dêr't de barkeeper efter stie, en tafels mei stuollen foar de klanten.
Fierders koe it frijwat ferskille hoe't saloons derút seagen, en behalven mei plak en tiid hie dat ek te krijen mei de etnyske groep dy't der betsjinne waard. Sa joegen de Ieren de foarkar oan in tooch dêr't men by stean moast, dêr't benammen whiskey skonken waard en dêr't froulju inkeld by de efterdoar betsjinne wurde koene. Saloons foar Dútsers wiene folle feller ferljochte, en wiene wat it ferkeapjen fan iten oangie suver in restaurant allyk, wylst men jins bier yn sokke gelegenheden oan in tafel dronk en net oan 'e tooch. Ek Skandinaviërs, Griken, Italjanen en oaren hiene saloons mei eigen skaaimerken.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|