[go: up one dir, main page]
More Web Proxy on the site http://driver.im/Springe nei ynhâld

Matanzas (stêd)

Ut Wikipedy
Matanzas
San Carlos y San Severino de Matanzas
Bestjoer
Lân Kuba
Provinsje Matanzas
Sifers
Ynwennertal 154.149 (2011)
Oerflak 73 km²
Befolkingsticht. 486,3 / km²
Hichte 20 m
Oar
Stifting 1572, 1695 (stêd)
Tiidsône (UTC-5)
Offisjele webside
(sp) Ciudad de Matanzas
Stêd en provinsje Matanzas yn Kuba

Matanzas is in gemeente en havenstêd yn de provinsje Matanzas yn it noarden fan Kuba, sa'n 60 km beëasten Havana.

Matanzas wurdt wol 'stêd fan de brêgen' en it 'Feneesje fan Kuba' neamd, meidat der 17 brêgen oer de trije rivieren dy't troch de stêd rinne lizze (de Rio Yumuri, San Juan en Canimar). In oare bynamme wie ek La Atenas de Cuba ('It Atena fan Kuba') om reden fan syn dichters.

De stêd leit oan de Baai fan Matanzas, in seeëarm fan de Golf fan Meksiko. Yn 1628 spile him dêr de slach yn de Baai fan Matanzas ôf; de seefarder Piet Hein ferovere doe de Sulverfloat.

In stânbyld fan Piet Hein fan de hân fan de Rotterdamske byldhouwer Willem Verbon sjocht út oer de baai.

It stânbyld fan Piet Hein yn Matanzas

keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]