[go: up one dir, main page]
More Web Proxy on the site http://driver.im/Springe nei ynhâld

Naaie

Ut Wikipedy
De naaister fan Bouguereau

Naaie is in âld ambacht, wêrby't doek, lear, bistehûden, bûnt of oare materialen mei in nille en jern stikt wurde. Nei alle gedachten wurdt it al dien sûnt ± 30.000 f.Kr.; yn hast alle âlde bekende kultueren binne oanwizings fûn dan men it ambacht ûnder de knibbel hie. Tsjintwurdich wurdt naaien benammen dien om klean en húshâdingsmeubilêr as gerdinen, stoffearing en bêdeguod te reparearjen. It wurdt ek brûkt by de fabrikaazje fan seilen, blaasbalgen en oare foarwerpen dy't út fleksibele materialen bestaan, lykas kanvas en lear.

Yn de yndustriële wrâld wurdt naaien dien troch masines, mar guon minsken naaie klean foar harsels en of harren famylje.