[go: up one dir, main page]
More Web Proxy on the site http://driver.im/Springe nei ynhâld

NTR

Ut Wikipedy
NTR
medium Radio, telefyzje
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
taal Nederlânsk
oprjochte 2010
haadkertier Hilfertsom
ûntfangstgeb. Nederlân
eigner n.f.t.
webside Webstee

De NTR is in Nederlânske publike omrop, dy't yn 2010 ûntstien is út in fuzje fan de Nederlandse Programma Stichting (NPS), Teleac en RVU. De namme is gearstald út de begjinletters fan syn trije foargongers.

De NTR is, krekt as de NOS, in wetlike taakomrop mei yn de Mediawet 2008 fêstleine taken op it mêd fan edukaasje & ynformaasje, keunst, kultuer, jongerein en ferskaat. Binnen dy taken wol de NTR in breed en ûnderskaat programmaoanbod ta stân bringe, mei each foar kwetsbere tema's, sjenres en doelgroepen, dy't oars ûnderbeljochte bliuwe. Dizze taakstelling spesjale programma's te meitsjen foar de ûnderskate doelgroepen komt ek werom yn de slogan Spesjaal foar elkenien.

De NTR is ûntstien út de omroppen NPS, Teleac en RVU, wat werjûn wurdt yn it streamdiagram hjirûnder:

Streamdiagram mei de formaasjeskiednis fan de NTR

Sûnt 1 september 2010 stjoere de trije omroppen meielkoar út as NTR. Joop Daalmeijer wie direkteur fan de NPS en waard de earste direkteur fan NTR. Nei syn pinsjoen op 1 septimber 2011 waard hy opfolge troch Paul Römer.

Op 1 jannewaris 2011 giene de trije omroppen op yn de Stichting NTR mei in ried fan tafersjoch laat troch Pieter van Geel (CDA).[1][2] Ier yn 2014 trede er ôf en waard opfolge troch Eric van der Burg (VVD).[3]

Sjoch NTR, Nederlânsktalige Wikipedy.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Pieter van Geel voorzitter omroep NTR Vera Verzijl, Villamedia.nl, 18 novimber 2010.
  2. pers.ntr.nl - NTR nu officieel, parseberjocht (downloadlink), 3 jan. 2011, rieplachte op 5 augustus 2013
  3. Eric van der Burg nieuwe voorzitter Raad van Toezicht NTR radiofreak.nl, 22 july 2014.